Ferstân en gefoel, diel 2: Neidielen fan suver ferstân

Skreaun troch Ken Ho

It tsjinwurdige ôfkear oan gefoel komt út ús eagnst wei dat we sûnder opsetsin oer de persoanlike grins fan in oar hinne stappe soene, sa docht it bliken út it foarige artikel. Om it iepen plak te foljen wurdt it ferstân ynskeakele. Somtiden wurdt it sels brûkt om it gefoel hielendal te ferfangen. Mar dejingen mei de oertsjûging dat sokke deltwinging slagje sil, sille gauris teloarsteld wurde. It ferstân is ommers it mom fan it gefoel. Sadree’t it ôfsmiten wurdt, komt It gefoel jimmeroan wer boppeop. Dat we oan ús natuerlike oanstriid net lústerje, om ús gefoel te werkennen en te fersoargjen, komt allinnich yn ús neidiel. Dit docht him foar op trije mêden, benammen ús tinkwize, ús taalbrûk en ús omgongswize mei jan en alleman.

Mei ferstân allinnich wurde ús tinkwize sa feroare, dat alles oansjoen wurdt as parten en dielen, en nea as in gehiel. Sadwaande wurdt in beest gjin beest, mar in beweeglik foarwerp dat op fjouwer poaten wit te rinnen. Fierder binne skealike drugs gjin drugs, mar ferdôvingsmiddels dy’t je je better fielen litte. Al likje dizze beskriuwingen nearne op te slaan, dochs litte se sjen wat it risseltaat is mei it oermjittich bepartsjen fan in gehiel. Tinke je mar om in kat en in hûn dy’t op sokke wize mei-inoar ferlike wurde. As we mar om de dielen jouwe, en net om it gehiel, bestiet der eins gjin ferskil tusken in hûn en in kat. Se binne ommers alleagerre beesten mei fjouwer poaten en witte dermei te rinnen! Faaks liket soks je almeast op in grapke en kin it je net skele. Mar wat mei de werskriuwing fan de drugs? As se mar beskreaun wurde as fermeitsjemiddels en men de earnstige skea fan it ferbrûk benefterhâldt, dan is der bulte kâns dat drugsmisbrûk in slimmer probleem wurdt.

It gehiel wiist ús derop wat de dielen mei-inoar betsjutte. Sadree’t dat it gehiel út it each ferlern wurdt, ferlieze de dielen ek harren gearhing en nuttigens. Tinke je mar om in tillefoan dy’t âlderhande funksjes yn him hat. Wat it weardefol makket, is de wize dêrop’t de dielen mei-inoar ferbûn wurde. Itselde is mei de wittenskip, dy’t alles besiket út-inoar te heljen om ús in helderder blik te skeppen oer ‘e dielen. Al wurde alle dielen ien kear skerp fan-inoar ûnderskaat en krije se foar elts in útwreidze definisje, dochs moatte we fan it stelsel, it gearhing, brûk witte te meitsjen. Oars is de wittenskip mar in list fan wurden en begrippen dy’t folslein nutteleas binne yn betrekking mei de wurklikheid. Der moat ommers in doel dat de wittenskip stribbet te tsjinjen, en it doel floeit altyd fuort út it gefoel.

