Thús en op skoalle, diel 1: Gefoelensfersoarging

Skreaun troch Ken Ho

Krektlyn kaam ik in Japansk ferdividaasjesprogramma tsjin dat de reaksje fan ‘e bewenners dêre op kaart bringe wolle op in dier dat mannachtich foarkomt yn ús hûshâlding yn Hong Kong, kakkerlak. Der waard in trochsichtich doaske oan ‘e ûnderstienen sjoen litten, dy’t harren miening diele moasten oer de kakkerlakken deryn. Dat de dielnimmers dêrtroch fan streek reitsje soene is al ferwachte. Sok programma hat ommers as doel sjoggers te fermeitsjen troch de ûnderstienen in bytsje te pleagjen. Mar ûnferwachts kamen de programmaslju in groep minsken tsjin dy’t hielendaal net bang fan ‘e kakkerlakken wiene. Der waard sels twifele oft harren reaksje wier wêze koe. Yn stee fan ynienen fan it doaske ôfstân te nimmen sadree’t men it sjen liet, priisden se it dier oan as tige leaf. As dit noch net bjusterbaarlik genôch west ha soe, fregen se noch fierder, “wat foar húsdier binne se? Mei ik se thús ha?”.

Dizze fraach lit sjen dat wat we nea meimakke ha, ús nea bang fan him meitsje soe. As in dier dat gruttendiels te finen is yn drokke stêden, dêr’t faak fersmoarge wurdt mei in hege befolkingstichtens, is it in seldsumens yn ôfleine plakken. Sadwaande is it ús oplost wat oant no ta noch in riedsel is: De ûnterstienen kamen út Hokkaido, it meast noardlike eilân fan Japan, sa docht it út it programma bliken. Hjirút falt ôf te lieden dat der nei alle gedachten gjin of net folle kakkerlakken op wenje.

It kakkerlakkeferhaal wiist ús op it foarmjouwende ynfloed dat ús eardere ûnderfining op ús lettere hannelswize en beslútfoarming hat. Dizze ynsjoch hie de Ingelske skriuwer, William Wordsworth, ek troch, en dy hat er ris dellein yn in gedicht skreaun yn 1802. “The child is the father of the man.”, aldús in alinea yn in nostagyk, koart gedicht mei in weromblik nei syn bernstiid. Us Heit is immen dy’t ús leart en de figuer Heit is in byldspraak dy’t ús learmaster oantsjut. Hjirmei bedoelde hy dat in folwoeksene (man) net samar ta stân kaam. Njonken in al wiidweidich fersprate ferûnderstelling dat in gaadlike grutbringing (the father) fan wêzentlik belang wie, sei er mei klam dat ús berntiid (the child) like wichtich wie foar in sûne folwoeksenens.

En wat hâld in bernstiid yn? Dizze fraach hâldt ús yn ‘e besnijing, om’t eltsenien suksesfol wêze wolle. Wylst we faak nei it kearn fan ús ûnlokkigens witte, nammentlik dat it oan ús persoanlikheidsgebrek leit, binne we machteleas om tsjin dizze oanstriid te gean. Wat oanleard is, is faak dreech te korrizjearjen. Wat wûnderbarlik it wêze soe as we de minne tak fan in beam al yn ‘t foar ôfhakke ha, om foar te kommen dat it fierder ferkeard groeit? In bekende Sineeske siswize lûd as folget, dat in jonke mar trije dagen nedich hat om min te wurden, dochs trije jierren om goed te wurden. Dizze warskôget dat men better fan it begjin ôf al it goede leart. Oars nimt it folle mear tiid yn om fan it minne ôf te kommen.

No komme we wer oan de fraach, nei’t we it belang derby al witten ha. Wêr’t bestiet bernstiid út? Dit is wol grif in oar riedsel. Bernstiid ha faak betrekking mei lytste bern op jonge leeftiid, al binne minsken minder as achttsjin jier âld noch minderjierrich. As we mar de earste guon jierren sa beskôgje as measttiid thús trochbroch te wurden, dan kin de neamde perioade wol as thústiid neamd. Dêrnei geane bern op skoalle om harren fierder te ûntjouwen. Foar maklikens neam ik se as skoaltiid. Beide tiden ha gemien dat se learmominten besykje te jaan oan ‘e bern, dy’t nei alle gedachten in folweardige folwoeksenen wurde sille. De fraach is allinnich, oft de learmominten like effektyf ûnder sawol thústiid, as ûnder skoaltiid. En wat stiet te grûn oan effektive learmominten? Oars sein, wat trúnt bern oan om mear leare te willen? Wêr is it boarn fan learmotivaasje? Under guon omstannichheden binne bern it meast motivearre?

Hjirop en op folle mear sill we yngean yn it foljende artikel yn it raamte fan thústiid en skoaltiid.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s