It Fryske gea, diel 2: Myn tsjûge

Skreaun troch Ken Ho

It foarige artikel, dat wiidweidich om ‘e betrekking tusken minsken, Goaden en reuzen giet, foarmet de reade tried fan myn tsjûge yn Fryslân. Dejingen dy’t fan it bestean fan ‘e oare wrâlden net op ‘e hichte binne, begripe myn motivaasje faak net.

Yndie moat ik tajaan dat de sfear fan Fryslân sa bûtengewoan is dat ik der sels samar nei myn oankomst fan doar te tsjûgjen. Dit hat miskien it lot al yn ‘t foar foarsein, dêr’t net ien oan ûntkomme kin.

Beroppen troch it lot, is myn besite nei Fryslan sawol gewoan as bûtengewoan. Gewoan, om’t it lot deselde allesbepalende rôl by eltsenien spilet. Bûtengewoan, om’t it lot my, en gjin oaren, nei Fryslân brocht hat troch in ferlangen yn myn hert stikem groeie te litten. Nei foar sân moannen wurke te hawwen by in bedriuw yn Hong Kong om genôch reiskosten te fertsjinjen, ferliet ik myn bertestêd sa fuortendaliks dat eltsenien (en ik ek) it mei ferbjustering oanseagen.

By myn kollega’s waard de fraach steld, wêrom’t ik net langer wurkje soe. Se seine, dat ik ommers al in hoartsje by harren wurke hie, en dat se it dreech hiene om in like skrandere wurknimmers as me te finen. En by myn freonen, sadree’t se te witten kommen wiene dat ik binnen in pear dagen fuortgean soe, waard ik tocht ta de lokkigen te behearren dy’t foar syn interesse stribje kinne. Se hiene my fan herte lokwinske. En by myn âlders, dy’t nea mei my ien kear bûten Asië west hiene, oerhearske de benaudens dat ik ferûngelokt wêze soe.

Mar doe kaam it gefoel by my op dat it net oars koe as fuort en om op aventuer te gean.

Op ‘e needlottige dei smiet ik in ûntslachbrief op myn liedingsjaande syn tafel del, en begûn dermei om jild (foar euro) te wikseljen, Fleanmasineticket te keapjen ensafh. Al dizze dingen wiene my doe net bekend, en der binne sa folle “earste kearen” dat ik se net folslein opneame kin. Begelyks, de earste kear om selsstannich te flean, de earste kear om troch de holve ierde hinne te reizgjen, en foaral de earste kear om sa’n sterk ferlangen nei it geheimsinnige te hawwen.

Yn Fryslân befynt harren in oanlûkingskrêft, in bûtennatuerlike macht dy’t dejingen op syk nei de guodliken nei him ta beropt.

Sûnt myn oankomst, besocht ik tegearre mei Dyami Millarson, myn taalmentor, de âlderhanne fasetten fan Fryslân út te sykjen. Mar hoe mear we meimakken, hoe djipper liket it geheim te lizzen en hoe dreger is it om ús waarnimmingen en belibbenis yn guon wurden del te lizzen. Lykas in sipel kent it geheim fan Fryslân folle lagen, dy’t harren allinnich ûntblearsje oan ‘e ynwijden. De ynwijden wurde om bar útkard troch it lot, in spinreach fan betrekkingen dat út de hannedlingen fan alle wêzens ûntstiet.

Ofsjoen fan ‘e mearsidigens fan it geheim, is der ien ding wol wis. De natuer yn Fryslân lûkt sawol minsken as Goaden oan.

Op it earste dei doe’t ik fanút de rúten fan Arriva de buorderijen ûnder eagen hie, fielde ik my tige rêstich en ûntspand. De treinreis fanút Schipol yn Amsterdam nei Ljouwert yn Fryslân wie foar my eins in tocht nei de himmel. It fleurige gefoel stamt derfan út dat ik in belofte neikaam, dy’t ik fan boppeop útrikt krige. Mar sa’t it earder sein wurdt, is myn taak op gjin wize wichtiger as as dejingen fan oaren. Eltsenien kent ommers syn eigen taak yn it libben, dy’t likefolle weaget. We steane allegearre ûnder ‘e ynfloedsfear fan it lot, dat alles bepaalt. Der stiet ús dêrom in belofte tsjinoer, dêr’t we oan de neikommeling fan ferskuldich binne.

Op myn fersyk giene we faak de natuergebieden yn Fryslân yn. Op midzjes en nei it jûnsmaal brochten we tiid troch yn snakkerbuorren, lekkeum, woelwijk by de Groene Ster ensafh. Ien kear moasten we op besite gean nei in Fryske Famylje yn Ryptsjerk. Sadwaande rûnen we geandefoets fanút it hûs yn it stêdensintrum fan Ljouwert camminghaburen yn, de Groente Ster lâns en Tytsjerk troch. En dizze lange reis op ‘e fuotten ûnder ‘e hjitte sinne ûndernamen we net allinnich ienris, mar twaris. We moasten ommers de dei derfoar de wei nei harren ta noch eefkes ferkenne. It duorre in oardeheale oer dêrhinne en in oare oardeheale oer foar weromkear. Al wie it wurchsum, namen we de pad lâns folle natuer waar. It bosk, it gersfjild, de bergen mei in mearke, en alles ûntkamen oan ús eagen net. Tsjin dizze moaie eftergrûn kamen we in boer tsjin yn tradisjonele blaue klean dat it hiele lichem beduts . Mei leien om hannen siet hy rjochtop op in wein dy’t treaun waard troch twa hynders.

Yn ‘e earste guon wiken fernaam ik stadichoan wêrom’t Fryslân in bûtennatuerlike krêft hie. It hat ommers de goedfining fan ‘e Goaden, en hat der dús de guodlike sfear oan ûntliend. Om’t we mei ús taalproject dwaande wiene (en no noch hieltyd), woene we ek om foarspoed en lok derfoar freegje. Hoe’t we dermei omgiene, lit ik mar yn it foljgende artikel behannelje.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s