It Fryske gea, diel 1: De wrâld as in spinreach fan wrâlden

Skreaun troch Ken Ho

Der is mar ien fysike wrâld, de foar ús taastbere wrâld. Fanôf it earste momint dat we te wrâld brocht waarden, belibje we se fanút ‘e safolste aspekten as der mar mooglik binne. Yn ‘e rin fan syn leeftiid hat men op ferskillende oarden west en hat in unike ynsjoch fan it libben ûntjûn mei syn eigen rige fan belibbenis. Hjirút ûntstiet by eltsenien syn eigen inerlike wrâld, de belibbingswrâld.

Hoe mear minsken der op ‘e ierde wurde, hoe mear belibbingswrâlden ûntsteane. Eltse wrâld is in selsstannige ienheid, dy’t om bar ferbûn stiet oan oaren, sadree’t ús wrâlden elkoar yn ‘e boegen komme. Sokke wrâldenbotsing, soe ik se sa neame, fynt plak as we ús meiminsken yn oanrekking komme. Ut eltse lytse ienheiden en harren botsing mei-ionar ûntstiet der in gruttere ienheid. Op it lêst groeit de hiele minskdom ta in spinreach, mei knooppunten oeral. Alles dat derop rêst strekt him út oer tiid en oarden hinne. Allegearre binne de minsken lotgenoaten fan-inoar.

Mar der is noch mear as dizze fysike wrâld, dizze foar ús taastbere wrâld.

Krekt as guon lju riker en sûner berne binne, binne der ek wêzens mei oanberne bûtennatuerlike machten. Mar fersinne je je net dat der neat is dat we en dizze wêzens mei-inoar gemien ha. It gefoel hâldt ús tegearre, en hjirút groeit ús ferbûnens mei-inoar. Dat we hurd troch fertriet troffen wurde by de dea fan ús meiminsken, taast harren yn ‘e moed. As der mar wat ûngelokken de wêzens oerkomme, gûle we as minsken ek mei. Yndie giet it gefoel troch de barrière hinne tusken de bûtennatuerlike wêzens en ússels.

Wêr’t dizze wêzens wenje, is net te rieden fanút ús fysike wrâld. Se libje ommers bûten ús wrâld. Net yn ‘e romte, mar dêrbûten. Boppedat libje de wêzens ek yn groepen, krekt as we sels meastentiids mei lyksinnigien omgean wollle. Eltse groep hat harren yn ferskillende wêzenswrâlden delset, en eltse wêzenswrâld sjocht der oars út as oaren. By de iene oard is der oeral iuwenlang baarnd fjoer en fulkaanúbaarstingen. By de oare is hjir en dêr ûnûnderbrutsen ôfallende snie en iisbergen. Dit soart ekstreme waar falt net bûten ús begrip as we mar yn ús minskewrâld oan de planeten yn ‘e romte in foarbyld nimme. Planeten tichterby de sinne binne ommers hjitter , wylst planeten fierder derfanôf kâlder binne. Koarts, net eltse planeet is like noflik as ús ierde, en sa ferskille de wêzenswrâlden ek fan ús minskewrâld. Mar dizze ferliking stelt ús mar bêst in rûge skatting foar hoe’t it by dizze wêzenswrâlden derút sjocht. Njonken ús minskewrâld, binne der ommers acht wêzenswralden, en elts is oars fan ‘a oare.

It belang om it oer de wêzenswrâlden te hawwen, leit deroan dat we as minsken ek oan de ynfloed fan de wêzens bleatlizze. Se komme ús faak op besite, sels as we ús der tsjinwurdich fan net mear bewust binne. It wie net sa by ús âffaars, dy’t regelmjittich opoffering diene om om beskerming en gelok te bidden. Oft we deryn leaue of net, docht der neat ôf dat der sawol kweawillige en guodlike wêzens konstant yn in grutte machtstriid mei-inoar binne. Deselde barrens fine kear op kear op deselde wize plak sûnt minskeheugenis, al kinne we se sels as yndividuën mei in leeftiid fan heegstens likenôch hûndert jier net befêstigje. Dizze ringeftige eigenskip is ús eins net frjemd, want se wjerspegelet harren ek yn ús gewoante. We folgje ommers in bepaalde ritme yn ús libben. As der mar wat feroaring oan brocht wurdt, is it faak in fraach mear fan “hoe” as fan “wat”. Stelle je je foar dat je hûnger ha. De wat-fraach is je sêd te krijen. Oft it je ynienen opfalt dat it goedkeaper is om by in oar restaunrant te iten, en dêrnei je fan koers feroarje, docht oan it doel neat ôf, dat je je úteinlik net mear hûngerich fiele. De ein sels bliuwt deselde, al binne de middels feroare. Sa is it ek by de machtstriid tusken de reuzen en de Goaden. De striid nimt fanôf it begjin yn omfang ta, oan’t it sa grutskalich wurdt dat de neiklap derfan him oer al de njoggen wrâlden útstrekt. Doe giet alles te grûne, om allinnich te wachtsjen op in nij begjin, wannear’t alles syn oanfang wer werom nimt ta de folgjende striid tusken it kweade en it goede.

Dat ús âffaars dizze kennis net kwyt wiene troch altyd fan al de oare wrâlden op ‘e hichte te bliuwen, hjir moatte we ús as harren neikommelingen foar skamje. Al sprekke we der faak fan hoe’t “Skiednis harren werhellet”, witte we eins net dizze wiisheid ta te passen. Lokkich binne we sa mei ús âffaars ferbûn dat we der noch wat foar fiele dat it mei ús tsjinwurdige ôfkear oan gebed en opoffering misgien is. Faaks hat de weromfining fan de hast ferlern kennis ek te meitsjen mei de guodlike Goaden, de Asen en de Wanen, dy’t ús foar de opkommende grutskalige striid mei de kweawillige reuzen warskôgje wolle. Krekt wit ik it net oft it ek sa, want we binne net by machte om sels de wurking of bedoeling fan in barren te rieden. It antwurd komt allinnich troch it bidden en opofferjen.

Wichtich is It bidden en it opofferjen oan te sjen as in manear om kennis fan ‘e oare wrâlden te witten te kommen. Sûnder dizze kennis kinne we alles allinnich fan efterôf ferkearje, dêr’t de oarsaak fan eins syn spoaren efterlitten hat. Dêrtroch woene ús âffaars dizze spoaren efterhelje, om foar te kommen dat harren lot troch oare wêzens bepaald wude soene. Se wisten ommers dat de wrâld in grut spinreach wie dêr’t eltsenien (mei ynbegryp fan ‘e oare wêzens) mei belutsen wiene. Alle hannelingen, oft je it grut of lyts fine, kenne ynfloeden fan wjerskanten. Se binne eins in folk mei in grutte wilskrêft om nea harren holle te bûgjen.

Yn ‘e folgjende artikels sil ik it beprate hoe’t ik persoanlik Goaden yn Fryslân meimakke ha.

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s