It Sineeske lantearnfeest, diel 1: lantearn en mear

Skreaun troch Ken Ho

Ut it feest falt in protte ôf te lieden wat de kultuer en tinkwize fan in folk oangiet. As in ferfolch op ‘e serje fan it Sineeske Nijsjiersfeest en it Jeropeeske Thorrablót, hat dit artikel de Sineeske lantearnfeest as tema. De reden dat dit artikel him net ta ‘e serje rekkent is twafâldich: de iene, dat der net folle bekend is oft der mei it Jeropeeske Thorrablót in spesifyk feestdei tawijd is oan maaitiid syn oankomst. Al wurdt it mei beide feesten sa bedoeld as om Goaden harren help te bidden tsjin lilkaardige wêzens, liket der gjin fêste dei dellein te wurden by it Jeropeeske feest ûnder ‘e moanne Thorri om maaitiid syn oankomst te fieren. Dat dit sûnder mis in diel útmakket fan Thorrablót, bestiet der gjin twifel oer. De swierichheid leit der allinnich oan dat der net genôch oerlevere is om efter de besûndere Jeropeeske feestfiering harren ritueel te kommen. Fanwegen it gebrek foan fierdere ynformaasje, wurdt der allinnich oer it Sineeske lantearnfeest yn dit artikel sprutsen. De oare reden, dat dit artikel net allinnich it lantearnfeest syn meast opmurklike fasetten besiket nei foaren te bringen, mar ek oer it pessimisme dat efter it feest syn ferhalen stiet, te fertellen. Benammen wurde der twa ferhalen sammele dy’t de ferhâlding sawol tusken Sineeske Goaden en Sinezen, as ûnder de Sinezen yn kaart bringe. Al ha de twa ferhalen mar betrekking ta it lantearnfeest, komt men skielk deselde sfear fan machteleazigens by oare ferhalen tsjin. Dat it dreech is as in Sinees yn in Sineeske mienskip te libjen, lit ik dit tema mar yn oare artikelen behannelje.

Ik hoopje dat de lêzers folle aardichheden ha sille oan dit artikel (yn “tekst”) as se harren net allinnich oer it Sineeske lantarnfeest ynformearje, mar ek oer de Sineeske tinkwize troch de folksferhalen te lêzen.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s