Skreaun troch Ken Ho
Sûnder minsken bestiet der gjin taal. Sûnder it folk hawwe alle histoaryske foarwerpen en etnyske gewoante gjin wearde. As wy mar ris in histoarysk museum yntrede, komt ús jimmeroan de fraach op, “wêr giet de útstalling oer? Troch hokker groep minsken waarden dizze dingen doedestiids brûkt? ” Dizze fraach besiket de kearn te finen, in sintrale as dêr’t alles om draaie.
Alikefolle draait ús taalproject perfoarst om ‘e Friezen, en mei harren giet ús taalproject twa kanten op.
Earsts giet ús taalproject wider as in maatskiplike beuzichheit. Dêrmei wurdt bedoeld op ús haaddoel om Friezen gear te bringen. Troch yn gesprekken te gean berikke wy in grut publyk dat graach oer harren ûnderfining as Friezen sprekke wolle. Sokke útwikseling fan gedachten kin net allinnich ús mei de Fryske taalsituwaasje bekender meitsje, mar ek de Fryske taal, kultuer en skiednis in nij libben ynblaze. Soks foarkomt wat in manmachtige deade talen oerkommen is: benammen, om net mear as kâlde libbenleaze foarwerpen bestudearre te wurden. Dit ha wy sels ûnderfûn mei ús doetiidske stúdzje fan it Latyn, dêr’t net ien de útspraak fan folslein neidwaan kinne krekt as hoe’t de Romeinen eartiids mei-inoar sprutsen hawwe soene. It giet ús dús derom, om it Frysk, in werkende minderheidstaal yn ‘e Nederlannen, fan itselde treurige lot te besparjen, want wat ienris ferlern is, is foargoed ferlern.
Mar sa’n grutskalige ûndernimming om it Frysk te rêden, easket meiwurking fan alle Friezen. Minsken fan allerhande lagen binne nedich om de Fryske taal, kutuer en skiednis sawol ynstân te hâlden, as te befoarderjen. Dús is ús project in maatskiplike gearwurking, dêr’t ynteraksje mei-inoar in sintrale rol spilet.
Twads giet ús taalproject djiper as in syktocht om harren mei de hert tichterby te bringen. Under ‘e gesprekken komme we iepener te stean as se yn ús memmetaal fierd wurde. Sa’n memmetaalgesprekken, sa sil ik se tenei neame, helpe ús derby om úss gefoelens en emotie folút te úterjen. It jout ús in soad fan foldwaaning nei’t wy ús maten fûn hawwe dy’t ús folslein begripe. Hjir wolle wy in wurklikens fan meitsje.
Spitichgenôch waard ik al gau ûnder myn ferbliuw yn Fryslân gewaar dat Friezen faak frjemden foar fersteanberens yn it Hollânsk oanspekke. Sa is in grutte hindernis foar Friezen om djiper mei harren sels yn ferbining te kommen. Dit ferklearret wêromt’ se sa ferbjusterre waarden doe’t ik de kaai fûn hie om harren hert mei te iepenjen, benammen de Fryske taal. Dit barren sette my oan it tinken om mear fan in gewoante fan dizze yntime mominten te meitsjen. It doel is mear gelegenheiden oan te bieden dêr’t Friezen harren thús fiele. Troch tranen en leitsjen bringe wy ús tichter by-inoar, en troch it Frysk oeral brûke te kinnen binne wy sûner en blider.
Yn it koart sitte we troch ús taalproject ûnder de Friezen, en harkje nei de Friezen. It is sawol in sosjale projekt, as in emosjonele syktocht nei harren hert.