De tankbere slaaf, diel 3: Folksferhalen, en bernlike hearrigens

Skreaun troch Ken Ho

Folksferhalen ha sawol in aktive rol as in passivenien om it folksgeast foarm te jaan . Minsken yn it ferline keazen allinnich foar ferhalen dy’t se passend fine by it ideale

folk. Troch se te lêzen en te fersprieden stiet it folk dús ûnder de ynfloedsfear fan ‘e sede. Dit is de aktive rol fan folksferhalen. Om barren waarden de skriuwers sels beynfloede troch oaren yn harren sosjale omkriten, dy’t harren fertelle hoe’t se harren hâlde moatte. Harren ideën fan wat mienskiplik oannimlik is, wurdt dús troch it fermidden bepaald. Dit is de passive rol fan folksferhalen. Mei de hjirtroch ûntstiene wikselwurking tusken folksferhalen en it folksgeast komt in kultuer ta stân, en wurdt se troch iuwen hinne ûnbehindere trochjûn.

Yn dit artikel geane we fierder mei ús ûndersyk nei it Sineeske folksgeast. Earder is it ús al opfallen dat in soart stokholm syndroom by de Sinezen oerhearsket. Dit fynt syn ienklang by de bekende Sineeske skriuwer Lu Xun, dy’t dit ferskynsel yn syn romanen besike yn kaart te bringen, mei wurden lykas “de slaafske eigenskip”, en “it hawwen fan in minne woartel.” Al binne Sinezen harren sels ek bewust fan dizze ûnsûne oanstriid dy’t yn harren neidiel útwurket, kinne se der eins net oan ûntkomme. Dizze selsopleine finzenis hat syn ûntstean te tankjen oan it fermidden dat sokke kultuer foarmjout. Undersyksweardich binne de fermiddenspesifike betingsten dy’t minsken ôfdwinge om harren fermiende lot as slaven oan te nimmen.

En fan alle soarten betingsten weage folksferhalen it swierst, om’t se omtrint jimmeroan in moralisearjende funskje hat yn in mienskip. Hjir sille we yn it folgjende ús omtinken oan jaan.

Salang’t men it oer ‘e Sineeske kultuer hat, is it ûnmooglik om fan it begrip ôf te sjen fan “bernlike hearrigens”, dy’t teffens in sintrale rol spilet yn fierstente folle folksferhalen. Dêrmei wurdt bedoeld it seedlike plicht om jin âlders en âffaars, libbend of dea, respekt te toanen. Al liket it yn ‘e earste ynstânsje in wat foardielige mienskiplike gedrachsnoarm te wêzen as âlderensoarch, wurdt dit plicht yn ‘e measte gefallen útfierd ta syn ekstreem. It soarchplicht wurdt troch in ûnlike ferhâlding tusken âlders en bern iensidich, en hearrigens wurdt ferearske sels wannear’t it ta befoardering fan misbrûk liede kin.

As foarbyld moat it boek oanhelle wurde fan “de fjouwerentweintich ferhalen fan bernlike hearrigens”. It waard ûnder it Yuan keizerryk opsteld en sammele yn neifolging fan oare soksoarte boeken. Dús is it mar ien fan ‘e follen dy’t it oer ‘e ûnder Sinezen tige oanpriisge deugd ha, al bliuwt it hjoed de dei de bekendste .

Mei in reade trie troch alle ferhalen hinne, seach it boek syn skriuwer derop ta om de idee troch te jaan: dat bern, dy’t safolle bernlike hearrigens sjen litte as se eventueel sels it gefaar rinne meie om om it libben te kommen, mei Goadlike goedfining en kado’s beleane wurde soene. Magyske barrens fine plak lykas in ûnferwachte oerfloed oan iten en jild, om allinnich de ûntankbere âlders as beskreaun yn ‘e ferhalen tefreden te stellen.

Litte we mar ien fan ‘e fjouwerentweintich ferhalen lêze. It giet hjirom. In jongen syn mem wie al leng weireizge doe’t er, Wang, noch hiel lyts wie. Sûnt dy tiid die er alles wat er troch syn âlders frege waard, al hie de styfmem sa’n soad hekel oan him dat se him foar syn Heit swartmakke. Sadwaande ferlear Wang syn Heit syn geunst. Der wurdt sein dat de styfmem tige fan in soart fisk hold, dy’t dreech wie om ûnder it winter op te fangen. Doe wie de rivierkes en mear beferzen, mar sok ûngeunstich waar sleat it net út dat syn styfmem him oprôp om nei de fisk op syk te gean. Fan needs lei wang naakt op it iis om it te smeltsjen mei syn lichemlike waarmte. Underwilens bea er oan ‘e Goaden derom dat er wat fisk thúsnimme koe. Dat hie de Goaden tige yn ‘e moed taast, en hommels waard it iis út-inoar brutsen. Ut it gat wei sprongen twa fisken nei boppe ta. Dat fernuvere Wang, dy’t se thúsbrocht om syn styfmem tefreden te stellen. Er bleau syn styfmem en Heit sa tsjinsjen, al is it ûndúdlik oft er oant syn dea harren goedfining ea krigen hat.

