De Hakka streektalen

Skreaun troch Ken Ho

Oer it algemien nimme ynwenners yn Hongkong oan dat der trije talen sprutsen wurden yn harren stêd, nammentlik it Kantoneesk, it Ingelsk, en yn tanimmende mjitte, it Mandrynsk. As der op strjitte yn ien fan ‘e trije talen sprutsen wurdt, litte we it samar troch ús hinne gean sûnder der tefolle omtinken oan te jaan. Mar as men fierder fan ‘e stêdssintra ôfreizget, en by it plattelân telâne komt (The New Territories yn it Ingelsk), dan soe dêre nei alle gedachten fan ien fan ‘e amper bekende lâneigene talen heard wurde, it Hakka.

Grappich wurdt it Hakka faak ferkeard sjoen as in soart bûtenlânske taal dy’t allinnich toeristen fan bûtenôf prate.

Krektoarsom is it Hakka ien fan ‘e Sineeske talen dy’t fan it Middensineesk ôfstamme. Nei alle gedachten wie it Hakka de bestjoerstaal fan it doetiidske Sina ear’t noardlike stammen lykas Xiongnu, Liao, Jin en Yuan begûnen Sina binnen te kommen. Nijgjirrich hat de útspraak fan Hakka troch iuwen hinne amper feroare. Dit feit komt del te lizzen as we âlde gedichten besykje foar te dragen. Om’t Sineeske dichters bepaald rymssysteem hantearje foar it skriuwen, stiet in bepaalde Sineeske taalfariant nammerste tichterby de oarspronklike foardraachstaal, as de útsprutsen sinnen hjirtroch noch mei-inoar rymje nei it hantearre systeem. It risseltaat is, dat de yn it Mandarynsk foardragen gedichten amper rymje, wylst it útstekkend giet mei it Hakka (en it Kantoneesk ek). It is ús dús wichtich om it Hakka te bewearjen sa’t we ús ferbining mei ús ferline net ferlieze.

Jammerdearlik wurdt der faak ûnder ‘e Sinezen op it Hakka delsjoen, sa’t de jongerein der amper ynteresse foar toane om harren ôffaars harren taal sprekke te learen. Al hat it Hakka neffens in yn 2007 diene stúdzje wrâldwiid likernôch 48 miljoen sprekkers, binne se eins sa ferspraat oer ‘e wrâld dat se elkoar amper ferstean kinne. Binnen fêstlân Sina wurdt Hakka yn stêden lykas Dabu, Jiaoling, Wuhua, Pingyuan en Fengshun sprutsen, wylst hakka sprekkers derbûten ek te finen binne yn Taiwan, Tailân, Singapoer, Hongkong, en sels yn Nederlannen. Yn eltse streek, provinsje en lân folget de Hakka taal aldêre in eigen ûntjouwingproces, sa’t eltse fan harren hjoed de dei in apart lûdsysteem, wurdskat ensafh hat. Yn ‘e Maixian Hakka streektaal, dy’t teffens as de standert Hakka taal oansjoen wurdt, bestiet der it lûd [-u-] yn it midden fan wurden. Mar dat wurdt yn ‘e Hongkong Hakka streektaal al ferlern, sa’t it wurd foar ljocht yn ‘e standerttaal as [kwɔŋ˦] útsprutsen wurdt, wylst it yn ‘e lettere [kɔŋ˧] wurden is. Fierder kent it Xingning Hakka streektaal gjin einlûden [-m] and [-p], want se binne [-n] and [-t] wurden. Dit lit sjen hoe’t grut it ferskil fan ferskillende Hakka streektalen al is binnen Sina. As we fierder geane nei oare lannen om de lân-spesifike Hakka talen te bestudearjen, dan sille de lokale besûndere eigenskippen noch ôffallender en opmurkliker wêze. It is dús in grut ferlies foar it kultuerele erfguod fan ‘e minskheid as we der neat oan dogge om ferskillende Hakka talen te rêden.

Dat Hakka sprekkers sa wiid ferspraat oer ‘e ierde binne, hat te meitsjen mei harren oanpassingsfermogen. It Sineeske wurd, Hakka, betsjut yn it Sineesk “gastgesinnen”. Dêrmei wurdt bedoeld, dat se jimmeroan earne te gast binne en harrensels net nei in bepaalde provinsje of lân neame. Gelearden ha al dellein dat de Hakka befolking earstens út noardlik Sina wei kaam, nammentlik út súdlik Shanxi, Henan en Anhui. Se ferhuusden nei súden fiif kear yn totaal. Ien kear dat se Hongkong en oare stêden yn súdlik Sina oankommen wiene, stutsen se de see oer om de westerske wrâld binnen te kommen. It is ynteressant om te sjen hoe’t se harren maklik oan oare mienskippen oanpasse koene, sûnder tagelyks harren eigen identiteit ferlern te hawwen.

