Utspraak en mearwearde fan it geef Frysk

Skreaun troch Ken Ho

It lûd fan in taal stiet yn ‘e teken fan in folk. Ut taalkundich ûndersyk docht it bliken dat talen út ‘e wrâld gruttendiels allinnich sprutsen wurde. Dit kin ús faaks as in ferrassing oerkomme, om’t it Ingelsk, de tsjinwurdich meast brûkte taal op ‘e ynternet, yn kranten, boeken ensafh, faak sjoen wurdt yn skriftlike foarm foar te kommen. Mar as je der mar oer neitinke, is it eins net sa frjemd. Tinke je derom hoe’t je de wurde op dizze blêdside fersteane. Se wurde earstens hurdop yn ‘e holle foarlêzen, sa’t it ús wol liket op in petear dat immen mei ús oangiet. We fine it ommers nofliker en makliker om wurden net yn dielen, mar yn harren gehiel wjer te jaan. En sok gehiel fyn him werom yn deistige gesprekken mei ús famylje, buorlju en froenen.

In gesprek is eins in lûdferkear. Krekt as auto’s op ‘e autowei harren sa hâlde dat se elkoar nea dwerssitte, om oan in mooglike staking te ûntkommen, komme de stringen lûd yn in gesprek wer en hinne om barren. As der ien losgiet, hâldt in oar op. Opfallend wurdt ien string lûd yn syn gehiel ferstien, en nea yn dielen. Wat in buorfrou sist dat se justernacht net goed slept hat, is hiel oars as wat in buorman sist dat hy justernacht júst goed slept hat. Yn ús gefoel giet de bedoeling net samar om it wurdsje “net” yn ‘e sin , mar om it gearhing dy’t út it string lûd bestiet. It is eins it gehiel dêr’t ús omtinken him op rjochtet.

Geef Frysk betsjut dat men it sprekt krekt as in gewoane Fries it faak heart fan syn buorlju. Wat in trochsnede Fries as gewoan ûnderfynt, jildt as in model dat neidien wurde moat. Ik hat it mar ris fan in buorfou op jierren heard, dat se der raar foar stie doe’t in kleanswinkel yn Ljouwert it teken “sold out” sjean liet. It lei deroan dat Ingelske leanwurden eins net fersteanber binne foar ‘e Friezen. Dêrom tocht ik doe dat der better sein wurdt fan “útferkocht” om op it deistige Frysk brûk oansletten te wêzen. Wat frjemd klinkt yn ‘e oaren fan in gewoane Fries, is dêrom gjin geef Frysk.

Njonken in gaadlik wurdkar moat der ek genôch omtinken jûn wurde om goed út te sprekken. Op dizze mêd is der faak wat misgien, om’t taalgelearden der noch hieltyd de oanstriid fan ha om libjende talen as deade talen lykas it Latyn te studearjen. Men moat tinke dat it skreaun Latyn troch de iuwen hinne net mear as sprektaal brûkt is sûnt it útfallen fan it Romeinske ryk. Sadwaande is it latyn yn âlde boeken faak stiif yn styl en liket yn gjin gefallen op it deistige brûk ûnder ‘e Romeinen. Dat wolle we fia ús taalproject foarkomme foar it Frysk, dêr’t de útspraak fan ús in sintrale rôl spilet.

Hoe’t langer ik me mei it útspraak fan it Frysk dwaande hâld, hoe’t mear ik de taal oanfiel as in sjongtaal. Yn it begjin lústere ik foar ‘e útspraak nei Omrop Fryslân. It foel my altyd op dat de Frysktalige rapporteur faak in antwurd yn it hollânsk weromkriget sels as der yn it Frysk frege wurdt. Sadwaande rûnen de twa talen yn myn oaren yn ‘e boegen, wat my motiveare ta in soart taalferliking. Wylst it Hollânsk wat ruw en hurd klinkt, is it Frysk krekt hiel leaf en freonlik. Boppedat ha ik ûnder ‘e yndruk west dat it Hollânsk wat baaseftich oerkomt. Dit falt oan ‘e hâlding ôf te lieden dat krekt as it fanselfsprekkend is om gjin Frysk prate te kinnen. It Frysk liket my dús op immen dy’t elke kear wat tajout, dochs wurdt der elke kear wat mear ferlern.

It Frysk as in sjongtaal is leaf en ljocht. As men it sprekt, liket hy asof hy in liet oan it sjongen is. Dit hat faaks te krijen mei de twalûden, dy’t yn gjin oare talen foarkomme. Se binne as it folgjende skriftlik fêststeld, ii, ie en ea. Wat se derút knipt, is dat de twadde lûd foar eltse twalûden in bytsje weisakket wat de earste oangiet, sa’t der in soart muzikalens ûntstiet yn it útspraak. Ik krije der ek folle aardichheid fan dat de twalûden harren útspraak feroarje moatte as it wurd yn mearfâld, in ferlytsingswurd of in gearstelling wurdt. Sadwaande krije we sawol in ôfgeande útspraak as in opgeande útspraak fan de twalûden, lykas beam (ôfgeande útspraak) en beammen (opgeande útspraak). Wat spannend it is om it Frysk goed út te sprekken!

It smit eins noch folle mear mearwearde op as men it Frysk syn útspraak goed kent. Foar Hollânske sprekkers kin it Frysk brûkt wurde as in paadwizer nei de âlde Hollânske stavering, dy’t faak letters lykas “ae” “uu” brûkt om de doetiidske útspraak oan te tsjutten. Tinke je mar om it Fryske “hûs”, en ferlikje it mei it Midshollânsk “huus”, dan sjogge je hoe’t it Frysk noch hieltyd tichteby syn woartel stiet, wylst it Hollânsk al folle feroare is.

Like nuttich is it Frysk foar it Ingelsk as foar it Hollânsk, as it net mear sa is. As we mar yn rekken hâlde dat it Ingelsk sûnt 1066 heftich ûnder ‘e ynfloed fan it Frânsk feroare is, en dat it Frysk syn oergong nei Nijfrysk pas om 1820 hinne makke, don komme we algau ta de ynsjoch dat It Frysk as de boarntaal fan it Ingelsk jilde kin. Tinke je mar om ‘e útspraak fan it Ingelske wurd “dream”. Mei it Fryske stavering kin it eins wjerjûn wurde as “drym”. As we it mar mei it Fryske wurd, “dreammen” (útsprutsen as “drjem” of “dri-ém” mei in stôkje dertusken om it twalûd dúdlik sjen te litten) yn betrekking bringe, sjogge we skielk dat allinnich it earste lûd fan it twalûd oerbliuwt yn it Ingelsk. Fan it Fryske “i-é”, wurdt der allinnich “i” of “y” (Fryske stavering yn in sletten wurdlid) yn it Ingelsk, om’t it twadde lûd “é” weisakke is.

Al mei al moatte we it Frysk syn útspraak nea út it each ferlieze. Wat jammerdearlik it wêze soe as it Frysk oan itselde lot lykas dat fan it Latyn feroardield wurde soe. Wat in grut ferlies it foar ‘e minsken wêze soe as we fan ‘e sjongtaal net mear heare kinne soene. En wat in ûnfoarstelbere efterútgong it wêze soe foar ‘e wittenskip as we de boarntaal fan safolle Germaanske talen lykas it Hollânsk en it Ingelsk deagean sjen soene. Litte we mar it Frysk sprekke sa’t de Friezen it mei-ionar dogge. Hooplik sille de neikommelingen it Frysk sa flottich en muoiteleas sprekke kinne as harren ôffaars.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s