Twaddens sjocht it taalbrûk der hiel oars út as it hielendal op it ferstân basearre is. Tinke je mar om in ûnpartidich en objektyf offisjeel stik. Syn taalbrûk is faak stiif, langtriedderich en gefoelleas. Dit soart taalbrûk neam ik ferstântaal, dy’t neat mear as ynformaasje wjerjout. Hjirûnder falt it Ingelsk dat hjoed de dei wiid ferspraat oer ‘e wrâld is. As in ferstântaal kent it Ingelsk in protte formulêre útdrukkingen. Sa binne utdrukkingen lykas “yours faithfully” en “yours sincerely” nei it ein fan brieven gewoan ferstienne taalfoarmen. Der is neat persoanliks of yntyms, mar allinnich skriuwregels en -gewoante dy’t neilibbe wurde moatte. Soks falt ek waar te nimmen wannear’t bûtenlaners mei-inoar yn it Ingelsk in gesprek fiere. Allebei leare it Ingelsk as in frjemde taal en sadwaande kipt it gesprek him derút troch gefoelleaze wittenskiplike krektens. Wat je min fine, hat samar “romte foar ferbettering” (room for improvement), en wa’t krekt deagien is, is samar “weigien” (passed away). Alles wurdt sa sêftjesoan útdrukt, krekt as alles op in ôfstân bard is en je der amper mei belutsen wurde. In ferstântaal stiet dús yn tsjinstelling ta wat ik in kultuertaal neam. In kultuertaal kent sprekkers dy’t folle mei-inoar gemien ha. Se rinne gjin gefaar fan misferstân, want se libje allegear yn ‘e selde omjouwing en ha deselde woartels. Dêrom binne de sprekkers oprjochter en earliker tsjinoer-inoar, en is de taal ek fleuriger en nijsgirriger. Sa is it Frysk, dat dingen beskriuwt sa’t se yn wurklikheid binne, sûnder it gefaar dat it ûnderlizzende berjocht net ferstien wurdt. Nimme je mar de siswize “de skonken útstekke” as foarbyld. It jout it byld dúdlik wjer wat mei in deagien persoan bart, nammentlik dat it skonkenspier loslitten is en dêrtroch de skonken nei foaren treaun wurde. Wylst soks dreech te ferstean is foar oaren, binne de sprekkers fan ‘e kultuertaal deroan sa wend, dat der net oer neitocht hoegt te wurden. Kultuertaal is dús in taal dy’t in waarm gefoel útstrielet en de minsken tichteby stiet, wylst in ferstântaal suver ynformatyf en dús kâld is.

Treddens wurdt de omgong mei minsken ek ferhindere sûnder gefoel. De omgong mei minsken bestiet ommers gruttendiels út gebeartstaal, dy’t eins oansjoen wurde kin as de oertreffende trep fan sprek- en skriuwtaal. Neffens ûndersyk hâldt de sprek- en skriuwtaal mar in tige lytst diel yn fan wat kommunisearre wurdt. Dejingen dy’t alles út útsprutsen of opskreaun wurden ôfliede om te bepalen wat de sprekker te krijen wol, moatte wol mislearje. “ja” soe men sizze, mar it kin ek “nee” betsjutte. Sadwaande moatte je alles yn rekken nimme foar wissigens. Dan komme we wer werom op it earste punt yn dit artikel, nammentlik dat we it gehiel sjen moatte en net de dielen derfan. En hoe kin it sa? Troch oan je eigen gefoel genôch omtinken te jaan!

Lokkichgenôch ha de Friezen al lang lyn it belang fan gefoel ûntdutsen. “Der’t it hert fol fan is, dêr rint de mûle oer”, sa lûdt it. Hjirút docht it bliken dat wat út de mûle mei ferstân sein wurdt, weromgiet op it hert. Dat wol sizze, op it kearn fan it gefoel. Dit komt nochris oerien mei it Sineesk, dat yn it ferline in wichtigere rol oan ‘e hert takende as oan ‘e holle. Mei’t it hert fielt, wylst it holle tinkt, stiet it gefoel ek sintraal yn ‘e Sineeske filosofy. Wat nijgirrich dat beide kultueren it oannimme dat it gefoel oan it ferstân te grûn leit! Dit leart ús dat we ús gefoel sa goed mooglik kenne moatte, yn stee fan him te mijen. Dat minsken yn ‘e moderne tiid faak harren gefoel net doarre tichteby te kommen is dêrom net oan te rieden.

Yn it folgjende artikel sille we besprate hoe’t de tsjinwurdige mins syn gefoel benei komme kin.

 

 

 

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s