Harren sterke bân mei-inoar hat in protte te tankjen oan sawol harren godtsjinst as libbenswize. Se leauwe yn geasten en Goaden. As se harren nei bepaalde rituelen oanbidde, tinke tinke se mei harren yn kontakt komme te kinnen. Nimme je as foarbyld de keningen fan trije bergen en de hearren fan trije wrâlden. De keningen binne ûnder de Hakka sprekkers hillich ferklearre om’t se tocht wurde folle bydragen te hawwen oan ‘e feilligens fan it lân. Der fûn doe in oerstreaming pleats yn ‘e omjouwing fan de Jin, Ming en Du bergen. De befolking beanen de Berchgoaden oan om harren te helpen. Dan waard der ynienen gjin ramp mear. Boppedat ha de Berchgoaden de Kening fan ‘e Song keizerryk holpen om de opstanners tsjin te gean. Sadwaande neamde de Keizer Taizong fan Song de trije bergen as de trije hillige nasjonale ferdedigers fan syn ryk. Oars as de trije Berchgoaden wurde de Hearren fan trije wrâlden net troch de Keizer ferheven ta de goadenrang. Se hearskje oer de trije wrâlden – de himmel, de ierde en de see – gewoan sûnt minskeheugnis. Regelmjittich ûntfange de Hearren offers fan ‘e Hakka sprekkers, dy’t harren tankerens hjirtroch witte litte. Al dizze en oare Goaden binne wat oars as dejingen dy’t troch oare Sineeske befolkingen fereard wurde.

Opfallend binne harren dracht. Harren klean, shanku, is fierwei blau en swart en is tige ienfâldich kwa styl yn ferliking mei dejinge fan oare Sineeske groepen. Al drage de manlju en de froulju meastentiids itselde soart klean op it fjeld foar lânbou, drage de froulju ûnder oanstekkende sinneskyn grutte rûne huodden. Se wurde út bamboe makke en binne jimmeroan te sjen as de froulju blêdzjen op bergen oan it sammeljen binne. De huodden litte it lucht troch harren hinne gean, wylst de sinneskyn hielendaal blokkearre wurdt. Sokke klean falt sa folle op dat it mei wissigens sein wurde kin dat se Hakke sprekkers wêze moatte.

Op it lêst kipt it sjongen fan ‘e saneamde berchliedsjes de hakka sprekkers derút. De liedsjes drukke faak de leafde út dy’t de froulju foar de manlju koesterje. Sa’t it út in weardfolle dokumentaasje yn it Kantoneesk docht bliken, genietsje de froulju der tige fan om sa harren gefoelens ta útdrukking te bringen. (Hjir foar ‘e fideo). Al wurde der regelmjittich eveniminten organisearre dêr’t de âldelju fan Hakka by-inoar komme om sokke liedsjes te sjongen, binne der net genôch jongerein dy’t hjiryn ynteressearre binne. Sadwaande kinne de liedsjes almeast skriftlik dellein wurde. It wurdt yn ‘e dokumentaasje sein, dat nei guon 20 jierren letter, as de âldelju gjin jongelju fine sille om harren kulturele erfguod troch te jaan, de liedsjes allinnich te hearren binne yn opnames en te sjen op papier. Dat taast my tige yn ‘e moed doe’t ik dit hearde.

De liedjes sette me oan it tinken wat ik yn in Fryske âldereinsoarchynstelling meimakke ha. Op 14 septimber 2016 ha myn taalmentor Dyami Millarson en ik by Leppehiem west, in prachtich soarchsintrum foar âlderein. Dêre krige ik in lied songen te hearren fan in lokkige jierrige man. It hiet “simmermoarn”. We namen pleats by him en songen mei. Wat oandwaanlik it wie foar eltsenien yn ‘e keamer! Nei’t er it hiele lied út ‘e holle foardragen hie, grapjagen de froulju oan ‘e oare kant yn ‘e keamer dat er altitden it lied sels songe. Doe begriepen we ynienen dat it tige iensum wêze moat foar âlderein dy’t net ien ha dyt harren gefoelens troch gedichten en liedsjes diele kinne. Dizze ûnderfining spilet wol grif in wichtige rol yn myn reewilligens en oanstriid om minderheidstalen te rêden.

De Hakka sprekkers harren kultuer is bewûnderingsweardich. Nijsgjirrich is dat sels Germanen yn ‘e ferline yn Goaden en wêzens yn ferskillende wrâlden leauden. Yn oare artikelen (hjir) ha ik it al oer ‘e njoggen wrâlden dêr’t de Goaden, reuzen, dwergen en minsken wenje. Hoe mear ik oare kultueren ûnder eagenskou nimme, hoe mear ik it te witten kommen bin dat Geasten in belangryk ûnderdiel útmeitsje fan in folk syn kultuer. De kompliksiteit fan in folk hangt der teffens fan ôf hoe’t wiidfiemjend en djipgeand it folksleauwenssysteem is. Dús is it needsaak dat we gjin foaroardielen koesterje tsjin wat kultuer dan ek, ear’t we se begrûne ha. Wat ús no frjemd liket te wêzen, wie faaks it gewoanst by ús ôffaars!

 

Te rieplachtsjen:

In dokumentaasje yn it Kantoneesk oer ‘e Hongkong Hakka streektaal:-

 

 

 

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s