Skreaun troch Ken Ho
De njoggen wrâlden binne mei-inoar ferbûn, en wêzens kinne wer en hinne gean. Al stiene de deuren allegeduerigens iepen, dochs binne se allinich sichtber en brûkber oan dejingen dy’t genôch kennis derfoar ha. It wurdt sein, dat de liedingjaande fan alle Goaden safier op syk nei dizze kennis giet dat hy sawol in each ferlern hat as ek ris him op ‘e hillige beam ophongen hat. Dit is wis gjin selsskansearring foar gjin reden, om’t hy dêrtroch de nedige kennis yn ruil krigen hat.
De les is, neigeraden de útsochte kennis seldsumer en weardfoller is, is de priis derfoar ek nammerste djoerder. It stiet ek sa by de sinezen, dy’t harren oarsprong yn lânbou fine. “Hoe mear je op ‘e ikker ploegje, hoe mear je rispje.” Sizze se. Sadwaande krije je mear as je mear jouwe.
Mei’t ús taalproject in grutskalige mienskiplike projekt is, is de begeunstiging fan ‘e Goaden in needsaak. Ear’t we ús earste stap fuortsetten nei Afûk om ús fernimmen buorkundich te meitsjen, besleaten we de Goaden om foarspoed te freegjen. Dit is nammerste wichtiger as we mar beseffe dat der mear persoanen hjir in belang by ha as ússels. De taal, de kultuer en de skiednis fan ‘e Friezen binne ommers yn it spul en mei ús taalproject hoopje we minsken te learen it Fryske erfguod op priis te stellen en yn stân te hâlden.
As tarieding op in eventueel opoffering, kamen we op in nacht nei it jûnsmaal by it prinsentún yn ljouwert. It wie doe sa tsjuster dat ik amper de boaten en jachten op it marke sjean koe. Tichteby it marke stiene we tegearre yn stilte. Mei in munt yn hannen, diene we ús eagen dicht en makken in winsk, om dêrnei it munt it marke yn fuort te smiten. Al moasten we it winsk net útsprekke, wat de jildichheid derfan fernielje soe, dochs hie ik it mines út soarchleasigens krekt meidield. Lokkich wie it allinnich in oefening foar ‘e echte opoffering.
It bidden en opoffering is gjin lytsbernlik spul. Sa’t it earder sein wurdt, ha de Goaden ek minsklike personalikheid njonken harren bûtennatuerlike macht. Lykas we gau lilk reitsje as we ús beledige fiele, soene de Goaden harren ús tsjinoer ek ûngeunstig of sels fijandich opstelle as we wat ferkeard dien ha. Se meitsje ommers allinnich in diel út fan it lot, dêr’t we tegearre mei alle oare wêzens net oan ûntkomme kinne. Lang om let komt it derop oan, dat gjin ien noch wêzen foutleas is.
De twadde opoffering fûn plak by in bosk yn woelwijk. It wie in jûn en doe gie de sinne stadichoan nei ûnderen. De himmel krige de kleur fan in sinesappel, en waard skielk alhiel tsjuster. Alhoewol’t we doe noch in oerke nedich hiene om thús te gean, diene we de opoffering net haastich. It is ommers better om gjin opoffering te dwaan, as in minneien dy’t de Goaden mar lilk meitsje soe.
It bosk lei dichteby in marke, en doe wie dêrbûten noch in groepke skiep dat binnen in hikke opsletten wiene. De boaiem waard hoe sêfter, hoe djiper we it bosk yn rûnen, oan’t we ús fuotstappen yndrukken derop efterlitte koene. De beammen liken nei-inoar te groeien en it ljocht troch de blêdsjes hinne koe ús minner en minner berike. We holden dermei op om der fierder yn te rinnen doe’t ús in lytse helling nei in iepening fan it marke opfoel. Wiet en sêft drige de boaiem yn te fallen en him yn it wetter op te lossen. Hiel hoeden stapten we nei ûnderen ta en stiene by it wetterspegel stil. Foar ús lei it hiele marke, en ús útsjoch waard allinnich troch de takken fan ‘e omlizzende beammen begrinzge.
Op deselde manear makken we elts stiltsjes in winsk. Doe ik myn eagen ticht makke en myn winsk oan de Haadgoad fan al de Goaden rjochte, fielde ik dat by my itselde gefoel fan wissigens en noflikens opkaam, as datjinge dat my holpen hie om nei Fryslân ta te kommen. Nei in munt fuortsmiten te hawwen, waard ik folslein in oare persoan. Fan bûtenôf wie it amper sichtber, mar inerlik wie ik der wisser fan as foarhinne, dat it ús slagje soe.
En krekt waard de foarsizzing wiermakke.
Efterôf sjoen wurdt ús ferwachting eins oertroffen. Dat der safolle omtinken fanút it media wie, hie we sels net yn rekken brocht. Mar lokkich is it begjin fan ús taalproject sa ôfrûn dat der in bewustwurdingproses yn foardielen fan it Frysk yn gang setten is. It is mar it earste stap, en it lot hat, leau ik, noch mear yn ‘e takomst nei foaren te bringen.
Litte we mar de help fan ‘e Goaden ynroppe om it lot geunstiger te meitsjen foar it Frysk en Fryslân!