Skreaun troch Ken Ho
It begrip fan sukses foar ús ôffaars is hiel oars as hoe’t we der tsjinwurdich oansjogge. Foar harren ha se it sukses al berikke as se harren net troch rampen en sykte derûnder strûpe litte. Koarts, se diene alles om gewoan te oerlibjen yn in gefaarlike omjouwing . Wat harren dwaande hold, wie dús de fraach: wat moat der dien wurde om my letterlik de holle boppe wetter te hâlden.
Sadwaande waard godtsjinst ynskeakele as in middel om deistige problemen op te lossen. Op dit stadium is it fanselssprekkend dat der in mannichte fan Goaden wiene. Der binne ommers mear Goaden nedich , neigeraden der nammerste mear problemen foarkomme dy’t Goaden harren help oproppe. Yndie likje de betrekking tusken de Goaden en ús op dejinge mei ús familje en freonen. Eltsenien hat syn eigen sterke kant, wylst net ien folmakke is. De flatter dy’t in minsk begean kin, is by de Goaden net út te sluten. Se binne net mear as wêzens fan in hegere graad mei bûtennatuerlike krêften, al binne se ek fetber foar âlderhanne gefoelens, lykas blidens, jaloesy, lilkens of sels in oanstriid om wraak te nimmen.
Dit wrâldbyld leit oan alle godtsjinsten fan hjoed de dei te grûn, al binne minsken harren der net bewust fan. Eins meitsje se sa’n stevich ûnderdiel út fan eltse mienskip dat syn bestean al foar fanselssprekkend oannommen wurdt. Der wurdt amper oer praat, om’t wêr’t jan en alleman it mei iens binne, net de muoite weard is om as petearstof te tsjinjen. Sa’t sûne minsken der net folle omtinken oan jogge hoe’t se in bepaalde sykte tsjingean moatte, wylst dit krekt de beuzichheid is fan de siken dy’t altitden nei de júste medesyn op syk geane, is it tema oer Goaden yn harren meartal ús amper ynteressant.
Mar de brekme oan ynteresse lit just mei klam sjen hoe’t wichtich it is om Polytheïsme, it leauwen yn folle Goaden, alwer oan it wurd te bringen.
Hjoed de dei steane we under ‘e yndruk dat de measte gongbere godtsjinsten allinnich op ien Goad rjochte binne. It ferbod om yn meardere Goaden stiet dúdlik yn ferskillende heilige boeken, lykas it Bibel foar de Kristen en it Koran foar de Moslims. It liket as dizze boeken harren skriuwers safolle eagnst ha dat de leauwigen oars tinke soene, dat se it needsaak tinke om de lear fan ien Goad út te drukken, Se begûnen mei de oanname dat eltsenien yn folle Goaden leauwe, en dêrnei giene se tekear dertsjin. Dit is dan mar in oar bewys dat ús woartels tichterby it begrip fan folle Goaden stiet, as by itjinge fan samar ien Goad.
Kommunikaasje ûnder minsken giet om it begjinsel dat se effektyf wêze moat. Wat al oerdúdlik is, wurdt dús gewoanwei weilitten. Al besparret dizze praktyd ús somtiden enerzje, liedt it yn oare tiden, foaral yn dit seldichste moment, ta betizing, om’t de jongere generaasje minsken gjin omtinken mear jogge oan harren gefoel.
Fan berte ôf oan leauwe we al yn goede en kwealike geasten. Yn it tsjúster fiele we ús faak net noflik, behalven yn ús al bekende omjouwing. Sels spylje de filmmen op ús oanberne eangsten yn mei ûnbekende wizens, dy’t mei harren bûtennatuerlike krûtennatuerlike krêften ús yn ‘e besnijing hâlde. It komt ús gewoan oer dat der net mar ien geast, mar folle geasten om ús hinne oanwêzich binne. Dit gefoel bliuwt by ús, al dan net of we no yn stêden of by de natuer wenje, krekt as ús ôffaars.
De lear fan ien Goad komt mar fuort út ferjitnis yn ús ferstân, al leauwe we djip yn ús gefoel yn folle Goaden. Sûnt de tiid dat we alles oan masine en technology dwaan litte nei , binne we eins beheind yn ús feardigens. We sitte mear te tinken, yn stee fan ús hannen út ‘e mouwe te stekken en dingen gewoanwei oan te pakken. Dit nimt ús oanberne oantriid wei om sels nei in oplossing op syk te gean foar elts probleem, wat derta liedt dat de Goaden yn ús ferstând ek geandewei yn in fersmolten ien rakke binne. We kinne net mear mei wurden útdrukke hokke Goad by de bergen wenje, en hokke by it mearke wenje. Mar allinnich as we nochris problemen tsjinkomme troch in tydsje troch te bringen yn ‘e ôfleine gebieden, dan komt ús gefoel alwer mei ús ferstân ferbûn te wurden.
Ien Goad is in ûnferantwurdlike ferienfâldiging fan wêr’t it begrip sels op basearre is. Syn oarspronklike foarm, it polytheïsme, wurdt fan folle tsjinwurdige mienskippen útsletten en delsjoen, al is it eins de boustien fan wat we hjoed de dei noch hieltiden meimeitsje. Goaden binne ús freonen, dy’t ús persoanlikheid wjerspegelje troch mei ús om te gean. Dús as we harren ús rêch takeare, betsjut it tagelyk dat we ússels en ús bestean ek ûntkenne.
Litte we dan ús Goaden harren gaadlik plekje takommen, en harren bestean omearmje. Sadwaande sille we blider en mear mei ússels tefreden wurde.