Skreaun troch Ken Ho
It is no al tweintich jier fierder sûnt de tiid dat Hongkong troch de Britsen weromjûn waard oan Beijing. Krekt yn dit seldichste momint fan ‘e fyfde wedstriid foar regearingssjefferkeazing, oerhearske yn dizze stêd in sfear fan swiermoedigens. Al ha de minsken der nei alle gedachten rjocht op om de folgjende regearingssjef te kiezen dy’t oan wichtige sosjale fraachstikken beanderje kin, likje se net tefreden te wêzen. En wêrom?
Ynwenners yn HK fiele ommers dat der amper nei harren miening lústere wurdt.
Yn ‘e rin fan ‘e jierren sûnt de oergong fan it regear komme Hongkongers geandewei te realisearjen hoe’t der yn ‘e ûtfiering fan sosjale en ekonomyske belieden faak fan harren winsk en fersyk ôfsjoen is. Benammen hat de no ôfgeande fjirde regearingssjef, Leung Chun-ying, foar grutte lilkens ûnder it folk soarge. In protte belieden binne gewoanwei útfierd, al ferset it folk yn Hongkong him der hoarnhurd tsjin. No’t al it ferset om ‘e nocht ôfrûn is, fertrout it folk der net mear op dat de folgjende regearingssjef by it folk tichter komme sil. In gefoel fan machtleazigens oerhearsket yn ‘e stêd, in ferskynsel dat guonljumei de Ingelske ropwurden beskriuwe as “Hong Kong is dying.” (Hongkong is oan it ôfstjerren.)
Hjirút ûntstiet in gefoel fan ferlangen nei it ferline, doe’t de lêste Britse regearingssjef yn Hongkong sei, “It soarget allinnich foar heftige konflikten en docht it folk sear as je as regearingssjef minsken ûndrukke dy’t it mei je net iens binne.” (*sjoch nei de fideo)
Sa’t it út de fideo docht bliken, woe Christopher Francis Patten as de lêste Britske regearingssjef yn HK witte hoe’t Hongkongers doe tochten. Er gie sûnder yn ‘t foar buorkundich te meitsjen op besite nei earme gebieden, dêr’t sels de Sineeske eliten net hinne te gean doarsten. Er sei mei klam dat “de minsken de kâns krije moatte om harren winsk út te sprekken.”, en dizze belofte hat er waarmakke troch mear út te jaan oan ‘e sosjaal wolfeart, wat him folle oansjen sels fier bûten HK ôf fertsjinnet.
Hongkongers wiene him tige tankber en holden folle fan him. Him waaard doe in âlderleafste bynamme jûn, om’t er safolle fan ‘e Hongkongske ytkultuer hold dat er faak lâns ‘e stallen op ‘e strjitten gie om fan it iten te genietsjen. Syn imago as in lieder dy’t tige tichteby it folk stiet is algau ynfretten, en mannichien woe net dat er fuortgie nei 1997, it jier fan oergong fan HK.
Troch syn dieden hat er bewizen dat er gjin sprekbuis fan Ingelân wie dy’t gjin acht sloech op ‘e Hongkongers harren belangen. Dit makket in grut ferskil yn hoe’t it folk deroan sjocht oft de regearingssjek in gaadlike lieder is. De tsjinwurdige krityk dy’t minsken tsjin de regearingssjef úterje, is dat er mar fanút it eachpunt fan it fêstlân sjoen wurdt. Dit stiet yn tsjinstelling ta hoe’t Hongkongers harren miening doe ûnder it Britske oergesach weardearre waarden.
Yn Hongkong genietet it Ingelsk fan in grut oansjen, en dit komt mar út it feit dat de Britske regearingssjefs ús stêd goed holpen hat op it ynternasjonale ferkear better konkurrrearje te kinnen. It wie eins bjusterbaarlik hoe’t Hongkong oarspronlik as in lytst fiskdoarpje en keap- en ferkeapsintrum (Hongkong betsjut letterlik in swietrokige poart) nei in ynternasjonaal finansjeel sintrum feroare is. Gjin twifel hat dizze omfoarming in protte te tankjen oan ‘e behearlik betsjoer fan ‘e Britske regearing. No’t Hongkong ûnder it oergesach fan fêstlân Sina stiet, en dat it minder en minder oantrekliker foar bûtenlanners wurdt, foaral yn ferliking mei oare stêden yn Sina lykas Shanghai, ferlieze de minsken harren hope foar ‘e takomst. Se wolle allinnich – en ek terjochte – werom nei de tiid, wannear’t Hongkong noch oan it foarútgean wie.
Alles fan doe wie poerbêst, sa tinke we.
En no komt de fraach, hoe’t we de swiermoedige sfear yn ‘e tsjinwurdige mienskip yn Hongkong oanpakke moatte. It liket wol dat we allinnich hoopjen bliuwe kinne dat der safolle omtinken ûnder ‘e kommende fyfte regearingssjef jûn wurde sil oan ús miening, as foarhinne doe’t Hongkong noch ûnder ‘t Britske oergesach stie.
Mar is dizze ferwachting realistysk? Nou, dat lit ik de lêzers harren miening hjiroer sels hawwen.
Te rieplachtsjen:
Christopher Francis Patten op besite nei arme wenningen yn HK as lêste Britske regearingssjek yn HK :