In nij jier bringt nije mooglikens mei him mei. Der stiet noch neat fêst fan wat yn it jier 2017 barre sil. Sa’n grutte spylromte wekt sawol opluchting as eangst. De takomst is ommers ûnwis. Sadwaande freegje ik my faak ôf, hoe’t ik it grutste baat by it kommende jier fyn.
In weromblik nei it ôfrûne jier joech my dan it bêste antwurd.
Fanôf 24 juni 2016 krige ús taalproject de ôftraap om de Fryske taal, kultuer en skiednis te behâlden en te befoarderjen. Myn oankomst yn Frylân hat sawol foar my persoanlik as foar ús project in soad oplevere. Der is begelyks in protte media-oantinken fia ús, de taalduo, jûn oan ‘e Fryske taalsituwaasje yn Fryslân. Fierder kamen wy yn kunde mei in protte nijsgjirrige minsken dy’t harren ek hurd meitsje foar itselde doel as wysels. Tinke je oan menear Tsjead Bruinja, de ferneamde Fryske dichter dy’t wy yn Grins ûnder it eveniment fan “Dichters in de Prinsentuin” moeten en dêrnei ek yn Amsterdam in noflike moeting mei hiene. En oan menear Piek Sprik, de foarsitter fan “Vereniging Immaterieel Erfgoed Hindeloopen”, dy’t us in rûnlieding jûn hat yn it Het schaatsmuseum yn Hylpen nei in swiet miel yn in pannekoekrestaurant ticheby. Dit koart, mar spannend begjin fan ús project sleat him moai ôf mei ynterviews mei sawol de radio (3FM) as mei de tillevysje (omrop Max).
Sûnt ‘e weromreis yn Hong Kong op 21 septimber 2016, hold ik my dwaande mei it opskriuwen fan myn belibbenis yn Fryslân, yn gearwurking mei Dyami Millarson, myn taalmentor. De skriuwtaal is yn it Frysk, om’t it boek foar Friezen ornearre wurdt. Sa’t ik sa’n moaie werinneringen út Fryslân oanbean krigen ha, wol ik in like moai kado weromjaan. It wurdt as in roman skreaun, dy’t lêzers loftich lêze kinne. Troch myn ûnderfining wol ik it boadskip nei foaren bringe, dat it Frysk yn ús libben wichtich is. Wat Friezen Frysk makket is net allinnich de taal, mar ek de kultuer en skiednis. Hjir wol ik folút it measte oantinken foar lûke yn it boek.
Sa’n fluchtige weromskôwing hat my in gefoel fan wissigens jûn foar it kommende jier. Al bliuwt ús takomst noch hieltyd heal wis, dochs foarsist ús ferline al in part derfan. It jier 2016 jout my ommers hâldfêst om yn 2017 mei te hanneljen.
Yn 2017 sille wy ús taalproject trochsette. As ûnderdiel hjirfan wolle wy it boek sa gau as mooglik ree meitsje. Wy hoopje ek dat Friezen sûn en lokkich bliuwe!
Folle lok en seine yn it nije jier!