De kâldste wintersdagen, diel 2: Goadensferhâlding en –besibbens

Skreaun troch Ken Ho

Mei in moannesinnekalinder wurdt it waar dúdlik oanjûn yn gearhing mei de wikselwurking tusken de sinne en de moanne. Dat docht út it foarige artikel bliken, dat sjen lit dat se yn it ferline wiidweidich brûkt waard yn Sina en Jeropa by it lânbou. It biedt ús ek it hâldfêst foar in diskusje fan ‘e feestdagen dy’t noch hieltiden dellein wurde neffens de tradionsjonele kalinder. Yn it folgjende wurdt der yngien op it Sineeske nijsjiersfeest en it Jeropeeske Thorrablót.

Al is it Sineeske nijsjierfeest wat algemien bekend , om’t it sûnt it begjin fan ‘e fundearring fan ‘e earste Sineeske keizerryk oanienwei oant no ta beoefene wurdt , bliuwt it Jeropeeske Thorrablót syn wearde foar ‘e measte minsken tsjuster. Dat komt trochdat it Thorrablót notydlings allinnich te finen is yn Yslân en net yn it hiele Jeropa. Sterker noch soe it feest net bewarre bleaun ha, as de yn 19-ieu yn gong sette romantyske beweging yn Yslân net plakfûn hie. Sadwaande wurdt it tradisjonele feest by mannigenien net sa weardearre as it him heart ta te kommen. Mei’t it Thorrablót syn oarsprong weromgiet op ‘e tiid fan ‘e Wytsingen, is it feest eins like âld as ‘e Sineeskenien. Boppedat wurde allebei om likenôch deselde tiid hinne, de kâldste wintersdagen, fierd. Dêrtroch wol ik se as earbetoan yn dizze serje ûnder behanneling nommen. It hâldt my ommers yn ‘e besnijing, dat beide feesten, nettsjinsteande de grutte ôfstân tusken Sina en Jeropa, it oars safolle gemien mei-inoar ha.

De earste gelikenis leit oan ‘e bedoeling fan beide feesten. It Yslânske wurd “blót” wiist op in oangelegenheid dy’t ornearre oan ‘e ferearing fan ‘e Goaden is. Yn gjin gefallen is it minder sa by it Sineeske Nijjiersfeest, al is it net sa eksplisit werjûn by de beneaming. Der wurdt sels ûnder it feest strang op tasjoen dat Goadenferearing yn in bepaalde folchoarder en op bepaalde manearen útfierd wurdt. Dat hat te meitsjen mei it feit dat it deistige ferkear ûnder ‘e Goaden like ynwikkeld as it Sineeskenien is. As der mar wat misgien wêze soe, soene de Goaden lilk wurde, krekt as Sinezen harren misledige fiele soene wannear’t se net as ferwachte behannele wurde. De komplisiteit fan de doetiidske Sineeske mienskip wurdt yn it folgjende bepraat as útgongspunt foar in diskusje fan ‘e ferhâlding ûnder ‘e Goaden.

