Skreaun troch Ken Ho
We ha it al meardere malen oer it begrip gefoel hân. Sa it wol docht bliken út ‘e searje fan ferstân en gefoel, witte we dat suver ferstân skealik foar ús wêze kin. En we ha it ek oer de njoggen wrâlden hân, oer de rôl dy’t it gefoel spilet tusken ús en de oare wêzens. Benamme ferbynt it gefoel ús mei de Goaden, dy’t troch it bidden en opofferjen ús temjitte komme sille. Mei’t it lot alles bepaalt, en ek troch alles bepaald wurdt, kin it makliker yn gearwurking fan ‘e Goaden fan koers feroare wurde yn ús foardielen.
No komme we wer oan it gefoel, mar dizze kear giet om de tsjinoerstelden binnen it gefoel, de gefoelens.
Gefoelens binne mannichfâldich. Blidens, lilkens, drôvigens, of sels gefoeleazigens, om’t je der te wurch foar binne. Om alles foar-inoar te krijen, ha we as minsken der de oanstriid fan om de tsjinoerstelden mei-inoar te bringen. “Enerzjyk” mei “wurch”, “bang” mei “selsfertroud”, “meilytsum” mei “genedeleas” ensfh. Hjirút wurdt ús faak sein dat de iene better as de oare is. Sa moat in bern altyd bliid wêze, want oars is hy in stout jonkje. En men moat him altyd freonlik en optimystyk opstelle, want oars is hy in asosjale minskeskou.
Yndie ha ik der gjin beswier op om stikmannige opstellingen en emoasjes te stigmatisearjen. Wat fijandich oerkomme kin, moat yn in gesinsweriening of moeting mei freonen út ‘e wei holpen wurde. Minsken binne ommers mienskiplik fan aard, en driftige gedragingen drage der net oan by.
Mar alles moat yn lykwicht stean, en sa moat de mienskiplike behoefte oan frede ek nea it persoanlike ferlet oan gefoelswerkenning ûnderdrukke. It belang derby wurdt nammerste dúdliker as we mar de funksje fan ‘e saneamde negativiteit beskôgje. Deryn lizze âlderhanne negative gefoelens dy’t we gewoan as min gaadlik yn minsklike ferhâlding oansjogge.
Earstens is negativiteit eins in oerlibbingsstrategy. Nimme je it gefoelspear fan leafde en haat oan as foarbyld, en dan freegje je je ôf wannear’t je earne in heikel oan ha. Faak hat it te meitsje mei eat ûnoangenaams of sels gefaarliks. As je mar ien kear troch in yn je libben wichtigenien yn steek litten wurde, ha je der nei alle gedachten in heikel oan om immen oars folút te fertrouen. Oft it eins foardielich is om sa te hanneljen nei wat we earder meimakke ha, wit ik net, dochs nimt it net wei dat it in middel is om ús ferjitlikens tsjin te gean. Yn alle gefallen tsjinet negativiteit foar ús as in skerm tsjin fierdere mooglike skea, trochdat we dêrtroch noch hieltyd oan ‘e slimme ûnderfining folhâlde. Falt it je ea op dat we it faak ferjitte wêr’t we wat lekkers iten ha, wylst we it kear op kear oan ús freonen werhelje hoe’t min of sels walgich it iten wie by in bepaald restaurant oan it smoarge ein fan in strjitte dat we tafallich op besite giene? Yn it Ingelsk sist men fan “Fool me once, shame on you. Fool me twice, shame on me”. It jout goed wjer wêrom’t we it goed moatte ûnthâlde wa’t en wat ús ris skea tabrocht hat. Want oars stiet de skuld oan ússels!
Twaddens kin negativiteit minsken sûnder mis ek gearbringe sa effektyf as positive emoasje. Hjir binne we ús faak net bewust fan, en tinke ferkeard dat alle minsken der besykje fanôf te kommen. It komt der úteinlik op oan wat foar minsken der om je hinne binne: lyksinnigen bliuwe, en oars tinkenden geane wei. Wa’t fiele kin ferbynt oaren mei harren sels, oft it gefoel posityf of negatyf is. Krektoarsom binne dejingen altyd mei in mom om harren wiere gefoelens te ferbergjen eins it minst leaf. Net allinnich sille harren oarspronklike ûnderstipers geandeweis harren echte gedachte te witten komme, om harren letter mei wredens te ferlitten, sille de bedriegers harren sels ek de rêch takeare. Wat is toch minner as men net as jinsels hâlde te kinnen? In leagener syn libben is it minst, om’t hy fan syn leagen ek wurch wurde sil.
Op it lêst is negativiteit mar in ferskiningsfoarm fan positiviteit. As we ús lilk mar ris wêze litte, binne we ommers blider as gewoan wannear’t it moat. It negative is eins in manear om it positive mei klam ta útdrukking te bringen. We sinezen sizze fan, “Ofsjoen derfan hoe’t moai de blommen der ek útsjogge, moatte der noch hieltyd wat blêdsjes by om de blommen harren skietme derút te knippen.” It haat syn oanwêzigens ferhegert de mjitte fan leafde, dy’t sûnder haat net bestean kin. As je mar altyd leafdefol binne, wannear is der mar sprake fan echte leafde? As je mar altyd lokkich en bliid binne, wannear is der mar sprake fan echte lokkigens en blidens? Alles komt úteinlik op it ferskil mei syn tsjioerstelde oan. Dús is der gjin leafde sûnder in gebrek oan leafde, en gjin lokkigens sûnder in gebrek oan lokkigens.
Tsjinwurdich binne der folle foaroardielen oer negative gefoelens. Sokke foaroardielen stamme faak út fan in ferkearde tinkwize om alles fan-inoar dúdlik ôf te skieden. Mar hjiryn hat men jin fersind, om’t alles in eigen rôl yn ús libben te spyljen hat en neat nutteleas of folslein min of goed is. En oan negative gefoelens moat men in foarbyld nimme. Se helpe ús derby om nea deselde libbensgefaarlike flater wer te meitsjen, om lyksinnigen tichterby ús oan te lûken en om positive gefoelens ta útdrukking te bringen troch krekt wat se sels binne te wêzen, de positive gefoelens harren tsjinoerstelden. Wat je tsjinoerstelde is, fertsjinwurdiget je ommers it bêst troch it folsleine ôfwêzigens fan je eigenskippen. Oars sein, wat ôfwêzich is, sprekt it lûdst.