Thús en op skoalle, diel 2: Lytstskaligens

Skreaun troch Ken Ho

Yn it foarige artikel falt it ús op dat ús persoan bepaald wurdt troch ús ûnderfiningen. We binne ommers hieledaal net gefoelich foar wat we nea meimakke ha. As we mar werom nei de earste dagen sûnt ús berte op syk geane, komme we algau by âlderhanne barrens telâne dy’t ús tsjinwurdige ôfkear, foarkar, foarleafde, of sels foby te grûn lizze. Om’t ús berntiid sa wichtich is yn ús persoanlike ûntjouwing, geane we no fierder yn op de twa learperioaden dy’t in belangrike rôl yn ús libben spylje, mei ús âlders (thústiid) en op skoalle (Skoaltiid).

Mei ús âlders is it altyd it noflikst, of alteast stiet it sa by my. Foar oaren dy’t hjir gjin ienklang yn fine kinne, hat it faaks te meitsjen mei rûzje mei harren âlders. Dochs sizze de sinezen ûnder-inoar dat sels de kweaäardichste tiger syn soan net opite soe. It hús is ommers ús tafluchtsort as der bûtenôf wat mins bard is. Gjin âlders winksje it minst foar harren bern, om’t se belang ha by harren bern om fuort te plantsjen, sa’t harren soart net útstjerre soene. Sadwaande sille se ús op ús libben syn minste tariede, sels as we dy as tige ûnoangenaam ûnderfine. Dochs úteinlik komt it derop oan as we alle hope ferlern ha om ússels fierder út te daagjen, dat se ús tichterby komme, mei in hân oer ús rêch streakje, en yn ús oaren flústerje, “Do hast dyn bêst dien. No komst mar thús en rêst mar út.” It belangrykste is eins net hoefolle we oft fan bûtenôf lijd ha, mar oft we begripen wurde en oft ús dieden op priis steld wurde. Wat better is as immen tichteby te hawwen, dy’t ús gefoel fan binnenút wit te fersoargjen? En sa’n immen fine jo thús, by dejingen dy’t al jierren trochbrocht ha mei jo.

Krektoarsom is de skoalle eins in slachfjeld dy’t ús allinnich konkurrinsje foarsjocht. Al is konkurrinsje mar natuerlik en soms foardielich, om minsken oan te trúnen harren bêst te dwaan, is in tsjinwurdich gebrek oan omtinken oan ‘e learlingen harren gefoelens in deadlike sonde. Dat leit net oan ‘e skoalmasters, dy’t it no sa drok ha om in tanimmend oantal bern ûnder kontrôle te krijen. Dat komme je faak yn Hong Kong tsjin by iepenlike skoallen, dy’t nammerste mear jild fan ‘e oerheid krije as der mear studinten ynskreaun wurde. Om’t it jild faak allinnich brûkt wurdt om mear fysike foarsjenningen oan te skaffen, of stikmannige djoere leraren fan bûtenôf yn te hieren, kinne sokke grutskalige skoalle der faak net oan ûntkomme, nammentlik dat in it oantal oan leararen en oan studinten út it lykwicht rakke is.

Sadwaande is de tsjinwurdige skoalle in slachtfjeld wurden sûnder ûnderstiping, dêr’t eltsenien allinnich foar himsels fjechtet. Yn it midsieuwen doe’t skoallen lytser wiene, wiene der mar inkelde bern ûnder ‘e tafersjoch fan ‘e learmaster. Je moatte der net om tinke dat der minder konkurrinsje wie, om’t de learmaterialen folle dreger wiene as it no it gefal is. Soks lytsskalige skoallen, of better sein, private ynstellingen, besochten in thús situwaasje te skeppen dêr’t der likefolle omtinken jûn waard oan elts bern. Dit ferklearret ek wêrom’t minsken tsjinwurdich in foarkar ha foar private skoallen, dy’t njonken in slachtfjeld, der in soart tydlik opboude tinte ek by beskikber hat. Der binne ommers genôch leararen dy’t oan fragen fan ‘e bern soarchfâldich anderje kinne. Wat is better as je je troch oaren werkend fiele?

Mar dit betsjut net dat private skoallen de bêste kar binne. Ut ús oanfierde analyse docht it bliken dat gefoelensfersoarging sintraal stiet yn it wolwêze fan ‘e learlingen. Yndie binne learlingen net bang fan drege materialen, mar fan in gebrek oan leafde en werkenning. Us âffaars hiene gjin foarmele skoalle yn it ferline, en harren neikommelingen wiene net bang fan in misleard eksamen. Der wie eins ommers gjin sprake fan eksamen. Mar wiene se, de bern fan doe, efterlik? Dat se faaks minder wisten as we sels is wol fêst, mar dit nimt net wei dat se blider wiene. Der is gjin tekoart oan nijs yn Hong Kong oer skoalbern dy’t harren tekoartdogge, om’t it de drokte op skoalle net mear ferdrage kinne. Sels is der rapportaazje oer makke hoe’t learlingen op beukerskoalle medesinen brûke moatte om tsjin depresje te gean. Is dit wat we alle sjen wolle, dat ús neikommelingen ûnder ûnnedige spanning lije, wylst se it allinnich wat leafde en werkenning krije wolle? Slimmer genôch is oermjittige spanning gjin boarn fan motivaasje. Se deadt allinnich.

Al mei al bart binne de bêste learmominten konkurrinsje mei ûnderstiping. Ofsjoen derfan hoe’t skoallen harren learmetoaden kear op kear oanpasse om se te ferbetterjen, is in grutte skoal altyd neidielich foar de persoanlike ûntjouwing fan ‘e bern. It komt der ommers op oan dat bern harren gefoelens goed fersoarge wurde moatte, en dit bart allinnich mei minsklik kontakt. Sûnder minsken dy’t je tichteby steane lykas je famylje, leveret alle foarmen konkurrinsje mar spanning op, en gjin motivaasje. As thústiid kombinearre wurde kin mei it learen, sa’t it ek by ús âffaars it gefal wie doe’t der gjin sprake wie fan grutskalige skoallen, is de stuwaasje it geunstichst foar bern harren ûntjouwing.

Litte we ús bern in goede berntiid mar hawwen. As se yn in leafdefolle omjouwing leare, sille se ek mear opdwaan kinne. It kin yn gjin gefallen mei safolle klam eat te sizzen as it te werheljen, “The child is the father of man.” As we ús bern mar minne ûnderfiningen besparje, wurde se ek bettere folwoeksenen.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s