Skreaun troch Ken Ho
Skiednis wjerhellet harren. De wearde om skiednis kennen te learen leit deroan dat deselde barrens harren hieltiden wer foardogge. Sûnder minsken is der ommers gjin sprake fan skiednis, en alles wat we ea oan skiednis tocht ha soene, komt mar del op ús besykjen om in beheind oantal minsklike behoeften te befredigjen, lykas de behoefte oan iten, felligens, leafde, werkenning ensafh. Dús hannelje we omtrint jimmeroan op ‘e selde wize foar deselde behoeften. En sa ûntstiet ús skiednis, in sammeling fan werheljende minsklike hannelingen. Sadwaande binne ús aksje en reaksje gâns foarsisber, foaral as soksoarte omstannichheden harren spoar mar ris yn it ferline efterlitten ha.
Dit artikel wurdt oan in diskusje oer ‘e Sineesk folksgeast ornearre. In folksgeast is in tinkwize dy’t ûnder it folk algemien dield is. Om hjir oer foldwaande kennis fan te beskikken, moat men alteast in tydsje trochbrocht ha yn it oanbelangjende fermidden. Oars kin men de kultuer amper yn harren safolst mooglike fasetten belibje, om derefter te kommen, wêrom’t in folk sa tinkt en him sa halt. Oan dizze kennis is der yn elts gefal gjin brekme by my, dy’t as in Sinees yn in Sineeske stêd berne en grutbrocht is. Dús fiel ik me by steat om hjiroer te fertellen. Mar earstens in koart ferhaal, in ynlieding ta ús stúdzje fan it Sineeske folksgeast.
Op 23 augustus 1973 waard in bank yn Stokholm, de haadstêd fan Sweden, troch twa mei pistoalen útriste mannen yn beslach nommen. Trije frouwen en ien man waarden allegearre gizele yn ‘e kelder. Om de gizelers harren lichem hinne waarden der troch plofmiddels omjûn. Dêrtroch koene se net oars as sitten te bliuwen en de dei fan frijlating op 28 Augustus 1973 ôf te wachtsjen.
We kinne ús wol foarstelle hoe’t de gizelers harren bang en lilk fiele moasten, om’t se fan harren frijheid ûnrjochtmjittich ûntnommen waarden. Logysk is de gedachte dús dat se nei de frijlating tankber foar ‘e ynset fan ‘e plysje wêze soene, en sa gau as mooglik werom nei syn famylje en freonen wolle soene. Mar wa’t se allegearre feitlik om joegen streekrjochts nei harren frijlating, binne dejingen dy’t we it minst mooglik tinke, de gizelnimmers.
Yndie wie it safier dat, neffens media’s rapportaazje, in gizeld frouminsk beloofde om ien fan harren gizelnimmers te trouwen, en dat in oar in fonds opboud hie om de gizelnimmers harren rjochtsaak oan te fjochtsjen. Al steane we der raar foar, en binne snel te oardielen dat it gjin rasjonele beslissing is om jins misbrûker te ferdedigjen, dochs komme we skielk, nei in skoftke oerlis mei ússels, de needsaak te realisearjen, dat it net oars wêze kin oft we it oannimme wolle, en dat dit feit yn rekken hâlden wurde moat.
Dús de fraach, wêr komt de ferbûnens wei tusken de gizelers en harren gizelnimmers? Wêrom hâlde de slachtoffers harren sa geunstich tsjinoer harren misbrûkers?
It antwurd leit oan de slachtoffers harren ferwachting. Hoe’t teloarsteld en drôvich se binne, en hoe’t langer dit duorret, hoe’t lytser harren hope is foar in eventuele frijlating en in minskeweardich libben. Eins binne se sa helpleas wurden dat se neat mear te ferwachtsjen doare as om allinnich te oerlibben. Mei’t it ús heugnis net slagget om dingen yn harren gehiel waar te nimmen, mar yn stikjes en partjes, wurde we tige tankber as men mei ús in lytste aardichheid dielt, sels as er ús globaal nommen allinnich skea tabrocht hat.
Fanselssprekkend soe men neat ferwachte ha ûnder ‘e neamde gizeling. Foar 5 dagen waarden de gizelers opsletten. Underwilens waarden se ek mei dea bedriige. Der oerhearske in soad ûnwissigens dat nimmen it wist oft ien en oar moarn noch libbe soe. Der waard oer rapportearre dat in gizeler him hiel tankber fielde doe’t syn skonk driigde troch de gizelnimmer fuortsketten te wurden. Hy tocht ommers dat er noch oan it libben wie en dat er de priis derfoar mei syn skonk betelje moast. Hjirút docht it dús bliken, dat as men tige wanhopich is, er deroan ta is om alles te dwaan, sels itjinge wat we gewoanwei as ûnridlik of ûnminsklik oansjogge.
Sadwaande kinne we allinnich minsken harren oanpassingsfermogen bewûnderje. Slachtoffers passe harren sels eins oan nei de situwaasje dêr’t se ferkeare. As in oerlibbingsstrategy besykje se de bêste betingsten te ûnderhanneljen mei de dieders, dy’t harren yn it earst fan in minskeweardich libben berôve ha. Yn ‘e earste pear dagen is de oanpassing miskien wol gebrekkich. Dit lit him sjen by in soksoarte gizeling by in oare bank, dy’t net mear as inkelde oeren duorre. Der wie in oar gefal, dêr’t de gizelers de gizelnimmers troch de plysje deasjitte lieten. It wie sa, om’t der noch gjin foarstelling ûnder ‘e slachtoffers foarme waard doe’t plysje oankaam, dat se it rjocht oer harren eigen libben oerdrage moasten oan de misdieders harren gesach. De emosjonele ferbûnens ferearsket dús tiid om ta stân te kommen, en de reewilligens om saneamd misbrûkt te wurden (alteast fanút omstanners harren eachpunt) is by eltsenien mooglik salang’t we yn in dêrta geskikt fermidden ferkeare.
En in gaadliker fermidden kin ik net makliker fine as yn ‘e Sineeske kultuer.
Yn it folgjende artikel sil ik derop yngean wêrom’t de Sinezen sa ûnbeskamsum binne dat hjir sels in Sineesk wurd yn ‘e literatuer foar skepen wurdt, “de oanstriid om slaaf te wêzen.”