Skreaun troch Ken Ho
Dat Sinezen tige ûnder ‘e ynfloed fan westerske kultuer steane, is gjin nijs. Dit komt hjoed de dei út op ‘e mieningsspjalt tusken ‘e âlderein en ‘e jongerein oer wat derby heart, en wat net. Mei’t in einleaze rige weagen fan kultuerskok fanút it Westen kommen is, ûntstiet der folle diskúzje oer in protte mienskiplike tema’s, dy’t faker as ea yn heftige rûzje einiget.
Omstritten is benammen de betrekking tusken âlders en bern.
Fan âlds wurde bern as fermogen fan famylje oansjoen. Sinezen harren fruchberens fynt harren woartels werom yn it leauwen dat bern harren âlders harren eigendom binne. Yn in op lânbou rjochte mienskip drukte dit gedachte doedestiids him dús út troch bernlike wurksumens op it fjeld, ôfsjoen of dit eins te swier oerkomme soe. Yn ‘e moderne tiid komt it earder ta útdrukking yn tinkwize lykas dat je as bern jild foar je âlders fertsjinje moatte, sels as je noch in hegere oplieding folgje wolle.
Mar wachtsje, steane Sinezen yn ‘e westerske wrâld net bekend derom dat se suskes op skoalle tige op priis stelle?
Dêr ha je hielendaal gelyk oan, al wurdt oplieding mar allinnich brûkt as in middel om mear jild mei fertsjinje te kinnen. Sadwaande bestiet der dús in ferskil yn ‘e kar fan stúdzjerjochting ûnder ‘e Sinezen, dy’t faak – troch âlders harren befel twongen – foar finânsje, rjochten en artsen studearje. Oare fakken, sels dêr’t Sineeske bern folle ynteresse of talint foar toand ha, lizze bûten de mooglikheden. Dit stiet yn tsjinstelling ta it klam dat troch westerske âlders op ynteresse lein wurdt.
Ien kear dat bern ôfstudearre binne, moatte se fuort oan ‘e slach. Doe’t ik myn âlders útlei dat ik taalkunde foar myn master-oplieding studearje woe, rette myn mem it my ôf. “Do bist al lokkiger as ik.” Redenearre se, skodholjend. “Doe’t ik nog 18 jier âld wie, moast ik al fuort om jild te fertsjinjen foar myn famylje. Sels hie ik ynteresse om myn oplieding te folgjen, moast ik dermei ophâlde.” Dan begûn se de saneamde foardielen fo banknotear te stellen om saai wurk te dwaan. “Dan hoefst alteast net folle te tinken!” Glimlakke se. “Asto mar in baan fynst dêr’tst dy mei deselde dingen dwaande hâldst, dan wurdst faak lokkiger!” Boppedat ûntkende se myn ynteresse yn talen en taalkunde, al ha ik al genôch bewiis dat ik my in taal yn trije moannen eigenmeitsje kin, lykas it Hollânsk. “Faaks hast gjin talint yn talen. Ik ha ommers nea heard doe’tst noch jong wie datst yn talen ynteressearre bist!” Yndie komt dit net allinnich foar yn myn gesin, mar ek yn oare Sineeske gesinnen, dêr’t âlders safolle om jild op it eagenblik jogge, dat se nea oer ynvestearing yn harren bern harren takomst neitinke. Alles moat sa fuortendaliks te jilde makke wurde, dat it net oars is as in gouden aaien lizzende goes ynienen te slachtsjen om mear soksoarte djoere aaien te krijen. Mei dizze praktyk giet jammerdearlik alles dwersferkeard. Der binne ommers gjin gouden aaien yn ‘e goes syn lichem, en nei it slachtsjen giet de goes dea.
It falt net te begripen wêrom’t dizze ûneffisjente âlderlike ferhâlding troch generaasjes hinne noch trochjûn wurde kin, sels as de bern der folle neidielen fan meimakke ha. Myn mem kin harren noch hieltiden werinnere oan de ûnferantwurdlike manear dy’t harren heit et jild weismiet. Sels hjoed de dei klaagde se der noch mei folle pine oer, dat harren heit de dreech fertsjine bankbriefken oan froulju en oare ûnbekenden útdielde, om allinnich wat oansjen foar himsels te sammeljen. No’t myn beppe fan memmeside ferstoarn is, wurdt in protte jild thús weromfûn. Alles dêr’t harren bern fanwegen bernlike hearigens ferplichte wiene om ôfstân fon te nimmen, wurdt samar sammele en thús ferborgen, sels as dit gigantyske bedrach earder brûkt wurde koe foar hegere oplieding of sels gewoan foar in bettere kar foar klean, iten en oare middels om fundamentele behoeften te befredigjen. Bern ite earm en lije der mar ûnder om et oerbleaun jild op te jaan oan âlders dy’t gjin idee ha om it effektyf te brûken.
En dizze iensidige rykdomtrochjouwing fan bern oan âlders giet troch sels nei it houlik.
