Skreaun troch Ken Ho
De Sineeske kultuer hat folle gemien mei de Jeropeeskenien. Dat hat foaral te tankjen oan de lange skiednis fan beide kultueren, dy’t in ferlikbere wize fan wrâldbeskôging ûntjûn ha. Mei’t allebei sûnt minskeheugnis harren mei lânbou dwaande hâlden ha, waard it oarspronklike tiidrekkeningssysteem op ‘e rotaasje fan sawol de moanne as de sinne bassearre. Nei’t minsken harren nei stêden begûnen del te setten, rakke de moannesinnekalinder stadichoan yn ‘e delgong. Mar noch hieltiden wurde wichtige feestdagen dêrmei berekkene, krekt as ús âffaars it dienen. It wiist derop dat we noch jammeroan mei ús woartels ferbûn binne as ierdlingen, dy’t foar libbensmittel op it lânbou lynje, en net op ‘e supermerken of winkelskeatlingen.
Yn dizze serje geane we yn op ‘e feesten fan beide âlde kultueren dy’t plakfine oan it ein fan ‘e kâldste wintersdagen. “Wachtsje eefkes. De kâldste wintersdagen?” soene je je ôffreegje. “Wannear is it winter it kâldst?” It is ús riedseleftich de útdrukking “de kâldste wintersdagen”. It stiet ommers by ús ûndúdlik, mei hokke moanne of dagen it bedoeld wurdt. En dat wol sizze, in antwurd oan ‘e hân fan de by ús gongbere kalinder. “Oan it ein fan Jannewaris.” Jou ik oan. Sûnder mis sil ik mei in glimke begroete wurde, om’t de behoefte oan krektens befredige wurdt. “Mar wachtsje eefkes.” Soe ik dit no om myn bar sizze. “Wat betsjut dan eins Jannewaris?”
Dreech is it om de betsjutting fan Jannewaris wjer te jaan. Net om’t we allegear domkoppen binne, mar om’t der eins gjin antwurd oan leit. Koarts, de moanneoantsjutting fan Jannewaris betsjut neat mear as in perioade mei 31 dagen, in groepearing dy’t likefolle betsjut as oare moannen mei deselde tal dagen.
Krektoarsom is tradionelle Sineeske moannesinnekalinder sa ûntworpen, dat de yndieling fan it jier yn 24 perioaden nuttich is foar waarsizzing. Boppedat wurdt eltse perioade mei wittenskiplike krektens metten. Under eltse perioade stiet de sinne ommers om in bepaalde hoek de ierde syn lingtegraad tsjinoer, en nimt hieltyd wer by 15 graden ta as it nei de foljende perioade oergiet. Al mei al makket de ierde in sirkel rûnom de sinne yn in jier (24*15 = 360 graden). Wichtich is it dat eltse perioade him derút knipt troch in beskriuwing fan it waar yn ‘e perioade. Wylst we notydlings derfoar de webside fan waarfoarsizzing riedplachtsje moatte, hoegden ús âffaars it net. Se wiene ommers as lânboulju tichteby de natuer, en altyd fan it waar op ‘e hichte. Oan it ein fan ‘e wintersdagen binne we by it lêste perioade fan it Sineeske moannesinnekalinder telâne, “grutte kâldens”. Oar sein: it is de kâldste dagen yn ‘t winter, dêrnei’t it stadichoan yn temperatuer tanimme sil.
Nijsgjirrich genôch is sokke krektens yn ‘e kalinder ek oanwêzich yn ‘e Jeropeeske kultuer, al is dy stadichoan yn delgong rakke. As foarbyld nim ik dejinge yn Yslân oan, dy’t tsjinwurdich spitichgenôch net mear brûkt wurdt. Dêryn is it jier yn twa grutte perioaden ferdield, dy’t allebei de koarte dagen en de nachtleaze dagen yn it Yslânsk hjitte . De koarte dagen binne eins de wintersdagen dy’t harren derút knippe troch lange nachten, wylst de nachtleaze dagen de simmersdagen. Yn elts healjier binne der seis moannen. De iene hjit de slachtsjemoanne, en de oare de fetfrettemoanne, in periode wannear’t je folle fet nedich ha tsjin de kâlde winter. Mar dizze twa moannen binne allinnich yn oanrin nei de kâldste perioade, dy’t dellein wurdt as ‘e fjirste moanne fan ‘e koarte dagen (de wintersdagen). De moanne hjit Thorri yn it Yslânsk. Oer wat de namme eins betsjut, besteane der folle ûnienichheden. De iene seit fan in wintersreus dy’t letter troch de Haadgoad Weda bekeard wurdt ta de Goad Tonger (dy’t ek Thorri hjit yn it Yslânsk), wylst de oare fan de soan fan snie, wat út in Yslânsk Saga docht bliken. Neffens de lettere ynterpretaasje neamt men de moanne Thorri dús “de ferzen snie”. Oft de namme Thorri in oare of deselde persoan is as de Goad Tonger , docht der yn elts gefal neat oan ôf dat de moanne te meitsjen hat mei de Goad Tonger, soan fan Weda. Dús kinne we ús alteast foarstelle dat yn moanne fan Thorri Goad Tonger om beskerming bean wurdt tsjin it kâlde waar. Dat de moanne mooglik in namme as “de ferzen snie” ha kin, sprek ta ús ferbylding hoe’t it doe derút sjocht.
Sa fier fan-inoar as Sina en Jeropa yn ‘e wrâld ferspraat binne, ha se it dochs gemien dat se ea in moannesinnekalinder yn brûk nommen ha. No’t we witte dat de kâldste wintersdagen yn ‘e lêste perioade fan “de grutte kâldens” neffens de Sineeske Kalinder, en yn ‘e fjirde moanne fan ‘e wintersdagen neffens de Yslânske Kalinder plakfine, kinne we fierder. Yn it foljende artikel sille we it oer twa wichtige feesten ha dy’t om dizze tiid hinne fierd wurde: De Sineeske nijsjiersfeest en de Jeropeeske Thorrablót.