Skreaun troch Ken Ho
Litte we samar mei in tsjústere wierheid begjinne: in taal nij libben yn te blazen en foar deistich brûk te befoarderjen tegearre mei in folk syn eigen kultuer en skiednis, is gjin maklike taak. Der binne ommers folle ynfloeden dy’t in eventueel herstel tsjinwurkje. Earstens wurdt de minderheidstaal, geografysk sjoen, faak troch guon gongbere talen omjûn dêr’t der folle mear sprekkers fan binne. Twaddens kin it tal sprekkers ek stadichoan sa omleech rinne fanwegen in foarkar foar de talen deromhinne, dat der net genôch draachkrêft út jongerein wei komt. Yn ‘e rin fan ‘e tiid wurdt de minderheidstaal dús mear en mear in âldereinstaal, dy’t net oars kin as harren dea ôf te wachtsjen.
Om dit foar it Frysk foar te kommen, kinne we in foarbyld nimme oan in oare, likefolle behâldende taal, it Fêreusk.
Eins is it Fêrseuk syn ferhaal tige ynspirearjend. It is ien fan ‘e fiif neikommelingen fan ‘e westlike taak fan it Aldnorsk. Twa derfan binne al ier útstoarn, nammentlik it Norn en it Grienlânsk Noarsk. De trije oerbliuwenden binne it Noarsk, Yslânsk en wol grif it Fêrseuk. Under de trijeën is sawol de skriuw- as de sprektaal fan it Yslânsk it konservatyfst. Dêrnei folget It Fêreusk, om’t de útspraak al sûnt it begjin fan ‘e fyftsjinde iuw, wannear’t it noch it âldfêreusk hiet, begûn is om fan it âldnoarsk te ûntwiken. Der waard tocht om in fonetyske skrift te brûken foar ‘e taal, al soarge it foar ûnlêsberens. Nei in serje fan skriuwrefoarmen kaam it úteinlik út op in oan wurden harren komôf troue skriuwwize. Dy waard troch menear V. U. Hammershaimb betocht, dy’t ienheid tusken de trije haadstreektalen yn it Fêreusk skeppe woe. Sadwaande liket it Fêreuske skrift op it âldnoarskenien, al bliuwt it útspraak ferskillend en ôfhinklik fan hokke fan ‘e trije streektalen bedoeld wurdt.
De boppe opsomde eftergrûnynformaasje lit it byld sjen fan hoe’t it Fêreusk weardefol is foar taalûndersyk. Benammen smyt de grutte mannichte oan Fêreuske streektalen op ‘e eilannen in protte wittenskiplike bewizen op dy’t de lûdferoaring fan it âldnoarsk nei it ferskaat oan tochtertalen dellizze. Dit stiet yn tsjinstelling ta it Yslânsk, dat mar ien fariant kent. Dús soe eltsenien by it Fêreusk syn ynstânhâlding ek in grut belang ha, om’t de Fêreuske streektalen in unyk eachpunt nei it âldnoarsk sjen lit.
Soarchlik is eins dat it Fêreusk in lyts tal sprekkers kent, en dat der oare gongberdere talen om him hinne binne.
Neffens in ynskatting yn 2007, wiene der allinnich 66,000 sprekkers, dêr’t 21,000 fan earne oars wenje, benammen yn Denemarken. Learlingen moatte fan jongs ôfoan it Deensk leare. Mei’t it toerisme derfoar soarget dat der noch it Dútsk en it Ingelsk brûkt wurdt, bestiet der eins gjin ferlet foar oarstaligen deroan om harren it Fêreusk eigen te meitsjen sa’t se op ‘e eilannen ferstien wurde. Boppedat lizze de Fêreuske eilannen fan âlds tusken Skotlân, Noarwegen en Yslân yn. Troch ‘e skiednis hinne foel de eilannen ûnder it gesach fan meardere grutmachten. It begûn om 1000 hinne ûnder Noarwegen te stean. Sûnt 1380 waard it troch de Denen oernommen en is in diel fan Denemarken wurden. Sadwaande wurdt it learen fan it Deensk in ferplichte ûnderdiel op skoalle. Mei’t de Fêreuske eilannen sa tichteby oare lannen steane, sa’t de taal tige fetber is foar ynfloeden fan bûtenôf, moatte we ús eins grutte soargen foar it Fêreusk meitsje.
Mar sadree’t we fan it mannichte fan kranten en media’s yn it Fêreusk kennis nimme, wurde we ynienen rom om it hert.
Bjusterbaarlik binne der mear karren foar tillevisjeprogramma, omroppen, kranten en tydskriften yn it Fêreusk as yn it Frysk. Al hie it Frysk neffens in stúdzje út 2001 470,000 sprekkers, wat sân kear mear is as it tal Fêreuske sprekkers, ha we allinnich omrop Fryslân dêr’t it Frysk as in fiertaal brûkt wurdt. Yn folle oare plekken wurdt it Frysk net mear as in soart tekens brûkt foar syn gefoelswearde en net foar kommunikaasje. Fierder is it Fêreusk brûkber op ferskillende mêden, lykas it polityk, en saken. Dús is it brûk net allinnich beheind ta it deistige libben, mar ek foar earnstige ûnderwerpen. De ferromming fan brûkberens fan in taal draacht in protte oan de kâns by, dat de taal oerlibbet.
En hjir komt de fraach, wêrom’t it Fêreusk, sels ûnder it gesach fan in oarstalich lân, noch hieltitden as in gongbere taal brûkt wurdt.
Dat it Fêreusk bestean bliuwt, hat der folle oan te tankjen dat der sûnt 1948 mear foegen troch ‘e Deenske Kroan oan ‘e Fêreuske eilannen takend wurden binne. Njonken it Deensk wurdt it Fêreusk fan doe ôfoan ek tastien om skriftlik del te lizzen mei deselde jildigens op folle mêden. Mar dit nimt it Deenske regear syn ferantwurdligens net wei foar bûtenlânske saken en definsje. Fierder wurde der in protte literatuer en dichten yn it Fêreusk skreaun, dêr’t minsken folle belangstelling by ha. Wat wichtich is, is dat de ynwenners op ‘e eilannen tige grutsk op harren taal binne. Se sette harren der folút oan yn, om harren taal te bewarjen en befoarderjen.
Yndie ha it Frysk en it Fêreusk folle mei-inoar gemien, dat allebei tige behâldende talen binne. Mei’t it Fêreusk sa wiid ferspraat is as in taal dy’t mannichfâldich brûkt wurdt yn tillevisjeprogramma’s, kranten, tydskriften en omroppen, moatte we der in foarbyld oan nimme. En dat is sa, sels as it tal Fêreuske sprekkers folle minder is as it Fryskenien!
It suskesferhaal fan it Fêreusk is echt ynspirearjend. It lit sjen dat salang’t de minsken hope ha foar it fuortbestean fan in taal, en dat der mear frijheid en foegen fan ‘e regearing wei komme, der mear berikke wurde kin as we tocht ha soene. Dús moatte we ús hope nea opjaan foar it Frysk. Wa wit hoe’t de takomst foar it Frysk derút sjen sil?