Priuw mar it Frysk iten yn ‘e leukste winkel fan ‘e Nederlannen!

Skreaun troch Ken Ho

Dat Friezen golle minsken binne, bestiet gjin twifel oan. Eltse kear dat ik by Friezen op besite gie, krige ik wat te iten. Tsiis, brea, appeltaart, sap en neam mar op! Der wie gjin brekme oan gastfrijens, en it iten wie de brêge tusken ús. Gjin wûnder dat ik my der sa iepen foar fielde om alles mei de Friezen te dielen. Mei’t in ferskaat oan Fryske lekkernijen foar myn eagen stiene doe’t we mei-inoar praatten, kin ik no samar sizze: Noch nofliker hie it toch net wurde kinne!

Tsjin de lêste pear wiken ear’t ik fuort moast, krige ik in grut ferlangen nei de lekkernijen dy’t ik ea preaun hie. Ik wie ommers by in protte Fryske gesinnen te gast, en hie dús folle Frysk iten hân.

Ik siet der dan oan te tinken, dat as elts Frysk gesin in eigen manear om it iten te meitsjen hie, dan wat eins “Frysk iten” hjit, in fieromfiemjend begrip wêze moat. Oars sein, dat it Frysk iten syn kompleksiteit him ta in keunst ferheft. Om’t it Frysk iten in wichtich ûnderdiel útmakket fan ‘e Fryske kultuer, besykje ik der ek wat by te dragen om it te bewarjen. De fraach is mar, wêr’t we no mei begjinne moatte?

Sykjend op in antwurd, kaam ik in winkel tsjin op de Nieuwe Oosterstraat 6, Ljouwert. Dêre wurdt it iten fan alle Fryske streken fersammele en oanbean.

Priuw, sa’t de winkel hjit, syn nuverens leit deroan dat it alles dat mei it Frysk iten te meitsjen hat, by-inoar te bringen besiket. Fan binnenút kin men in Fryske sfear oanfiele. Dat komt foaral troch de aardichheid fan ‘e grutske eigneresse fan ‘e winkel, Hielkje van der Molen, dy’t ,klaaid yn moaie klean fol mei hertsjes, op ús foar ‘e etalaazje te wachtsjen stie.

De needlotting moeting dy’t my in nije wrâld fan Frysk iten iepen makket, hat eins te tankjen oan it programma Tijd voor Max. Op 19 septimber 2016 kamen de meiwurkers ús op besite en in dei letter waard de opname op tillevyzje útstjoerd. It wie in gesellige dei, en we moeten folle nijsgjirrige minsken. Hjir wol ik ek myn tankberens tsjûgje oan ‘e ynset fan ‘e ferslachjouwer en ‘e kamerman. Sûnder harren soe it programma op 20 septimber 2016 net sa ynformatyf west ha.

Yndie ha we allegearre folle fan ‘e dei geniete. Nei’t we in koart gesprek yn in live ynterview hân hiene by omrop Fryslân syn kantoar, giene we werom nei Ljouwert syn sintrum om noch wat Frysk iten te priuwen. Doe seach ik der ferwachtingsfol nei út, om’t ik tocht dat ik dêre nochris wat leuks meimeitsje soe. It Frysk iten ropt ommers leuke wjerinneringen op by my!

By de winkel Priuw waard myn ferwachting eins oertroffen.

Mei in grut glimke op harren antlit late de golle eigneresse ús binnen, krekt as we thúskamen. We stalden ús en ús taalprojekt foar en dêrnei hie se it oer âlderhanne Fryske produkten dy’t oeral sawol binnen as bûten ‘e winkel te keap stiene. Al lústere ik oandochtich nei harren, moast ik tajaan dat der sa grut in ferskaat oan iten op tafels, stuollen en oan ‘e muorren wie, dat ik alles net ynienen ynnimme koe. Sels wiene der safolle soarten tsjiis dat se allegearre út ferskillende waadeilannen weikamen. Doe’t ik noch hieltiden de produkten om ús hinne oan it bewûnderjen wie, kaam it my jústjes yn ‘e sin dat de golle eigneresse krektlyn fuortgien wie om wat priuwkes foar ús te heljen. Dat besefte ik krekt wannear’t se weromkaam.

“Dit moastten jimme priuwe!” sei se mei deselde glimke, doe’t se ús in stikje tsjiis mei in toskstoker dertrochhinne oanbea.

It tsjiis wie sûnder mis lekker. Mar wat lekkerder wie de drúvenwyn dy’t se yn in kopke dien hie. “Se giene tige goed tegearre.” sei ik nei’t ik alles opiten en optronken hie.

Fierder foel it my op dat der folle besûndere Fryske briefkaarten wiene dy’t bûten ‘e winkel stiene. Ik naam der mar ien fan op en lies de koarte sinnen troch. Se wiene eins Fryske wiisheiden dy’t it Fryske folk harren tinkwize ta útdrukking brochten. Dat fûn ik tige nijsgjirrich, en tocht dat se allegearre de Fryske kultuer fertsjinwurdigje koene. Eins is der folle mear foar eltsenien te ûntdekken, behalven de ferneamde ropwurden, “Bûter, brea en griene tsjiis, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries.”!

En no wurdt de winkel Priuw ta de leukste winkel yn ‘e hiele Nederlannen útroppen, sa’t it út in rapportaazje yn omrop Fryslân docht bliken!

Foar my persoanlik is dizze erkenning tige wichtich. Nammentlik fiel ik me tige belutsen by winkel Priuw, al hie ik se mar ien kear op besite gien. De priis wjerkent ommers de jierrenlange striid fan mefrou Hielkje van der Molen sûnt de iepening fan harren winkel om it Frysk iten te bewarjen en te befoarderjen. Ik bin harren tige tankber, en leau der noch hieltiden yn dat der noch mear komme moat om de Fryske taal, kultuer en skiednis ynstân te hâlden en te promoaten.

As earbetoan ha ik dit artikel oan ‘e winkel Priuw tawijd, hoopjend dat der noch mear oantinken jûn wurde sil oan Frysk erfguod en, yn dit gefal, it Frysk iten!

Hjirûnderoan fine je links dy’t nei websiden ferwize dy’t mear oer ‘e winkel Priuw fertelle sille!

Te rieplachtsjen:

Omrop Max op tiisdei 20 septimber 2016: “Hallo Nederland” http://www.omroepmax.nl/hallonederland/uitzending/tv/hallo-nederland-dinsdag-20-september-2016/

Rapportaazje by omrop Fryslân: “Priuw in Leeuwarden is leukste winkel van Nederland”

http://www.omropfryslan.nl/nieuws/704733-priuw-leeuwarden-leukste-winkel-van-nederland

Fideo rappotaazje: “GPTV: Priuw is Leukste Winkel van Nederland”

https://www.youtube.com/results?search_query=rinus

De offisjele webside fan ‘e winkel Priuw

http://www.priuw.nl/

Promoasjefideo, makke troch De praat mar Frysk kampanje. “Priuw mar Frysk”

https://www.youtube.com/watch?v=bfPUtj3SSmw

 

 

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s