Foar it houlik wurdt der al fan ‘e bern ferwachte om oan húshâldlike útjefte fan ‘e âlders by te dragen. It bedrach hjit yn ‘e Sineeske taal “it hûsbrûk”*. Nei it houlik moatte bern (tegearre mei harren gesel) âlders fan beide siden harren wolwêzen yn rekken hâlde. Utjefte om it iten, klean en oare deistige nedichheden moat minder wêze. Koarts, alles draait om ‘e âlders en se steane sintraal yn ‘e wrâld tusken jo en jo man of wiif. Dit komt troch it begrip “âldereinfersoarging” yn ‘e Sineeske taal*. Dêrtroch wurde bern fereaske om jild te sammeljen foar eventuele hege kosten dy’t de âlders betelje moatte foar it bliuwen yn sikenhûs, kostbere medesinen, de begraffenis ensfh. Sadwaande wurde de bern ferantwurdlik steld foar ‘e takomst fan ‘e âlders, dy’t eins gjin soargen mear ha salang’t harren bern jild te fertsjinjen begjinne.
Krektoarsom sjogge Jeropeeske âlders harren bern as hope foar ‘e takomst, en wolle alles dwaan om harren bern te stypjen. Yn Jeropa is it oer it algemien sa, dat salang’t de bern der oanta kinne, se oantrúnd wurde om nei hegere oplieding te sykjen. Ta ferbjustering fan Aziatyske âlders binne guonlju yn Jeropa oant 30 jier âld noch oan it studearen. Mar it komt derop del dat de heech oplate Jeropeeske bern úteinlik mear as harren Aziatsyke tsjinhingers fertsjinje, om’t der mear romte en tiid jûn wurdt om Jeropeänen harren ûntwikkelje te litten. Tinke je mar om ‘e technologyske foarútgong dy’t út it Westen wei komt. Der is eins net folle dat yn Azië útfûn is.
Sels sjocht it der hiel oars yn Jeropa mei it houlik út. Yn Hongkong moatte je as bern al in auto, in hûs en in goeie baan ha as je âlders je sa gau as mooglik mei in oar trouwen sjean wolle. Eins fiele âlders harren net feillich as harren bern nei inkelde jierren op ’t wurkflier west te hawwen noch net troud binne. Se wolle ommers troch it echtpear fersoarge wurde dat finansjele wissigens opsmyt. Sadwaande steane bern yn Azië altyd ûnder ekstreme drokte fan harren âlders.
Nijsgirrichgenôch hoege Jeropeeske bern net foar oanbelangjende kosten mei it houlik te beteljen. Dat komt troch it begrip fan breidsjefte, dat gongber yn it Westen is. Dermei wurdt bedoeld dat wat it famke fan syn neisten krigen hat, oerdroegen wurde moat oan ‘e mienskiplike eigendom fan ‘e echtpaar. Harren neisten yn dizze gearhing tsjutte syn âlders en oare bloedferwanten oan, dy’t harren derom drok meitsje om foar it oer te dragen besit te soargjen. Sels wurde fanneeds oanferwanten oan ‘e side fan ‘e brêgenman hjir ek by belutsen, as der echt in tekoart oan breidsjefte bestiet.
Ornaris bestiet de breidsjefte of it breidsskat út in útset en in jildbedrach foar it echtpear. Allebei besykje foar in goed begjin fan ’t houlik te soargjen. Yn it besûnder makket alles dat mei it húshâlding te maitsjen hat, ûnderdiel út fan it útset, lykas hankdoeken, bêdrêding, klean, ensfh. De âldelju ha der ommers belang by dat harren bern sa’n suksesfolle libben mooglik ha, en hjiroan drage se aktyf by.
Yn folle dingen wurde it Easten en it Westen fan-inoar ûnderskaat. Yn ‘e rin fan ‘e tiid rakket Azië noch hieltitden tichter by it Westen syn gewoante. Foaral is it Westen syn ynfloed opfallend op it mêd fan ‘e ferhâlding tusken âlders en bern. Dit komt trochdat men it foardiel te sjen begjint as der mear yn ‘e bern ynvestearre wurdt. Mei’t folle ynnovaasje út it Westen wei komt, groeit hjir ek it besef dat it westerske opfiedingsmodel mear foardielen opsmyt as it Aziatyskenien. Foaral genietet it Jeropeeske klam op bern fan folle oansjen yn Azië, wat ek foar un feroaring yn tinkwize ûnder ‘e minsken hjir soarget. Al is it biedwurd yn Hongkong al jierrenlang bestien, dat ús bern ús takomst binne, falt der noch mear te dwaan om dizze tinkwize ta aksje om te setten. As foarbyld moat der mear omtinken oan it Jeropeeske begrip fan breidsjefte wêze, dy’t faak ta in suksesfoller libben fan it echtpaar liedt. Koarts, bern moatte mear frijheid ha om by te dragen oan ‘e mienskip harren ûntjouwing. Oars bliuwt se libbenleas en giet nea foarút.
Yn elts gefal moatte we tajaan, dat der folle bewûnderingweardige dingen yn tradisje sitte. Foaral fernuverje wi ús hoe’t in beskate tradisje it mooglik makket dat ús ôffaars ûnder drege tiid oerlibben. Mar dit docht der neat oan ôf dat guon aspekten fan ‘e tradisje ferbettere wurde kinne. Dit is nammerste sa by de Sineeske kultuer, dêr’t de ferhâlding tusken bern en âlders neidielich is foar ‘e Sineeske mienskip. Hjiroangeande moatte wy as Sinezen in foarbyld nimme oan ‘t westerske opfiedingsmodel, dêr’t safolle kânsen oan ‘e bern jûn wurde, dat se poerbêst taret binne op in wrâld fol gefaar en útdaging.
Opmerkingen:
* De twa Sineeske begrippen binne as folget:-
Hûsbrûk: 家用
Âldereinfersoarging: 養老