Skreaun troch Ken Ho
Sinezen sizze faak dat as je earne mei begûn binne, je der ek in ein oan bringe moatte. “Oars ha je it haad fan in tiger, mar in sturt fan in slang.” soe in Sinees sizze. “want in tiger hat folle ûndernimmingskrêft, wylst in slang him earne allinnich efter te skûljen wit.”. Sels prate de Friezen fan “Ein goed, al goed.” Dermei wurdt bedoeld dat it ein it âlderwichtichst is. Oft der it proses muoisum en swier is, makket net safolle út as it feit dat it gehiel goed ôfrûn is. Koarts: Der moat in dúdlik ein oankomme.
En it Sineeske lantearnfeest stiet yn it teken fan it Sineeske Nijjiersfeest syn ein.
Op ‘e fyftsjinde dei sûnt it Sineeske Nijjiersfeest syn begjin fynt it lantearnfeest plak. Net allinnich rûnet it lantearnfeest it Nijjiersfeest ôf, hjit it ek maaitiid wolkom. It is ommers de tiid fan ‘e earste folle moanne, dy’t oansjoen wurdt as maaitiid syn begjin. It lantearnfeest is dús in ferbining tusken it ein en it begjin.
Opfallend is dat der oeral minsken mei lantearnen rinne. Guon wiken yn it foar binne grutte iepenbere spylfjlden al troch bedriuwen hierd om op dizze seldichste dei ferskate lantearnen te ferkeapjen. Yn it ferline waarden lantearnen makke troch read papier en in string gers. It papier waard yn in rûnte fâlde en it gers boppeoan it papier plakt yn in lús. Deryn lei in baarnende kers en de bern koene oan it gers hâlde om it lantearn oeral mei te nimmen. Mar spitichgenôch wurdt dit soart lantaarn tsjinwurdich as te gefaarlik oansjoen om’t der altyd oplet wurde moat op ‘e kers. Boppedat ferkeapje bedriuwen plastyske lantearnen mei wat kommersjeel rendabele figueren derop, dy’t by bern harren smaak passe. It kers wurdt troch in gloeilampe ferfangen mei musyk as it lantearn oandien wurdt. Al wurdt alles makliker, dochs is hjirtroch in grut diel fan wat lantearn besûnder makket teloargien.
Lokkich wurde der noch papierlantearnen makke, wat sels in keunst wurden is yn Hong Kong. Op ‘e dei geane gesinnen nei it jûnsmiel bûtenôf. Wylst bern harren lantearn meinimme om mei te spyljen, geane de folwoeksenen út fan plan om grutskalige lantearnkeunstwurken te bewûnderjen. Njonken de hierplakken yn ‘e spylfjilden binne der tentoanstellingen fan tradionsjoneel makke lantearnen. Se nimme it Sineeske stjerrenbyld fan it jier oan. Foarige jieren ha ik ek ris barge-, kowo-, mûslantear ensfh dêre sjoen. Dit jier is it hinnejier, en dús ferwachtsje ik dat der ek lantearn yn foarm fan hinnen binne!
Nijgirrich is eins de oarsprong fan ‘e gewoante om lantearn te dragen. It ferhaal lit teffens sjen hoe’t Goaden en minsken mei-inoar omgeane. Der wie ris in Himmelgoad dy’t in himmelfûgel hat. Al foel it fûgel him in protte ta, dochs waard it tafallich troch ‘e minsken deamakke. Nei it fûgel syn dea fernommen te hawwen, waard de Himmelgoad tige lilk en woe de hiele minskewrâld ôfbaarne. Dat woe er op ‘e fyftsjinde dei op ‘e earste moanne útfiere litte en liet net ien yn it foar witten. Dochs slagge it him net it geheim te ferbergjen tsjin ien fan syn dochters, dy’t it út meilytsumens oan it folk meidielde. No’t de Sinezen harren noch tariede koene op ‘e eventuele wrâldôfbaarning, betocht in âldeman dat eltsenien op ‘e dei in lantearn mei in kers deryn drage moatte soe. Dêrtroch waard as doel steld om ‘e Himmelgoad foar ‘e gek te hâlden krek as der oeral baarnd is. Dat is op it lêst slagge en sûnt de tiid docht eltsenien oan dizze tradysje.
Hjirút docht it bliken dat Goaden en minsken fan it begjin ôf yn ûngelikense hâlding mei-inoar steane wat de sosjale stân oangiet. It befel giet mar fan ien kant ôf, mar net oarsom. Dit komt teffens oerien mei de lear fan Konfusianisme, dat stelt dat eltsenien in eigen stân hat, en him dêrnei hâlde moat. Sterker noch is eltse relaasje yn ‘e Sineeske mienskip sa, om’t de betrekkingen tusken Goaden en minsken mar in foarbyld binne fan dejingen ûnder ‘e minsken sels. As bewyske hjirfan tsjinet it ferhaal fan in earme tsjineres yn in grutte Sineeske húshâlding. De tsjineres wurdt nei it ferhaal in jierlikse betinking ûnder it lantearfeest tawijd. Se hiet de felettige dames.
