Ferstân en gefoel, diel 3: Omkear nei it ferline

Skreaun troch Ken Ho

Hjir komme we ta it wichtigste diel fan ‘e searje “ferstân en gefoel”, en ek it lêste. Sa’t it earder bepraat wurdt, binne we nammerste fierder fan ús gefoel rekke, as we omwei yn it ferstân besykje te finen. Wat mear we om ús gefoel hinne geane, wat mear ferdwaald we mei ússels binne. It lit sjean dat we net oars kinne as mei ús gefoel ien te wurden, al is it dreech op te fetsjen en del te lizzen.

Mar hoe pakke we it oan? Hoe moatte we it fan ús ôfskate gefoel weromfine?

It syktocht nei ús gefoel begjint mei it ferline. Hoe sa? Eltsenien wit dat we folle te tanken ha oan ús âffaars, dy’t ús pake en beppe, ús âlders en ússels te wrâld brochten. Elts lichemsdiel dat we no ha ûntjouwt him neffens in model dat ús âffaars ús trochjoegen, nammentlik neffens harren DNA. It model is eins in bouplan, dat ús âffaars ûntjûnen om doedestiids te oerlibjen. Mei’t ús lichem itselde bouplan oerdragen krigen ha, ha we ek it folle gemien mei harren. It betsjut dat ús lichem likenôch itselde behoefte ha as se, lykas iten, waarmte, en ek leafde. Sels mei de oankomst fan ‘e kompjuter, wat mannichien oansjocht as in skiedpunt fan ‘e foarige iuwen, binne we noch mar deselden as ús âffaars. Troch it bouplan binne we derfan foarsjoen, wat harren holp om te oerlibjen. En it gefoel is de paadwizer nei ús behoefte. Us gefoel wurdt ús trochjûn om it foardielige fan it skealige te ûnderskieden. It is in oanberne middel dy’t fansels wurket. It wurdt net op oertsjûging boud mar op ús natuer. Tinke je mar om de hjitte wetterkoker dy’t we oanreitsje. We sille ús hannen daliks weilûke, oft we derfan oerstsjûge wurde dat de koker skea tabringe kin. We tinke net nei, en we hannelen fansels. Sels as de moderne tiid folle oars is as it ferline, bliuwe we mar likenôch ien en deselde as ús âffaars. Dit docht út de âlderhande sosjale problemen bliken dy’t minsken tsjinwurdich te meitsjen ha. Depresje, wurkdrok, swierlivichheid, selsmoard en neam mar op. Soks die him nea foar by ús âffaars. Al wurdt it sein dat DNA him oanpasse kin mei tiid oan ‘e omjouwing, bewize sokke lichemlike en geastlike oandieningen dat it oanpassingsfermogen net as grut en âldermachtist as it ris tocht wurdt. We binne ommers net folle oars as ús âffaars, dy’t der nea oan wend wêze soene om yn drokke en lytse stêden te wenjen. Lústerje je nei it ferlet fan je lichem, dan wurde je gau ien mei je gefoel en komme je ek tichter by de libbenwize fan it ferline.

It ferline bliuwt net allinnich yn it ferline, mar komt ek werom yn ‘e takomst. Hjir binne de minsken harren net bewust fan, sels as ús gefoel derop wiist. Tinke je mar om it moade. Wat no út it moade rekke is, komt algau wer werom. Al binne dingen konstant yn feroaring, dochs folgje se in bepaald paad dat úteinlik de feroaring weromliedt ta syn oarsprong. Hjir falt ús keappatroan ek ûnder. Under konsumerisme produsearje bedriuwen regelmjittich nije ferzjes fan ‘e selde produkt. Elts is in bytsje oars as it foarige, mar der is gjin sprake fan in nij produkt. Sadree’t it ûntwerp sa fersierd wurdt dat it praktyske kant út it each ferlern wurdt, giet de foarkar dan wer werom nei it ienfâldige ûntwerp. In wikseling tusken wat ienfâdigs en wat yngewikkelds is dús de regel, en net in útsûndering. De fraach is allinnich hoe’t dizze minsklike oanstriid temjitte kommen is. Spitichgenôch wurdt der by ús oan beandere mei in ûnduorsume patroan fan keap en ferkeap, it produsearjen en it konsumearjen. Sadwaande binne beammen grutskalich omhakt, is it wetter fersmoarge en sit de loft fol mei skealige partikels en sa fuorthinne. As we mar nei it ferline sjogge hoe’t ús âffaars harren behoefte oan in einlease wikseling tusken de iene en de oare befredigen, sille we der gewoan raar foar stean. Se kamen eins gjin soksoarte problemen tsjin as we no oan fêstsieten. Se wiene natuerleafhawwers en libben yn ienklang mei de natuer.

In oanpak dat ús âffaars oanbeane is harren godtsjienst, heidendom. Der wie in ferskaat oan Goaden dy’t se bidde koene. Soks is ek te sjen by de Sinezen, dy’t harren foarstelle dat der trije ferskillende wrâlden binne. Guon Goaden libje op ‘e himmel, guon yn ‘e ûndergrûn en oaren mei ús op ‘e ierde. Nijsgirrich is dat der gjin sprake is fan goede of kwade Goaden, want se binne net folle oars as ‘e minsken, behalven dat se bûtennatuerlike macht ha. Sadwaande binne se eins ús freonen, want salang’t we harren earbiede, sille se ús problemen oplosse. Sokke wrâldbeskôging smiet in soad foardielen op, foaral op it mêd fan ‘e natuer. Us âffaars diene gjin kwea deroan, om’t se deryn leauden dat se hjirfoar bestraft wurde soene. Sa’n opstelling tsjinoer ‘e natuer is faaks wêrom’t harren libbenswize salang trochset wurde kin, oant no ta.

Us iuw is in perioade fan eangst. Tanksij ferstân ha we yndustriale revolúsje trochmakke en steane we no yn ‘e teken fan ‘e ynformaasjeiuw. Der wurdt folle en folle mear roppen op beskerming fan ús natuer. It ferlangen nei in rêstige libbenstil is nammerste grutter wurden as stêden drokke wurde en wurkoere langer wurde. De bewustwurding set harren fansels útein, en dit hat alles te meitsjen mei it gefoel, dat as paadwizer ús bewuster makket fan ús ferlet oan waarmte, geselligens en blidens. It is net te mijen dat we it gefoel wer it fertsjine plak takenne. Al is it gefoel sa dreech op te fetsjen as it wetter, moat it yn elts gefal omearmke wurde. We kinne net mear wachtsje ear’t it ferstân it ûnderlizzende gefoel net mear weromhâlde kin. Litte we ús gefoel mar as it is akseptearje sa’t ús âffaars it diene en libje we yn iennichheid mei ússels.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s