Krysttiid, diel 2: Joalich is eltsenien mei jûl

Skreaun troch Ken Ho

Sa’t it út it foarige artikel docht bliken, sit de tsjinwurdige feestfiering fan Krysttiid fol mei kommersjele eachmerken. It liket krekt as de earmelju der gjin rjocht op ha om mei te fieren, om’t de hiele feest op jild fundearre wurdt. Wol dit dan mar sizze dat het feest ta in útkard groepke minsken beheart, nammentlik de riken? Wat hie ik my fersind mei de bedoeling fan in publike hjelddei dy’t blikber ta algemien nut en nocht fêstlein is, wie it sa!

Yn in feest moat eltsenien joalich wêze, sa stiet it altyd by my. In joalige dei, sil ik in feestdei sa neame om frede en geselligens oan te tsjutten. En krekt hjirby leit in gâns ferhaal te fertellen, in tradisje dat eins op ‘e Friezen fan ‘e âldheid weromgiet.

Ear’t de Friezen fan leauwen feroare waarden, holden se noch in like grutskalich evenimint as de hjoeddeistige Krysttiid. Kâld wie it wier, en sa kamen se allegearre om ‘e fjoer hinne gear om wat waarmte te krijen. Hiel oars as wat wy ús foarstelle mei it each op ‘e drokte yn grutte stêden, hiene se gjin krimp oan spanning en geselligens. Rjochtoarsom koe eltsenien him folút fermeitsje mei it drinken en iten, sûnder dat se der genôch jild foar moatte hiene. Der bestie ommers gjin jildstelsel as it no it gefal is. Wat telde wie hoefolle je oft ien en oar fan tsjinst wiene. Jan en alleman stie ûnder de sfear fan belutsenens en bruorskip.

En it hiet – ek terjochte – jûl, wannear’t eltsenien joalich is.

Joalich binne dejingen dy’t net ferskillich fan-inoar behannele wurde, oft se ryk of earm binne. Wat dit oanbelanget lûdt in sineeske siswize as folget, “ (wy) genietsje tegearre it swiete, en (wy) ferdrage tegearre it bittere.” It persoanlik foarnamwurd “wy” wurdt net eksplisyt wjerjûn, om’t it al begripen wurdt. Der is gjin ik, sûnder “wy”. Alles giet fan it “wy” út.

En hjir hat de siswize ek folút geluk oan. Geselligens is ommers de boarn fan ús blidens. Lytse bern as sus en broer boartsje ek mei-inoar fol mei laitsjen en frede, oan’t se de bern fan ‘e oare famylje wat djoerdere spylguod waarnommen ha, dêr’t se gjin oanspraak op meitsje kinne. Geselligens rêst einlings op it dielen fan wat je sels ha, en hjir bestiet jûl út.

Fier fan it leven en de drokte waarden ferhaaltsjes ûnder jûl ferteld. Mei iepen hert liet eltsenien syn gefoelens troch wurden en gebear floeie. Mei’t jûl gâns tolve dagen duorre, waarden in hiel tichte ferbûnens opbouwd ûnder alle dielnimmers fan het feest. Dit stiet yn tsjinstelling fan ‘e hjelddei dy’t tsjinwurdich allinnich op 25 desimber plakfynt. Wat folle mear hjelddagen soene wy hawwe om fan ‘t kantoar fuort te wêzen as de âlde Fryske tradisje mar oerbleaun wie!

Mar hoe komt it derby dat wy no fan de langere feest net genietsje kinne? Wat is der misgien?

Nei’t de Friezen twongen wiene om Kristen te wurden, waarden de kultuer en gewoante ek oernommen troch de Romeinen. It falt dêrom te sizzen dat wat hjoed de dei Romeinsk, oftewol Kristlik, is, perfoarst bassearre wurdt op ‘e Fryske tradisje, hjirûnder jûl as in foarbyld.

Mar de Romeinen ha in hiel wichtige bedoeling fan jûl út it each ferlern. Sûnder dêrefter te kommen, bliuwt It antwurd foar de foljende fragen út, benammen: Wêr binne de minsken “joalich” foar mei jûl? Wat sa besûnder it is mei jûl dat minsken gearkomme moasten?

Dit en folle mear sil ik yn it lêste artikel behannelje litte.

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s