De betinking fynt allinnich plak op it plattelân, en wurdt útfierd troch de felettige dames wolkom te hjitten. Earstens wurdt der in model út it gers fan it fjild makke yn ‘e foarm fan in jonge frou. It model is sa grut as in persoan en stiet foar de felettige dames. Se wurdt dêrnei pleatst njonken it húske, keuken en ek bargehikke en oare plakken dêr’t de earme tsjineres nei alle gedachten yn dwaande wie, doe’t se noch libbe. Wannear de minsken harren om it model hine sammelje, gûle se tegearre om meilytsumens oan de earme frou harren treurige lot sjen te litten. Se prate ek mei-inoar krekt as se bruorren en sussen binne. Alles giet derom, dat de tsjineres syn dea tige treurich of sels ôfskriklik wie.
It wurdt sein dat de tsjineres fermoard waard troch de eigner fan in ‘e grutte húshâlding syn wiif. Neffens oerlevering wie de tsjineres sa moai dat de wiif harren bedrige fielde. Benammen woe de wiif dat harren man net frjemdgiet. Sadwaande waard de tsijneres, ôfsjoen fan harren guodlikens, ûnrjochtfeardich ta hurd wurk yn smoarige omstannichheden befelle. Wylst de iene praat oer dea troch swier wurk, praat de oare oer moard yn ‘e húske. Net allinnich jaget dat minsken grize op ‘e lea, ropt it ek meilytsumens op. Op it lêst makket de betinking dús diel út fan it lantearnfeest op it plattelân.
It twadde ferhaal lit de ûngelikense ferhâlding tusken minsken sjen. Al giet it faak oer it ûnderskied tusken ‘e riken en ‘e earmen, dochs kin it ferskil earne oan lizze. It komt der ommers op oan dat der in ferskil bestiet, sa’t de machtigenien oaren ûnrjochtfeardich bejegenje kin. Boppedat giet it misbrûk hieltiden wer tegearre mei de slachtoffer syn reewilligens om him nei syn lot op te jaan. Yndie stamt in oerhearskjend gefoel fan machteleazigens tsjinwurdich ûnder ‘e Sinezen út ‘e reewilligens om harren ûnderdienich te meitsjen oan in gewelddiedigenien. Se witte ommers allinnich treurich te wêzen oer harren lot, wat tenei noch mear ynspiraasje jout oan soksoarte depressive ferhalen, dy’t úteinlik noch mear lykstinkenden foarmjouwe. It wurdt dús in fisjeus sirkel dat troch aksje trochbrutsen wurde moat.
Al mei al is it lanteanfeest sawol it begjin as it ein. It slút offisjeel de fyftsjin dagenlange Nijjiersfeest ôf, wylst it maaitiid ynliedt. Lantearnen binne ûnmisber yn it feest, en ha harren oarsprong by in folksferhaal dat oer ‘e lilkens fan ‘e Himmelsgoad giet. Hjirút docht it bliken dat de minsken harren net doarsten te fersetten tsjin it befel fan ‘e Himmelgoad. Almeast koene se de Goad sels misliede dat harren stêd ôfbaarnd is, en ha gjin moed om direkt foar harren sels op te kommen tsjin ‘e Goad syn lilkens. Dat stiet yn tsjinstelling ta Jeropeeske Goaden harren oanpak tsjin ûngeunstige omstannichheden. Se tinke dat se harren folút fersette moatte tsjin it ûnrjochtfeardige, safolle as de Friezen sels dy’t opkomme tsjin hannelingen dy’t de Fryske taal, kultuer en skiednis skansearje kinne soene. It ferhaal fan ‘e earme tsjineres dy’t in betinkingsoanlegeneheid ûnder it lantearnfeest kriget befêstiget allinnich mar Sinezen harren reewilligens om harren oan gewelddadichheid te ûnderwerpen, ynstee fan dertsjin te gean. Wat is toch leffer as de dea fan in earme frou te betinken, ynstee fan in mooglike held oan te priizen dy’t de frou of oaren dy’t oan ûnridlike geweld lije, rêden hat? Yn it earste gefal giet it derom hoe’t treurich de tastân is, wylst it yn it twadde gefal om hoe’t it bewûndering wurdich is as men it folk syn frijheid weromjout. Wat grut it ferskil is yn it folksgeast nei hoe’t it ferhaal skreaun wurdt!