Krysttiid, diel 1: Geselligens

Skreaun troch Ken Ho

Yn Hong Kong wurdt sawol 25 desimber 2016 as de folgjende dei as hjeldagen fêststeld. Yn dizze perioade sjogge je dat de strjitten moai fersiere wurde, de winkelsintra yn kleurige ljochten gloeie, en eveniminten oeral organisearre wurde. Foar guon minsken kin dit bêst wol nijsgirrich en spannend wêze, om’t der folle te besjen en fan te genietsjen falt. Unbewust jouwe se mear út as gewoan, en geandewei wurdt de feest allinnich brûkt om produkten te keapjen en te ferkeapjen. It is net mear as in tiid wurden om ferkeapkundich talint sjean te litten.

En dat fyn ik spitich.

Geselligens is my it wichtigste foar ‘e Krysttiid, wannear’t leden fan in famylje gearkomme en it deistige libben mei-inoar diele. Mar ik sjoch in drokke feestfiering yn it stêdsinstrim as in berch tsjinop. Wat it gefaar derfan oanbelanget docht it bliken út it ûngelok yn Lan Kwai Fong yn 1992. Doe kaam jan en alleman dêrhinne om Krystjûn te fieren troch ôf te tellen. Folle minsken rakken swier ferwûn doe’t guon op it flier foelen en sy allegear begûnen op-inoar te stappen. Al soene wy fan it gefaar ôfsjean, dochs bliuwe wy ús hielendal net by-inoar belutsen fielen yn sa’n grutskalich publyk evenimint fan wat foar soart dan ek.

Mar yn in famylje fiele wy ús mei-inoar ferbûn en dit jout ús in waarm gefoel.

Wy sinezen beskôgje in famylje as in lytse mienskip, dêr’t eltsenien elkoar goed kent. Hoe’t wichtich it begrip fan in famylje is, docht bliken út ús siswize dat “der earst famyljes binne foar’t in naasje ta stân komt”. Oars sein, wurde je mear ferbûn mei je famylje as mei it lân dêr’t je in boarge binne.

Op 25 desimber 2016 binne we op besite gien nei de sus fan myn mem. Fier fan ‘e stêdsintra, wennet se tegearre mei harren man. Sy wiene allebei tige enthûsiast dat ús famlje oankamen, om’t it by harren somtiden wat iensum wêze kin. It iepenlik ferfier dêre is net sa tagonklik as yn oare plakken, mar dit kaam my krekt as noflik oer. Der wie ommers minder leven en wy koene safolle omtinken oan-inoar jaan as wy woene. Doe waard in fjoer oanstutsen yn ‘e tún om wat sineesk iten mei ta te rieden. Doe’t ik dernjonken siet en nei de baarnde reade flam seach, heugde it my ynienen oan myn ferbliuw yn Fryslân, yn it besûnder op Skylge.

Folslein tsjuster wie it dêre doe’t wy allegear rûnom in lege tafel sieten yn ‘e tún fan in man dy’t it Aastersk spriek. Hy hiet Richard van de Veen, en wie ien fan ‘e lêste sprekkers fan ‘e taal dy’t foarnammentlik sprutsen wurdt op it eastlike part fan Skylge. Syn frou joech ús lekkere koekjes en chocolade te iten en smaakfolle tee te trinken. De himmel wie noch justjes ljocht doe’t ús gesprek begûn, mar it waard folslein tsjuster doe’t it einige. Sadwaande brocht syn frou ûnderwilens folle kersen fan hûs wei, en pleatste se op ‘e tafel. Under gloeiende flammen hawwe wy mei-inoar fan gedachten útwiksele, en ik bin no noch hieltyd der ûnder de yndruk fan. Doe’t hy de bedoeling fan ús taalproject fernaam, nammentlik om ‘e Fryske streektalen te learen en te befoarderjen, fernuvere hy him en joech ús twaeën elts twa boeken oer de Aasterske taal. Wy wiene en binne noch hieltyd tige tankber. Oan’t no ta bin ik noch dwaande om my it Aastersk eigen te meitsjen.

It wie in werinnering dy’t tiidleas by my bliuwt.

Fan dizze swiete dream jaagt it drokke ferkear yn ‘e winkels my wer werom nei it hurde wurklikheid. Hat de hjelddei op 25 desimber folle mear oan te bieden as kâlde produkten dy’t te ruiljen is mei jild? Is frede sa djoer en ûntagonklik?

Hjir ferdjipje ik my yn it foljende artikel yn.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s