Skreaun troch Ken Ho
Nijsgirrich wurdt Krysttiid eins by de sinezen twaris fierd, de iene op 25 desimber, en de oare op in dei tusken 21 oant 23 desimber yn. Op it earste artikel fan dizze searje ha ik it oer ‘e westerske hjelddei hân op 25 desimber. No wol ik fierder yngean op ‘e sineeske tsjinhinger, Dongzhi.
Feestdagen wurde ornaris mei de sineeske kalinder berekkene, dy’t basearre is op de syklus fan sawol de moanne as op dejinge fan ‘e sinne. Sadwaande bestiet der in grut ferskil mei de gongbere westerske kalinder, de Gregoariaanske kalinder, dy’t neat oars is as in fuortbringsel fan ‘e Kristlike tsjerke. Yn ‘e ieuwenlange machtstriid dy’t troch de tsjerken fierd waard, binne grif in protte kennis út it ferline teloargien. Bygeliks witte we net mear wat foar ynfloed de beweging fan ‘e moanne en sinne ús oft op ús libben ha.
Neffens de sineeske lânboukundige kalender is Dongzhi de dei wannear’t de nacht it langst duorret. Tenei giet it stadichoan langer oerdeis. De namme Dongzhi betsjut letterlik “Wintersoankomst”. Op it mêd fan stjerrenkunde wurdt de dei fan Dongzhi ek as de oankomst fan it winter besjoen. It kipt him derút troch sinnekear, wannear’t de sinne him op in oare rjochting duwt. Krekt as in slinger dy’t it einpunt berikt hat, is se deroan ta om fan rjochting te feroaren. Ut ús Yin-Yang filosofy, beskriuwe we Dongzhi as de hichtepunt fan Yin, de frouljuskrêft, dy’t dêrnei swak wurdt yn foardiele foar Yang, de manljuskrêft. Sa’n omkear fynt wer plak op “simmersoankomst”, doe’t Yang syn hichtepunt berikt hat en pleatsmeitsje moat foar Ying. Sadwaande ferhâlde Yin en Yang yn in tsjin-inoar wurkjende wize.Soms hat de iene de boppehân, en soms jout de oare trochslach.
Yn dit opsicht, hat ús Dongzhi in protte te dwaan mei it Fryske wurd en feest Joel.
“Joel” komt út it âldnoarsk “hjól”, wat “tsjille”betsjut. Doe waard de sinne as in tsjille foarsteld, dy’t rôljende it waar beynfloede. Dat de tsjille ieuwich rôljet, hat in soad gemien mei de tsjinwurkjende krêften fan Yin en Yang, dy’t de wrâld yn lykwicht hâlde. Joel en Dongzhi binne dús feesten dêryn’t minsken gearkomme om nei it begjin fan alderhande libbensfoarmen út te sjean. Bisten binne ommers nammerste aktiver as it oerdeis langer duorret.
Under Dongzhi genietsje we fan loempia’s en klibberige rysballen. Ûnder ‘e sineeske keizerryk wennen sinezen faak yn in grutte hûzen. Dêre fine je stikmannige generaasjes fan minsken fan ‘e deselde âffaars. Mei’t sinezen doe folle mear bern te wrâld brochten as it no it gefal is, krije je der ek folle minsken te sjean. Mar hjoed de dei wennje de bern faak ferspried. Dit makket feestdagen lykas Dongzhi nammerste wichtiger, om’t de bern mei bernbern harren âlders op besite gean moatte. Sinezen stelle “Folsleinens” fan ‘e famylje op priis, en dizze winksen wurde yn it rûne en klibberige iten wjerspegele. Wat rûn is, is ommers kompleet, en wat klibberich is, falt nea út-inoar.
No komme we wer werom oan it begjin fan dizze searje: 25 desimber, de Krysttiid, en de bedoeling derfan. We freegje ús ôf oft 25 desimber, in offisjele hjelddei, folle mear betsjut as in tiid fan keap en ferkeap. Nei sa’n lange syktoch dy’t troch trije artikels hinne rint, liket it antwurd teloarstellend. Behalven in bettere oansluting op in tiidstelsel dat mar yn teken fan ‘e tsjerklike macht stiet, biedt de fêstlizzing net folle mear oan. Wat wittenskip oanbelanget, is 25 desimber in gewoane dei, wylst Dongzhi en Joel de dei fan sinnekear útdrukke. Wat geselligens oanbelanget, is 25 desimber in dei fan ‘e riken, wylst Dongzhi en Joel leafde yn ‘e famylje en in sterke bruorskip befoarderje.
Lit ús mar net ferjitten dat Joel tolve dagen lang duorre. As it mar no wer ynfierd wurdt, hawwe we njonken ús drokke baan folle mear tiid om ús freoen en famylje te moetsjen. Wat grut is myn winsk om wer werom nei Fryslân ta te kommen om it lange feest mei ús leave Friezen te fieren! Wat gesellich soe it wêze as wy allegear rûnom in fjoer sitte en oer ús deistige libben fertelle!
Dat moat prachtich wêze.
Fryslân, it lân fan myn dream.