Folút basearre op minsklike betrekking, wie it Sineeske sosjale fermidden fan doe lêstich koarts op te fetsjen, al knipt it him derút troch twa skaaimerken, nammentlik in grut Sineesk gesin en in troch de idealen fan konfusianisme stjoerde mienskip. Om fan in grut gesin te sprekken, is it gjin grapjeie mei’t der gewoanwei trije of mear generaasjes minsken yn it tradisjonele hûs (Siheyuan) wenje. Dat komt trochdat oantroude froulju nei it hûs fan ‘e mannen ferhuze moasten nei it houlik, en net krektoarsom. Sadwaande nimt famylje mei folle jongen yn omfang ta, oan’t de betrekkingen tusken alle famyljeleden sa ynwikkeld reitsje dat der foarsichtich mei de oansprekkingsfoarm omgien wurde moat. Dit spiegelet him ek wjer by de Goaden.Hjirby wurdt der faak frege, “Hoe stiet dizze Goad yn betrekking mei de Goadin? Is hy de âldere broer fan de Heit fan ‘e oantroude man fan ‘e Goadin? En sa, hoe moat hy dan oansprutsen wurde?” Twaddens oerhearske doe de idealen fan Konfusianisme yn ‘e Sineeske Keizerriken. Sa moat de kening him as in kening hâlde, ûnderdienigenien as ûnderdienigenien, heit as heit en soan as soan, lûdt in bekende Sineeske siswize dy’t út Konfusius syn Analekten weikomt. Oars sein: eltsenien hat in yn ‘t foar fêststelde sosjale hâlding tsjin-inoar oer, en oan eltse hâlding wurde der gedrachsregels ferbûn. De regels moatte neilibbe en earbean wurde, want oars soe men him misledige fiele. Wat Goaden fan minsken ûnderskiedt is mar it feit dat Goaden bûtennatuerlike macht by harren ha. Sadwaande moatte Sinezen, dy’t it bêste winskje wolle foar harren famylje, buorlju en freonen, de Goaden ek sa bidde en opoffering dwaan as it harren tastiet. Yn it besûnder wurdt der ûnder it Nijsjiersfeest oan it ritueel twaris meidien, de iene kear om de Goaden fan it ôfrûne jier dei te sizzen, en de oare kear om de nije Goaden wolkom te hjitten. It leit deroan dat stikmannige Goaden, foaral dejinge mei in útfierende macht (en gjin beslútfoarmjend foech) jierlik fan posysje wikselje moatte. In foarbyld hjirfan is “de Goad fan it fjoerpôt” yn ‘e keuken. Hy sjocht derop ta dat der gjin ûngelok barre sil by it koaitsjen, lykas brân en giftich iten troch ûnsoarchfâldigens. Mei’t it iten fan wêzentlik belang is by de sûnens fan ‘e famylje, moat dizze Goad ek fereare wurde sa’t it heart.

Nijsgjirrichgenôch is it ferskaat oan Goaden yn ‘e Jeropeeske kultuer likefolle as yn ‘e Sineeskenien. Sa’t yn it foarige artikel sein wurdt, is Tonger ien fan ‘e Goaden en hy kriget noch hieltitden jierlik in blót tsjinwurdich yn Yslân ornearre . Under de moanne Thorri, dy’t teffens de Goad syn namme is, wurdt it Thorrablót (de opofferingsfeest foar ‘e Goad Tonger) hâlden. Dat hy in eigen blót wurdich is, leit oan syn besibbens oan de Haadgoad Weda as syn soan. Salang’t de Haadgoad Weda wat betocht hat, giet syn soan mei syn befel ta aksje oer. Sadwaande is it dús gjin wûnder dat de Goad Tonger syn feest Thorrablót wol earder yn hiel Jeropa fierd west ha soe, ek by de Friezen. Mei safolle natuerkrêften dy’t as útfiermiddels tsjinje, kin de Goad Tonger ommers it waar waarmer meitsje. Syn yngreep is nammerste winskliker ûnder ‘e kâldste winterdagen, wannear’t it itensfoarried by it Jeropeeske folk hoe langer hoe tichter syn ein beneikomt. Wat wanhopich is men as hy honger yn it winter hat!

Boppedat lit syn wichtige rôl him yn hiel Jeropa ek sjen yn dagen harren beneaming yn in wike. Yn it Frysk is “Tongersdei” eins in dei tawijd oan de Goad Tonger. Yn it Hôllansk hjit deselde dei, “donderdag”, yn it dútsk “Donnerstag” en yn it Ingelsk “thursday”, dat op deselde Goad Tonger (Thor yn it Ingelsk) wiist. Sels binne it italiaansk “giovedì” en it Fransk “jeudi” in beneaming ûntliend oan ‘e romeinske tsjinhinger fan ‘e Goad Tonger. Dús is it Yslânske Thorrablót eins gjin pleatslik feest, mar in algemien Jeropeesk feest.

In feest is gjin feest sûnder it oan Goaden ta te wijden. Dit falt ús op as we it Sineeske Nijsjiersfeest en it Jeropeeske Thorrablót eefkes bestudeare. It is ús ek dúdlik wurden dat de Goadlike betrekkingen like ynwikkeld binne as de minsklikenien. Dit komt gewoan út troch it op in spinreach likjende weefsel dat alle njoggen wrâlden fan binnenút mei-inoar ferbynt. It sprekt dús fansels dat goadlike en minsklike betrekkingen net fan-inoar te skieden is. Troch it him jimmeroan fergrutsjende weefsel binne wêzens ommers net allinnich binnen ien wrâld mei-inoar ferbûn, mar binnen alle njoggen wrâlden.

Yn it folgjende artikel sille we noch mear gelikenissen tusken de twa feesten yn kaart bringe, dy’t ús muoite wurdich binne om fierder ûndersyk oan te dwaan.

 

 

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s