Nutteleaze slachterij: Ienwurding mei ús natuer

Skreaun troch Ken Ho

Yn grutte stêden kinne je maklik by in restaurant telâne, sadree’t je hûnger ha. Sa is it ek yn Hong Kong, dêr’t minsken deroan wend binne om bûten te iten. Al smyt sa’n kultuer nei alle gedachten neat beswierliks op, dochs jout se wol oanlieding ta in minne ytgewoante. En hjir sjen ik faak tsjinoan.

Mei “in minne ytgewoante” bedoel ik dat men folle mear bestelt as wat hy opite kin.

Ik jou ta dat it iten bytiden net lekker of sels hielendal ûnytber is om’t der wat misgien is mei it koken. Mar dit is mear fan in útsûndering as de regel, en falt bûten it bestek fan ‘e krityk.

Nou, stelle je je foar dat in hearlik mieltsje servearre wurdt. Mei in rivierke fan swietrook dat syn paad nei boppe ta swimmend besiket te finen, is it gerjocht eins de dream fan manmachtige earmen. Spitich kom ik jimmeroan klanten tsjin dy’t folle rêstsje op ‘e tafel stean litte. Foaral heugt it my noch hieltyd oan in bepaalde famylje mei twa bern. De âlders hiene foar elts fan harren in apart mieltsje besteld. Al hie ik der begryp foar dat de bern hjirtroch selstannich iten leare koene,, dochs kaam it der úteinlik op oan dat it hinne- of kowefleis, griente en ryst gruttendiels efterlitten waard. “Skande!” rôp ik om myn âlders harren omtinken en wiis ik harren derop. “Is dit gedrach net itselde as dat fan in minskefretter yn filmen dy’t minsken slachtsje allinnich om syn fermaak?”

Doe tocht ik allinnich sa, om’t it net sa fatsoenlik wie om soks iepenlik te sizzen. Boppedat ha ik nea sels meimakke hoe’t in minskefretter him hâlt. Ik ha der safolle kennis fan as filmen it witte lit. As we derfan útgeane dat minskefretters, sa’t filmen ús leauwen litte wolle, psychopaten binne mei in fijandige opstelling tsjin meiminsken, dan binne se noch hiel oars as klanten dy’t gewoan net alles op ‘e tafel opite, toch?

Eins ha se beide it gemien dat se oan leedfermaak dogge, oft it bewust of ûnbewust is.

Leedfermaak is aardichheid te hawwen oan ‘e leed fan in oar. Klanten dy’t it dier deade litte sûnder der inkelde reden foar te hawwen passe krekt by dizze definisje. Dit hat miskien al wol wat argewaasje by de lêzers op gong set. “Ik ha foar it iten al betelle. It stiet oan my oft ik it opite wol.” soene de iene sizze. “Ik ha der net foar keazen om safolle op ‘e tafel te hawwen. As in klant koe ik it net yn ‘t foar witte hoefolle de kok oft optsjinje soe.” Soene de oare sizze.

Foar it earste beswier kin it samar sein wurde dat de sprekker gjin respekt foar ‘e natuer hat. In gebrek oan respekt liedt dêrnei ta in gebrek oan in sûn ferstân. Dejingen mei deselde miening witte net dat de natuer sa bliuwt as se is, oft we ryk of earm binne. Jild, as in mienskiplike útfining, stiet dús derbûten, wat syn oarsprong folle fierder as it ûntstien fan ‘e earste minsk befynt.

It twadde beswier liket wol ridlik te wêzen. Mar in weromblik nei ús âffaars lit ús wol oars tinken. As natuerleafhawwers libben se yn lykwicht mei harren omjouwing. Se ieten safolle as se der ferlet oan hiene. Troch dieren sels te ûntfangen, te deaden en foar it iten ree te meitsjen, wiene se harren bewust fan it genede dat de natuer harren skonk. Foar elts miel wiene se tige tankber en seagen it oan as in kado fan ‘e Goadin Freya. Al prize we ús tsjinwurdich oan fier ferheven te wêzen as ús âffaars dy’t oan slachterij diene, dochs is it omkearde júst. No’t we de ferantwurdligens fan ús ôfsette om dieren te slachtsjen of sels fleish en griente te koken, binne we net mear mei ús iten belutsen. Folle fan ús witte net mear hoe’t in stik kowefleis, dat netsjes en lekker op in board leit, oarspronklik by in ko paste. Mei jild keapje we alles, mar we kinne net ris fertelle efter de moaie ferpakking, hoe’t it deryn preservearre dier en griente der yn harren natuerlikste foarm útsjogge.

As we mar in dier sels behannelje, witte we meikoarten hoe’t it him opoffere hat foar ús. Der sit ommers in protte wichtige fiedingsstoffen dy’t fan wêzentlik belang is foar ús sûnens en earne oars net fûn wurde kin. Koarts, flesh syn belang kin troch neat oars ferfangen wurde en sadwaande is it in needsaak om in dier te deaden foar syn fleis. De fraach is allinnich, hoe’t we ús tankberens betsjûgje kinne oan de dieren dy’t harren opofferje.

We litte ús grutste respekt foar ‘e dieren sjen as we harren fleis bewust ite mei in djip gefoel fan tankberens. We moatte fan ús âffaars leare hoe’t dieren foar harren fleis slachtse en kookt wurde. Troch hanneling komt ek it oanbelangende gefoel. Dêrtroch komme we elts miel op priis te stellen, om’t we sawol de slachter as de kook west ha en witte hoefolle oft ynspand wurdt om in miel ree te meitsjen. Mei sokke werkenning dogge we oan leedfermaak net mear, om de kok dieren deade te litten sûnder it fleis derfan op te iten. Yn stee hjirfan begjinne we meilytsumens te hawwen mei de dieren dy’t de Goadin fan ‘e natuer, Freya, ús as kado skenkt. En dit stiet yn tsjinstelling ta minskefretters harren nocht oan nutteleaze deading en slachterij.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s