De tankbere slaaf, diel 2: Lu Xun en de slaafske eigenskip

Skreaun troch Ken Ho

Net ien wol sa ûnderdienich wêze as in oar syn slaaf. Mar dit “net ien” is miskien wol immen ûnder ‘e Sinezen, neffens it gedachtegoed fan in Sineeske skriuwer, Lu Xun. “It is ús hiel maklik om slaven te wurden. Slimmer noch, wurde we dêrnei tige tefreden mei de feroaring” aldús syn bekendste útspraak oer syn krityk fan it Sineeske folk.

Yn it foarige artikel yn dizze serje ha we it oer it Stochholm syndroom hân as ynlieding ta ús stúdzje fan it Sineeske folksgeast. No wolle we in stapke fierder gean en wat ynsjoch besykje te krijen by de Sineeske tinker, waans de skriften en romanen in ferplichte ûnderdiel útmeitsje fan it fak oer ‘e Sineeske kultuer op hegeskoallen. It heugt my noch hieltiden dat syn roman my doe yn ‘e besnijing hold, om’t er it goed útleit wat der mei de kultuer, dêryn’t ik opgroeid bin, misgien is. Mar earstens litte we in wichtige barren yn syn libben beprate dy’t him letter wol oantrúnde om Sinezen harren slaafmentaliteit troch syn skriuwerij bleat te lizzen.

Om krekt te wêzen is it eins gjin barren, mar in dokumentaasje dêr’t er tige ûnder ‘e yndruk fan stie. Fan begjin ôfoan woe er in arts wurde, al taastte it flimke him sa sear yn ‘e moed dat er syn geneeskundige stúdzje yn in Japanske Universiteit besleat net ôf te meitsjen. It filmke liet it momint sjen dêr’t in grut tal Sinezen ûnthade waard. It wie sa dat it slachtoffer binnen fan in groep Sinezen deromhinne stie, syn holle útstuts en it troch de fijannen ôfslaan liet. Bjusterbaarlik is it feit dat oare lângenoaten gjin help ferlienden, sels as der genôch Sinezen wiene om tsjin de fijannen te fjechtsjen. Krektoarsom keazen se derfoar om te swijen en lieten se de harren meiminsken samar oanienwei om it libben kommen binnen in sirkel. Sadwaande kaam Lu Xun ta de konklúsje dat sels mei de bêste medisyn it Sineeske folk net rêden wurde kin. It probleem leit ommers oan harren ynfrettene ûnferskilligens oan harren meiminsken en in reewilligens om slaaf te wêzen. Sels praatte er oer “de slaafske eigenskip” en “it hawwen fan minne woartels”, dy’t allebei tsjinwurdich yn ús taalbrûk gongber wurden binne.

En dit is gjin oerdriuwing, syn oardiel. Ienklang hjirmei is oeral te finen yn ‘e realiteit. De grûnlizzer fan ‘e moderne Sineeske kommunistyske staat yn Sina, Mao, soe mar ris sein ha dat it net útmakke dat der in halve Sineeske befolking deagean soe. Neffens him soene der doe noch 3 miljoen Sinezen bestean nei’t de oare 3 miljoen omkommen wêze soene. Dizze útspraak tsjinet allinnich mar as in befêstiging fan hoe’t Sinezen harren libben as minderweardich en nutteleas oansjogge. Sels wurdt der mannichfâldich sein, wat likenôch in siswize wurden is, dat “der neat goeds yn Sina is, behalven dat der folle minsken binne.” Yn in kultuer dêr’t de klam op ‘e groep leit, en net op ‘e yndividuen, is it dús gjin wûnder dat der gjin sprake is fan selsfertrouwen. It falt my jimmeroan op hoe’t Sinezen ien-noar ûnderdrokke, wylst se harren tige enthûsiast opstelle tsjinoer frjemden. Faaks makket dit mar diel út fan wat Lu Xun as de slaafske eigenskip beskriuwt.

Syn romanen brûkte Lu Xun om it probleem by de Sinezen oan ‘e kaak te stellen. Hjirút jilt it ferhaal fan Q as de bekendste. Yn it roman wurdt beskreaun hoe’t menear Q, in earme man, doe’t er hieltyd wer troch oaren plage en beneidield waard, him altiden besike foar te ligen dat er de winner wie. In namme wurdt sokke tinkwize takend, nammentlik, de metoade fan in tinkbyldige oerwinning. Hjirtroch besiket men jin trots fiele te litten nei in misshanneling. Benammen praat men yn ‘t lyk wat jin eins ûnrjochtfeardich en ferkeard foarkommen is. Yn geastkunde (of psychology) hjit it in gedrach fan “learde helpleazigens”, dêrby’t men jins eigen belangen net mear ferdedigje wol, om’t er it oanleard hat dat it him sa nea slagje sil. Dús kiest men derfoar om jin foar te ligen dat it sa heart te wêzen en dat it net oars wêze kin. De inkelde útwei leit der dús oan dat men in oar perspektyf brûkt om jin it gefoel fan lilkens fanwegen ‘e mishanneling te ferbergjen. Mar dit kin men allegeduerigen net tsjin as it min foar ‘e sûnens is. Mei’t men jin yn in omjouwing befynt dy’t kear op kear foar lilkens soarget, leart men dús de sûnder wjerstân oan te nimmen, en te akseptearjen. En dizze hâlding komt wiidweidich foar ûnder ‘ Sinezen, dy’t faak sizze dat, “asto de omjouwing net feroare kinst, dan moatst dy sels feroare.” Al klingt it logysk om sa te hanneljen, dochs jouwe al dizze tinkwizen yn harren gearhing in hiel swiermoedich byld fan it libben, dêr’t je je allinnich oanpasse moatte foar in oar. En dit is net fan wjerskanten

Yn it stokholm syndroom fynt men wat ferlikbers mei in iensidige oanpassing oan ‘e gizelnimmers harren winsk. Op it mêd fan psychology hjit it dat by ‘e gizelers in steat fan kognitive dissoanansje ûntstiet. Oan ‘e iene kant wolle se de gizelnimmers deameitsje om fuort te gean. Mar oan ‘e oare kant binne se machtleas en kinne net oars dwaan as de gizelnimmers harren befelen op te folgjen. Dit mei-inoar tsjinsprekkend wêzen (dissoanansje, of ûnlikens) op ús eigen wil (kognityf, wat ús holle oangiet) soarget foar in protte spanning by ús. Foar sûnens moat it fuortwurke wurde. Dêrfandinne dat yn ‘e rin fan ‘e tiid, as de gizelers langer en langer yn harren  kognitive finzenis sitte, se harren tinkwize oanpasse moatte om deryn te leauwen dat it net sa min is om frijheid te ferliezen. Se prate de mishanneling goed, want oars kinne se de tsjinsprekking fan it winsklike (frijlitten te wurden) en ‘e realiteit (de gizeling) net oplosse, wat ta in soad spanning liedt. Om der net ûnder te lijen, moatte se oars tinke. En dit komt oerien mei menear Q syn metoade fan tinkbyldige oerwinning, dy’t foar it Sineeske folksgeast hjoed de dei noch hieltiden aktueel is.

En wat leit dizze oanstriid te grûn om in saneamde lokkige slaaf te wêzen? Wêrom nimme de Sinezen mishanneling oan mei it swijen of sels in glimke? Dit lit ik yn it folgjende artikel behannelje.

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s