Hjirút docht it bliken dat It plicht dat bern jegens harren âlders ha, boppe alles giet, oft de âlders it eins fertsjinje of net. Foar beleaning kinne je allinnich Goadlike bestân ferwachtsje, en dizze mei yn elts gefal útbliuwe!

It foarige ferhaal giet oer ‘e ideaal dat as âlders wat wolle, je dat dwaan moatte, oft it eask eins ridlik is. It omkearde is ek wier, nammentlik dat as âlders wat net wolle, je alles dwaan moatte om harren derfan te beskermen, sels as it libbensgefaarlik wêze kin. Dit docht wol bliken út in oar wichtich boek yn ‘e Sineeske literatuer, Fengshen Yanyi. It boek jout altiden ynspiraasje foar drama programma op ‘e tillevizje. Wa’t mar ris de op ‘e boek basearre drama’s foar in tydsje sjoen hat, kin de dramatyske útspraak en hanneling fan in jongen net mear ferjitte. De persoanlikheit hjit Ne Zha, dy’t ris beloofd hat om “syn eigen bien fuort te snijen foar syn Heit, en syn eigen fleisch fuort te snijen foar syn Mem.” In skoftke letter die er him tekoart troch himsels yn stikken op te dielen.

Dat er selsmoard begie, komt om’t er de Drakengoad tige lilk makke hie. Doe woe de Drakengoad wraak nimme tsjin syn hiele familje. Om it foar te kommen dat syn âlders derby belutsen wurde soene, besike er alles werom te jaan dy’t út harren âlders wei komt, de sied yn ‘e foarm fan bien oan syn Heit, en de bloed yn ‘e foarm fan fleisch oan syn Mem. Er tocht ommers dat as er harren âlders neat skuldich wie, harren familje net by de drakengoad syn wraakaksje belútsen wêze soene. Nijsgjirrich fertsjinne Ne Zha syn selsmoard de goedfining fan ‘e Goaden, dy’t him letter in lichem út planten oanmakken om him wjer nij libben yn te blazen.

Net folle fan wat ferteld wurdt yn al de Sineeske ferhalen is fan wjerskanten. Der is allinnich sprake fan ferplichtingen en gjin rjochten oan bern harren side tsjinoer de âlders. Safier as it om beleaning giet, moatte je mar om Goadlike kado’s tinke. Koarts, men kin neat fan ‘e meiminsken ferwachtsje foar wat foar oaren dien wurdt. As je mar fan in oar wat oanprizingen krije, dan fertsjinje je se net. Dit ferklearret ek wêrom’t Sinezen sa ferlegen binne, foaral as se oanpriizge wurde. We sizze dús altyd, “as je mar net útskelle wurde, dan moatte je it as oanprizing oanfiele.” En sels as je yndie útskeld wurde, “dan wurde je hjirtroch bestindiger tsjin krityk”, aldús myn omke mei alle noflikens doe’t myn nicht oan it gûlen wie. Gjin meilytsumens foar bern harren ûnpassend gedrach!

Dizze hâlding hat eins folle mear mienskiplike gefolgen as allinnich op it mêd fan in familje. Nammentlik stiet bernlike hearrigens, of oermjittige selsopoffering,  ynnovaasje en foarútgong op ‘e wei. Dizze opoffering fan jinsels is wol grif net beheind tsjinoer jins âlders, mar ek learares, bazen en allerhanne gesachdragers. En op it nivo fan in hiele naasje wurdt dêrtroch in iensidich slaafsysteem opboud.

Hjir sjoch ik tsjinoan, en ik skaam me hjirfoar as in Sinees.

Dús is it ek gjin wûnder dat ik sa sterk ûnder yndruk stie en noch hieltitden stean fan ‘e Friezen harren leafde en tawijding foar harren taal, kultuer en skiednis. Sûnder mis ha we Sinezen in protte te learen fan harren, in folk dat him derút knipt troch lykweardigens mei-inoar en sûne mjitte fan grutskens op harren sels.

Wat grut myn winsk is om deselde Fryske siel te sjen by myn meiminsken.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s