Myn noflike ûnderfining mei de Friezen

Skreaun troch Ken Ho

It aventuer yn Fryslân is my net te ferjitten. It lânskip is prachtich, kultuer is besûnder en foaral binne minsken tige gol. Oan dizze moaie omtinken heugt it my noch hieltyd. Myn belibbennis yn Fryslân foar trije moanne kin bêst wol omskreuan wurde as in dream dy’t wier kommen is. Tegearre mei myn taalmentor wol ik ommers de Fryske taal, kultuer en skiednis kenne leare om se te befoarderjen. En dit kin, allinnich as wy yn kunde komme mei de dragers fan it Fryske kultuerguod, De Friezen.

Friezen hawwe ús in waarm hert tadragen yn alle pleatsen dêr’t wy op besite nei gien binne. Meiwurkers yn Het Fries Museum, ferkeapers yn ‘e freedsmerk op W. Wilhelminaplein, de frijwilligers yn ‘e grutterswinkel, de ynwenners op it waadeilân Skylge, de minsken yn it stêdsje Hylpen en neam mar op. Troch gesprekken kamen wy allegear yn oanrekking mei de wrâld fan ‘e Friezen, in wrâld dêr’t ik noch hieltyd djip ûnder de yndruk fan bin. Earlik, oprjocht en gol binne de Friezen, sa ha ik sels meimakke.

Minsken steane sintraal yn ús taalproject, sawol jongerein as âldelju. In dei yn in soarchynstelling yn akkrum hat ús yn kunde brocht mei Fryske âldelju dy’t it deroer hiene hoe’t harren libben der doedetiid út seach. It kaam ús as in ferrassing oer dat sy ús sa iepen stiene. Op Skylge hiene wy ek mei de ynwenners yn in buorderij praat. Ien derfan hie doe skipfeart as syn berop, en hy hat mei ús syn jierrenlange ûnderfining op see dield. Krekt doe’t wy ús ôffrege wêr’t de Fryske jongelju hielendal wiene, moeten wy guon derfan yn ‘e iepeningsplechtichheid fan it nijbou fan ‘e Fryske akademy. Boppedat hawwe wy yn Grins ek kennis makke mei in jonge Fryske fan ‘e Feriening foar Fryske Jongerein. Wy waarden sels útnûgd om oan ‘e aktiviteiten diel te nimmen. Spitichgenôch fûnen de eveneminten plak nei’t ik werom nei Hong Kong fleane moast. Soksoarte gearkomsten binne nedich om jongelju bewust te metisjen fan harren kultureel erfguod.

Wichtich is om Friezen fan allerhanne lagen fan ‘e mienskip gear te bringen. Wy wolle it faker sjean dat âldelju harren kennis en ûnderfining as Friezen oerdrage oan ‘e jongelju. Om dit te berikken wolle wy ússels tagelyks ek as foarbylden brûke om ús leeftiidgenoaten oan te trúnen om de Fryske taal, kultuer en skiednis kenne te learen. Wy hoopje dat eltsenien de wearde fan wat Friezen Frysk makket werkenne sil.

Yn it koart stelt ús taalproject as doel Friezen te moetjen en gear te bringen. Dit is ús al heal slagge yn ‘e trije moannen, en wy sille dermei trochgean. Wy hoopje dat de Fryske taal, kultuer en skiednis hjirtroch behâlden en befoardere wurde sille.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s