Omtinkenbehear

Skreaun troch Ken Ho

Omtinken, dat komt fansels as je earne om tinke. Syn wearde falt ús seldsum op, om’t dat mar in middel is foar in oare ein. Boppedat is it in oanberne feardigens, dy’t eltsenien yn like mjitte takomt. Hoege we der dús net nuodlik oer te wêzen, om’t we der neat fan feroarje kinne?

Al fine we treat by in pessimystyske hâlding, dochs skrilje we út en troch op mei ûnferwachte barrens. Dan ha we der letter spyt fan dat we ús tinktrant net earder feroare ha soene. Stelle je je de situwaasje foar dat je sa wurch wurden binne nei in deis wurk, dat je je net mei it húshâlding bemuoie wolle. Mar as je bern je mei alle fleurigens útnûdzje nei in lytsbernlik spul, en je al lange tiid gjin geselligens mei je famylje hân ha, behalven rûnom in tafel gear te iten en goeienacht mei-inoar te sizzen, freegje je je faaks ôf, oft je hjir yndie neat oan dwaan wolle. Sykjend nei in oplossing, beseffe je dat it wurk net samar dellein wurde kin. Oars kin it net, om’t der folle útgûn wurde moat foar húshâldlike ûnkosten. Mar as je famylje mear fan je omtinken nedich hat, moat der wat feroaring brocht wurde oan je gewoante, foaral dingen dy’t je te folle omtinken foar neat ûntdogge .

Oan dizze behoefte om it omtinken alwer ûnder kontrôle te krijen, beanderet in stúdzje fan omtinkenbehear. Hjirmei wolle we in somtiden tefolle en in somtiden tekoart oan omtinken foarkomme. It folgjende giet hjir fierder op yn.

As in gearstelling, bestiet dit neologisme út sawol “omtinken” as “behear”. Behear is in keunst dy’t besiket dingen sa te ferdielen en ta te wizen om der de grutste foardielen fan te heljen. Ofhinklik fan it doel fan behear, kin it ferskillend útfierd wurde. Koarts: der is gjin sprake fan júst behear of net, mar allinnich fan in effektyf behear nei in dellein doel. En it is net oars mei omtinkenbehear, dat omtinken as foarwerp fan ús stúdzje hat.

Guon minsken wolle ûnder de ryksten wurde. Se wurkje deis en nachts, om allinnich mear en mear te fertsjinjen. En guon wolle harren folút wijde oan wittenskip om kennis te ûntdekken, sammelje en fersprieden. En it fierstente grutte diel minsken wolle allinnich mei oaren yn frede libje. Mar se ha allegear it gemien, dat in goede minsklike betrekkingen by harren ûnmisber binne. Oft je in sakenman, in wittenskipper of in gewoane boarger wêze wolle, moatte je je yn alle gefallen oan ‘e mienskiplike regels foegje. We wurkje gear, en gearwurking is allinnich mooglik as eltsenien elkoar mei respekt en begrip bejegenet. Dat litte we sjen yn ús manear fan kommunikaasje.

Kommunikaasje bestiet net allinnich út kennisútwikseling, mar ek minsklike weardering. Myn heit hat ris sein, “as je mar immen tsjinkomme dy’t syn njoggen fan ‘e tsien sinnen sinleas binne, moatte je harren noch tanksje foar de iene sin dy’t sinfol is.” Syn libbensfilosofy is net sa frjemd, om’t we dat foaral tapasse yn it gefal mei in nije kunden. It gesprek mei harren giet faak om it waar, it iten en alles algemiens. Wa’t sist dat it yn it begjin bûtengewoan nijsgirrich is, ligt mar út hoflikens. Mar dit slút it net út dat de nije kunden je faaks letter wat nijsgirrichs fertelle kinne as jim mei-inoar in djipere froenskip opboue. En krekt is dizze mooglikens dêr’t myn Heit syn hannelswize oan leit. As je no mar wearding fan je gesprekpartner sjen litte, komme je miskien wat mear te witten, dat jim as grutte freonen mei dielde ynteresse omfoarmje soe.

En hoe moatte we oaren sjen litte dat we harren muoite wurdich binne om mei te sprekken? Hjir leit in wichtich grûnslach oan te grûn, nammentlik dat je earstens wat jaan moatte, om dêrnei wat te krijen.

It is in kado dat immen syn kennis mei ús diele wol. Oft je dat wurchsum en saai fine of net, bliuwt it sa dat de sprekker net ferplichte is om in gesprek mei je oan te gean. Wêr’t er om freget is je omtinken, want omtinken jout him it gefoel dat er weardearre wurdt. Mei de weardering is er dús ree om mear te skinken. Dit liedt ta in ûnunterbrutsen omrin fan it jaan en it krijen fan wjerskanten, oan’t beide partijen ôfpraat ha.

De keunst fan omtinkenbehear is om it folste omtinken te jaan oan minsken dy’t je weardearje. Dit ûntbrekt faak tsjinwurdich. As in berch sjoch ik dertsjinop dat minsken rûnom ‘e yttafel foaroer bûgd binne en nei ûnderen sjogge, om allinnich mei oaren yn ‘e tillefoan te skriuwen. Grappich genôch is dat ien kear as se wer harren freonen moetsje, se der op ‘e nij mei begjinne om mei oaren fia de tillefoan te sprekken. Oandochtich te harkjen trekt minsken oan, en dit wolle we berikke yn in weriening mei ús freoenen of famylje. Sokke kâns om harren te sjen is seldsum, en de weriening fertsjinet ús omtinken dûbeld en dwers. As doe net, dan wannear?

Mei omtinkenbehear kinne je minsken weardearre fielen litte. Troch mei omtinken te harkjen, en meilytsumens te toanen, wurdt der fan je omtinken goed brûk makke. Dat is net allinnich in sukses foar je sels, mar ek foar eltsenien om je hinne. As eltsenien de behearder syn omtinken wurdt, dan kriget jan en alleman wat er it nedichst hat, werkenninng en begrip!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s