It foardiel fan fiskoalje – in dei mei in eigenwize dokter yn Hongkong

Skreaun troch Ken Ho

“Minsken moatte harren bewuster wurde fan fiskoalje harren foardiel.” Tocht ik oan mysels doe’t ik in sikehûs yn Hongkong ferliet. Benammen foel it my op dat guon aarsten gjin ûnderskie meitsje tusken oalje fan minne kwaliteit en dejinge fan hegere kwaliteit, wylst dizze kennis âlderwichtichst is om in sûn libben mei te lieden.

Mar earstens, lit my mar eefkes útlizze wêrom’t ik it sikehûs fanmoarn besykje moast. Fan jongs ôfoan lij ik ûnder in oandwaaning dy’t út myn famylje wei komt, familiêre hypercholesterolemy. Al slik ik no in piltsje eltse dei om ‘e oandwaaning tsjin te gean, moast ik al ierbetiids yn myn libben oare medesinen ynnimme. Sûnt de ûntdekking fan myn sykte doe’t ik noch in lyts pjut wie, moast ik al poeier oplost yn it wetter trinke. Doe’t ik mear ferdrage koe, gie it nei pillen oer. Fansel geane medesinen tegearre mei in strukturearre dieet. Dêrtroch waard it my kear op kear sein, dat ik beskaat iten mije moat. Dit liedt derta dat ik geandewei wjersin ûntwikkelje tsjin it iten, sadat ik minder yt as ik nedich ha. Men seit faak dat ik te slank bin, en frêget oft ik net folle yt. Sels is dit myn taalmentor, Dyami Millarson, opfallen, doe’t ik him yn Nederlannen foar ‘t earste kear moette. Yndie is it ferbliuw yn Fryslân my in iepenbiering, om’t ik faker sûn ite tsjinkaam as yn Hongkong.

Mar sels is it my net slagge om it probleem fan hypercholesterolemy op te lossen, yn rekken hâldend dat ik al it advys fan myn dokters yn acht nommen ha.

En wêrom sprek ik fan “dokters”? Yn Hong Kong is it ommers sa, dat je gjin fêste aarst krije yn in iepenbier stelsel. As je mar in saneamde húsdokter ha wolle, moatte je der mear foar betelje, faak allinnich yn in privaat sikehûs dêr’t de kosten fan net troch ‘e regearing bedutsen wurdt. En dy binne faak net minder as tsienfâld as dejinge yn in iepenbier sikehûs. Dús moat men der yn Hong Kong swijend ûnder lije, en kriget eltse kear in oare aarts dy’t alles mei jin yn it langst 15 minuten útpraat hat. It komt derop del dat dokters yn Hongkong fan safolle oansjen genietsje, dat se der folle belang by ha om it oantal kwalifisearre dokters te regeljen. Sadwaande is der faak in tekoart oan dokters om pasjenten foldwaande fersoargje te kinnen. Dit draacht dús oan twa problemen by. Earstens ha dokters meastentiids net folle ta gjin ynteresse om nei pasjenten harren ferhaal te lústerjen, om’t se sa heechoplaat binne dat se faak op pasjenten harren eigen ynterpretaasje fan ‘e sykte delsjogge. Geneeskunde is ommers in earbiedwekkend fak dat net eltsenien studearje kin. Mei’t der elts jier folle studenten binne dy’t it eksamen net helje, stiet it fak geneeskunde ek bekend om syn dreechte, dêr’t suksesfolle learlingen, d.w.s. kwalifisearre dokters, harren oansjoen oan ûntliene. Mar tagelyks wurdt mannigenien sa bedoarn, dat der op pasjenten harren eagpunten op harren sykte delsjoen wurdt. Twaddens liedt in troch regeling feroarsake tekoart oan dokters ta ûnsoarchfâldigens yn diagnoase fan sykte. Om’t je hieltiden wer in nije dokter krije dy’t je sykte gewoanwei foar heechstens in kwertier yn in oerke besprekke kin, is der eins gjin genôch tiid om oer je sykte syn skiednis mei soarch te folgjen om te bepalen wat der yn it folgjende barre moat. Al dizze ûngemakken ha ik op 28 maart 2017 ûnder myn besite nei in sikehûs ûnderfûn. Mei’t dizze ûnderfining my al net frjemd is tanksij myn jierrenlange besite nei de sikehûzen, ha ik folle begrip wêrom’t dat Hongkongers it sosjale stelsel yn Jeropa oanprize, foaral ûnder dejingen dy’t al in kear dêre west ha. Dit kaam jústjes oan myn besef, doe’t ik foar ‘e earste kear yn Fryslân nei myn taalmental Dyami Millarson syn toskedokter op besite gien bin. Der wiene twa dokters, allebei tige freonlik dy’t wol grif folle te fertellen hie as der mar in fraach steld waard. Fan dit freonlike byld tusken in heechoplate dokter en in gewoane boarger stean ik noch hieltiden ûnder ‘e yndruk. Fan doe ôfoan ha ik realisearre dat yn Jeropa de tsjinst op klanten rjochte is, en eltsenien likense tagong ta it medyske stelsel hat, oft hy earm of ryk is.

