Ferstân en gefoel, diel 1: Wêrom leit it gefoel as ûnderwerp sa tear?

Skreaun troch Ken Ho

Gefoel, wat tinke je as men it deroer hat? Hoe anderje je as men nei je miening deroer freget? Of liket it je folslein ûnmooglik dat je dit mar ris benei komme sille.

Jawis, it fraachje is gek, it tafriel ûnwierskynlik, en je hawwe der folút gelyk oan om der gjin omtinken oan te jaan.

It praat oer gefoel jaget ús ommers de grize op ‘e lea.

Fan jongs ôf oan binne we leard om ús gefoelens nea iepenlik sjen te litten. As de iennichste útsûndering jilde de bertlingen dy’t harren ferlet oan it iten allinnich troch te gûlen úterje kinne. Foar oaren wurde driftbuien om lilkens , it gûlen fanwegen

eangst en frustraasje, it blaaien út reden fan jaloerzy en oare útdrukkingsfoarmen fan emoasjes swier oanpakt en besmoard. Skoalbern wurde oantrúnd harren gedachten ûnder wurden te bringen , studinten op heger ûnderwiis de redenaasje foar harren tinzen op papier te setten, en wurknimmers op kantoaren alles mei persoanlike ôfstân ôf te hanneljen, al sjogge se der tsjinoan. Koarts, alles moat saaklik en feitlik wêze, of alteast moat it derop likje.

Krektoarsom jout in diskusje oer it ferstân ús gjin oanstjit. Tinke je mar om de kennis dy’t út libbensûnderfining weikomt. “Dat sammelje je mei tiid”, soene je âlders sizze. En boekenkennis? “Dat komt fansels mei it trochsettingsfermogen”, soene de gelearden sa anderje. Sadree’t je ferwachtingsfol oanfiere dat folle ferneamde tinkers harren kennis liken sels ôfliede te kinnen sûnder boeken of leararen, en dat it gruttendiel minsken deryn net slagje soene oft se harren der folút foar ynspanne, dan krije je earsts lokkich in koart befêstigjend tuskenwurd “jawol”. Nei in skoftke folget jammerdearlik in “mar” derop. “Mar dat falt ta te skriuwen oan it lot. Sa is it en it kin net oars.” Hjirút docht it bliken dat ferstân ús gjin gefoelich ûnderwerp is.

En dit set me oan it tinken oan it ferskil yn mienskiplike miening oer beide begrippen, ferstân en gefoel. Ieuwenlang binne se oan heftige diskusje fan wiisbegearden bleatlein, dy’t de ferhâlding tusken de twaën besochten del te lizzen. Mar der is noch gjin ein kommen. Oant no ta witte we benammen noch net, wêrom’t it gefoel sa tear by minsken leit, wylst it ferstân net?

It gefoel wurket ommers as tsjoenderij, en is besmetlik.

Lytste bern jouwe de útwurking fan gefoelens dúdlik wjer. It behoegt gjin fierder útlis as nei in gûlend bern te sjen dat temidden fan in groepke oare bern pleatst wurdt. Al wiene de oare bern oarspronklik allegear fleurich, dochs beginne se hommels te gûlen yn neifolging fan harren nije bekende. Dat hjit meilytsumens. Sels is dit ek by folwoeksenen waar te nimmen, al is it seldsumer. Wy stiene ommers ûnder grutte sosjale drok om ús gefoelens út te stellen, oan’t wy hielendal allinnich mei ússels binne. Sjogge je mar ris nei bekendheden dy’t eltse dei it drok ha om te prestearjen op it mêd fan it sjongen, dânsjen, yn filmen spyljen en neam mar op. Dejingen dy’t it net witte harren te ûntspannen ferslaavje harren faak yn iten, alkohol of sels yn drugs. Sy kinne it nei alle gedachten net mear ferdrage, en dêrom moatte nei ferslaafmiddels keare om der tydlik fanôf te kommen. It is wol grif in fisieuze sirkel dy’t nearne ta liedt as ta lichemlike oandiening, gesichtsferlies, iensumens en úteinlik dea. Dit lit yn alle gefallen sjen dat gefoelens, derûnter de troch minsklike betrekkingen ûntstiene spanning, sûnder útere te wurden, harren gearheapje sille. Opternatens komt nei jierrenlang geduld mar fansels tefoaren.

It gefoel is dús op folle opsichten âldermachtichst.Mar je moatte der ek hiel hoeden mei omgean. Kalm en leaf as it wetter liket, kin it in boat sawol ophâlde, as ek omslaan, neffens in bekende Sineeske siswize. It gefoel is it wetter, en men moat net samar mei it gefoel spylje wolle.

Sa gefaarlik as in wylde bist dy’t driget oan ús kontrôle te ûntkommen, komme we it gefoel oan te sjen. It ferstân wurdt stadichoan brûkt om lêstige situwaasje te mijen of sels op te lossen. Mar alles kent syn grins foar nuttigens en hjir ûntkomt it ferstân ek net oan. Al sa skielik leauwe we deryn dat alles mooglik is mei ferstân, as oft der gjin ferlet mear oan gefoel is. Der wurdt mei begûn om it gefoel as ûnwinsklik te bestimpelen, en der hielendal oer te swijen.

Wat foar gefolgen hat sa’n opstelling tsjinoer it gefoel? Wat is de neiklap fan in bûtenwenstige klam op ferstân yn ‘e moderne tiid? Hjir sille we yn it folgjende artikel op yngean.

 

 

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s