Schruouwen trog Ken Ho
Doe ik nog so jong as un jier of trea wae, morkten myn ôlders ol dat ik tige bang wae fon geesten. Ol ljouwden se einlik net folle yn onsjeanber wêzen, moassen se help sôchten bi un ôd wyfke dot kennis oer ‘e geestenweareld hie. Ik gûle ommes so hêd elke kear doe ik tuus koom, dot se et noadsaaklik fonen om advys út te sykjen. Op it lêst komen se bi de noemde frou teruchte, di sei dot er meschien un geest yn uus huus roonroon in ik dertroch oltyd onrêstig wae. As et einlik et gefol wae, konne myn ôlders tsjinwerrig net riede, mar dot kon ik wol, omdot ik et persoanlik meimakket ha. Yn elk gefol ferhuusden wi in noe is et ol omtrint et tweintigste jier dot ik yn et nie wenhuus wenje. Fon “in ni huus” is er noe nei sofolle jierren meschien gin sprake, mar wol fon un feillige plaats wer ik net mear trog geesten schrokken wor!
Mar hinen myn ôlders et oars oanpakt konne as gewoan te ferhúzen? Wot se ondernomd ha, wae ommes om geesten passyf te mien, yn plaats fon har aktyf te ferdruwen. Fidder besteet er un greate kôns dot de geest uus achterfolge in uus noait achterliet. As dot echt forkomd wêze hie, don soaë et ferhúzen bêst wol nutteloas wêze of op syn mynst averuchts fekead werkje. Jim wit ommes net wot un geest tinkt, en as de geest fon in tige wraaksuchtige type is, don soaë et er slim útsjean mei wot er bêre soaë.
In wat hir oangeet ha wi folle te learen fon un feest dot fierd wodt op Schyljelôn, dot einlik in kunst is om boaze geesten te ferdruwen. As et goed ferroon is, sil der nei olle gedachten gin geesten mear et hele jier trog wêze di uus plaagje wolle.
Op 6 desimber fon elk jier komt et hele Schyljelôn to stilte, yn oofwachting fon de nacht wer de monljoed har ferkleedzje mei grinzen en op strjitte rinne. De doar fon elk huus steet epen, wyl froumynsken in ben der yn it tsjuster wachtsje. Ginien kon de grinzen dragende monljoed út-inoar hôde. Sels is de tiid wannear se it huus binnenkomme sille, onwis. Mar ien kear dot de monljoed mei ôlderhonne grinzen et huus binnenkrongen, don komme se de tuus bljoeëenden te freien wae se bin. Mei in fedraaide stem sprekke se, en mot de frouljoed en ben even riede hokke bekenden er achter sit. Sels as et har mar slagget, meie se de namme net somar útsprekke. Dot mot eader mei beditsen termen útdrokt worre, sodot et spel langer dorje kon.
Einlik is et feest gin feest yn syn tsjinwerrige sin. Et is un plechtighyd om olle eilonners te beskermjen tsjin kweade geesten di uus libben slim maitsje. Sodwaande meie ollinne monljoed eroan deelnimme, di de wichtige taak op harsels nimme om har familje en borljoed te ferdedigjen. Fonwegen et gefaar worre frouljoed en ben dús febên om joons op strjitte te rinnen, fodot er ljouwd wodt dat olle geesten nachts ferdruouwen worre.
Un wichtige funskje fon et feest, is om de borljoed oan et tinken te setten oer wot yn et oofrone jier bêrd is. De grinzen worre eigelik net ollinne brukt om geesten fot te druwen, mar ik mynsken te werinneren oan sosjale problemen di nei oplossingen freie. Trog et gefoel fon fertrouwen dot út de grinzen fondinne komt, wodt ôd sear ik útfochten. Borljoed fiele har ommes fri om olles priis te jaen neidot se op it lêst wot bier te drinken kri. Dús tsjinnet Sunderum as in oangelegenthyd om minsken op et eilôn tichter bi-enkorm te bringen.
Jammerdearlik ha ik der nog noait wên doe et jierlikse feest fierd wodt. Ik fyn et nysgirrig dot de grinzen makket worre trog natoerlike materiaal, sodot iderien in eigen besondere grins for himsels maitsje kon. Dot wol ik wis meimaitsje yn myn folgjende besite nei et moaie waadeilôn. Der mot sonder twifel nog mear ondersyk nei dien worre, omdot et sels út de Volkskrant fon et jier 1994 bliken dogt, dot de tradysje net mear trouw oan syn oarspronklike foarm is. Et wodt mear en mear as in gewoan feest fierd, sonder dot minsken er har bewust fon bin wer et einlik foar steet. Noe is et olwer mear as tweintig jier. Wi ha er net folle tiid for fodot et Sunderum heendol feroaret wodt. Dús maitsje ik mi drok om et te rêden trog et te boek te stellen. Hirtrog witte de neikommelingen ek aktyf geesten te ferdruwen, sodot et Schyljelôn in moai en rêstig lôn wêze bljoegt.
Te rieplachtsjen:
De volkskrant: Zelfs op Sunderum weten de vrouwlui hun plaats niet meer
http://www.volkskrant.nl/archief/zelfs-op-sunderum-weten-de-vrouwlui-hun-plaats-niet-meer~a378884/