De kâldste wintersdagen, diel 3: Beskerming tsjin reuzen en boaze geasten

Skreaun troch Ken Ho

It goede en it kweade komme jimmeroan gear. Mei guodlike wêzens, moatte der ek kweaäardige wêzens oankomme. Oars ferlieze de feestdagen harren betsjutting as in gebed om Goadlike beskerming tsjin lilkaardige wêzens. De striid tusken de goedenien en de kweadenien is iuwich en komt eltse kear werom, krekt as de moanne en de sinne yn iuwige rotaasje binne sa’t we it jier mei maaitiid , simme, hjerst en winter kear op kear folút belibje. Yn dit artikel geane we fierder mei de gelikenis fan it Sineeske Nijjierfeest en it Jeropeeske Thorrablót , yn it besûnder op it mêd fan meunsters.

Yn Sina libbe der foartiids in grut bist yn it bosk. Wylst it ornaris allinnich oare bisten iet, wie der in tekoart oan iten ûnder it winter. Dús moast it fan needs it bosk ferlitte om ús stêden benei te kommen dêr’t it de minsken opfrette koe. Jierrenlang hiene de Sinezen hjiroan lijd, oan’t se it bist syn swakke kanten ûntdutsen. Benammen wie it bang fan it lûd, it fjoer en de skietme.Sadwaande binne der eveniminten sûnt de tiid organisearre dy’t út it leven, de reade kleur en skjinmakking besteane. Geandewei meitsje se fan ‘e feestfiering diel út dy’t syn foarm hjoed de dei yn ‘e Sineeske Nijjiersfeest kriget.

Offisjeel begjint it Sineeske Nijjiersfeest op ‘e earste dei fan ‘e earste moanne neffens de Sineeske moannesinnekalinder. It duorret fyftsjin dagen oant it lantearnfeest, dat sawol it ein fan it Nijjiersfeest markearret as fan it begjin fan maitiid yn it teken stiet. Mar eins wurdt der al earder op it Nijjiersfeest taret. Trije dagen foar it feest wurdt it hûs fan binnenút skjinmakke. Hier moat mar ris knipt wurde en âlde klean fuortsmiten.De praktyk om alles âlds wei te goaien komt troch it leauwen dat sykte, ûnlok, rûzje en oare minne barrens in risseltaat binne fan in gearheaping fan minne enerzjy. As it boarn fan ‘e enerzjy weihelle wurdt troch bygelyks it hûs skjin te hâlden, giet alles wer op ‘e nij goed. Op dizze gedachtegong wurdt de Sineeske siswize ek bassearre, “it âlde weijaan, it nije wolkom hjitte”. De folgjende dei hat men it droktst. Oeral moat de reade kleur sjoen wurde dy’t safolle op it fjoer liket dat it bist der ek bang fan is. Op reade papieren wurde lokkige winsken en mei-elkoar rymkjende sinnen opskreaun. Oeral wurde skilderijen (mei hynders, draken en oare lokkige dieren dy’t út Sineeske siswizen weikomme) en fersieringen tsjin in reade eftergrûn plakt. Op ‘e jûns fan it feest komme gesinsleden foar it iten gear om foar te soargjen dat net ien troch it bist skansearre wurdt. It bist syn bedriiging is ommers it grutst op dizze jûn, de lêstste jûn yn oanrin nei it Nijjiersfeest. Sadwaande wurde âffaars fereard en Goaden bean om harren help op te roppen. Ofbyldingen fan machtige Goaden wurde op beide siden fan ‘e doar plakt. It wichtichst is de gewoante om jin de hiele nacht wakker te hâlden, om in eventueel oanfal fan it bist foar te kommen.

Der is noch folle mear te fertellen oer de geselligens yn ‘e folgjende fyftsjin dagen yn it Nijsjiersfeest, al is de bedoeling fan al dizze drokte âlderdúdlikst wurden. Nei deseldichste jûn derfoar wurdt der bygelyks op ‘e strjitte liuwe- en drakedânse, op tromme en gong slein, en ek fonkele en flamme mei it oanstekken fan fjoerwurk. Alles komt derop oan om fan it bist ôfstân te hâlden. Nijsgirrich genôch wie soks foartiids ek te sjen yn Jeropa. Sterker noch binne dêre eins folle mear soarten bisten, geasten, elven en reuzen as yn Sina dy’t minsken fan harren libben driigje te berôvjen.Mar jammerdearlik wurdt der tsjinwurdich allinnich om beskerming hjirtsjin bean yn Yslân yn ‘e moanne Thorri.

As dellein yn it foarige artikel, tsjut it wurdt “Thorri” yn it Yslânsk saol de Goad Tonger, as de moanne oan dêr’t er fereard wurdt. Tonger syn Heit is Weda, dy’t him sels ek Alheit neamt fanwege syn rôl om de wrâld te skeppen fanút it lichem fan de âldergrutste fan alle reuzen, Ymir. Wylst Tonger syn Heit op ‘e himmel wennet, wennet syn Mem op ‘e ierde, de Ierdegoadin, Jörd (In wurd út it âldnoarsk, dat “ierde” betsjut”). Sadwaande is de Goad Tonge dwaande tusken de twa eleminten yn, de lucht en de Ierde.

Tonger syn foech en macht is wiidweidich. Net allinnich wurdt er derom bean om it waar waarmer te meitsjen, mar ek om beskerming te lienen tsjin boaze geasten. Foaral binne it reuzen dy’t it grutst gefaar foar ‘e minsken foarmje. Al wenje de minsken yn harren eigen wrâld, dochs kinne de reuzen út en troch ek ús wrâld binnenkomme, foaral as it waar tige hjit en kâld is. De reuzen wenje ommers yn in eigen wrâld (Jǫtunheimr yn it âldnoarsk as wenhiem fan de reuzen) en binne ôfkomstich fan twa oare wrâlden, de iene tige kâld (Niflheimr as wenhiem fan mist en iis), de oare tige hjit (Múspellsheimr as wenhiem fan fjoer). Sadwaande krije se makliker tagong ta ús wrâld as it sa kâld of sa hjit as yn harren wrâlden. Boppedat libje de minsken yn it midden fan alle njoggen wrâlden , sa’t it út de âldnoarske namme fan ús wrâld bliken docht (Miðgarðr, in skûlplak yn it midden). Dús is it net frjemd dat we altiden troch reuzen en oare gefaarlike wêzens bedrige binne.

Neffens ‘e Yslânske moannesinnekalinder leit It gefaar ûnder ‘e moanne Thorri net allinnich oan ‘e reuzen, mar ek oan in tekoart oan it iten. Yn de fjirste moanne fan ‘e wintersdagen komt men oan it foarried syn ein. It is it djipste fan it winter, en it iten wurdt flúch op. Yn ‘e Thorrablót wurdt dús sok iten opofferre oan ‘e Goad Tonger as itjinge wat fan ‘e foarige fjouwer moannen oerbliuwt. Eins is it gjin hillichskeining. Krektoarsom lit it it sintrale plak sjen dat de Goad Tonger yn minsken harren hert ynnimt. Wat is in better earbetoan as dat, wylst je yn ‘e kâldste wintersdagen mar in stikje bôle om hannen ha, dochs je deroan ta binne om in helte derfan mei de Goad te dielen? Lokkich hat men doe in bytsje mear as in stikje bôle. De Thorramatur (it miel fan ‘e Goad Tonger) is it iten dat ornearre is oan ‘e Goad. Der wurde altyd konservearre fisk- en fleisprodukten oanbean, om’t se it langst duorret sûnder te bedjerren. Soere molke wurdt faak brûkt as konservearmiddel. Benammen is kæstur hákarl it haadgerjocht. It is in soart fermentearre Yslânske haai dat bekend is fan syn sterke smaak.

Al mei al ha de Jeropeeske en de Sineeske kultueren folle gemien mei-inoar. Feestfiering mei it bidden en opoffering oan Goaden is mar logysk en is dús earder in regel as in útsûndering. It spyt me om te sjen hoe’t de Jeropeeske kultuer harren yn folle Jeropeeske lanen ferdreaun sjocht, en harren allinnich yn ien derfan befynt, Yslân. It wurdt ûnder ‘e Sinezen sein dat dingen harren yn ekstreme grûn omdraaie sille om dêrnei nei in oare rjochting te springen. In ekstreme grûn is it folste fan eat. As it ein fan eat berikt wurdt, dan giet it fanselssprekkend wer werom nei in oar ein. Dit set my oan it tinken oft it no de tiid wurdt dat oare Jeropeeske lannen op ‘e nij harren woartels begjinne om te earmjen en grutsk op te wurden. Wat tinke je?

 

 

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s