En hjir hat de doktor dy’t ik op 28 maart 2017 besocht ha, in foarbyld oan nimme moatte.

Foarmiddeis gie ik nei in sikehûs om myn hûs hinne mei Dyami Millarson, dy’t dernei nijsgierrich wie hoe’t medyske tsjinst yn Hongkong derút sjocht. Wy ha der op ‘e tiid west, al nei in tydsje dat ik my by de baalje oanmeld hie, foel Dyami al op hoe’t de tsjinst hjir der oars útseach as yn Nederlannen. “Wêrom hiest sa haastich west? Wy moatte ommers noch langer wachtsje!” sei er doe’t we tegearre yn in wachtsaal sieten. Der stie eins dúdlik op it papier dat it ôfspraak om 11:40 wie, al wiene wy noch oan it wachtsje oant 12:10. Wy hiene al omstrint in half oerke sitten bliuwe, as wy 7-8 minuten earder as ôfsprutsen oankommen wiene (d.w.s. om 11:33 moarns) ! “Dat komt trochdat dokters harren tiid weardfoller binne as uzen. Sadwaande wolle se earder dat pasjenten wachtsje, as de dokters sels.” Andere ik. Fierder hiene wy it oer ‘t doel fan ús besite. “Ik moat benammen itselde doktersguod oanfreegje foar ‘e folgjende trije moannen.” Sei ik om Dyami witte te litten wêr’t it ôfspraak foar wie. Hommels kaam it my oan ‘e sin, dat soks by ús ek oerkommen is doe’t ik noch yn Fryslân wie. Dyami syn Heit moat regelmjittich syn doktersguod ophelje litte. Dêrtroch kaam ik ek gear mei Dyami nei in sikehûs yn Ljouwert, it Bonnehûs, om it op te heljen. It stiet noch hieltiden by my hoe’t wy ynienen it doktersguod ophelje koene, sadree’t wy syn Heit syn namme oanjoegen. Yn Nederlannen meie je ommers je gewoan by in sikehûs oanmelde as je wer itselde doktersguod ophelje wolle. It kost minder tiid, en je wurde op je gemak steld! Mar sels as ik mar foar itselde doktersguod freegje wol, moat ik eltse trije moannen weromkommen nei it sikehûs om mei in nije dokter te sprekken dy’t oer it algemien gjin mear as 15 minuten besteedt oan it analysearjen fan ‘e sykte. “Dan sil ik dy itselde doktersguod jaan as de foarige kear,” seine se faak nei’t se gewoan op harren computer myn syktesskiednis fluchtich trochlêzen te hawwen. “Hjir krigest de datum fan dyn folgjende ôfspraak.’ En treau se in oar papier troch, dêr’t ik yn ‘e folgjende kear noch in oare 30 minuten foar weismite moat foar itselde doktersguod.

Mar myn ûnderfining op 28 maart 2017 wie noch slimmer as foarige kearen.

Sadree’t ik myn namme oproppen hearde, gie ik ynienen de keamer binnen nei’t de doar eefkes kloppe te hawwen. Dyami gie mei, en hy naam plaats efter de dokter, wylst ik dernjonken siet. Dêrtroch seach ik de dokter direkt yn ‘e eagen, dy’t him dwaande hold mei syn kompjuter. “Wat is dyn nummer?” frêge hy, om derfoar te soargjen dat wa’t binnenkaam echt dejinge is dy’t oproppen waard. Ik joech myn nummer oan, en tefreden mei myn antwurd gie hy mei syn kompjuter troch, sûnder nei myn kant eefkes sjoen te hawwen. Yndie wie ik al op it slimste taret, doe’t ik seach hoe’t oare pasjinten foar my folle mei de dokter praat hiene. Ik koe my wol foarstelle hoe’t hy him fermoeid fiele moast. Sadwaande hie ik wol begrip foar sa’n brekme oan freonligens en libbenens en in ûnreewilligens om mear te sprekken mei in frjemde.

It lûd op it toetsbord gie troch oan’t ik it ûnderbriek mei in fraach. “Ik wit net oft it myn sykte fan familiêre hypercholesterolemy negatyf beynfloedsje soe. Mar ik ha heard dat fiskoalje wat foardiel foar ‘e hersenen opsmite kin…” sei ik om de stilte yn ‘e keamer te brekken. “Sadwaande ha ik besocht om wat fiskoalje te slikken.”

“Nee, dat mei net.” Andere hy, en gie hy dermei troch om it kompjuter troch te lêzen. “Mar der wurdt sein dat fiskoalje goed foar ‘e hersenen is, om’t der Omega-trije yn sit. Fierder…” koe ik no net mear sizze, om’t hy my redenearing ûnderbriek.

“Fiskoalje is yn elts gefal oalje.” Brocht hy syn stim omheech, sjeand nei my yn myn eagen foar ‘e earste kear. “ It is mar Westerske kultuer dat men sokke oalje slikt.”

Nei’t in bytsje ophise te wurden, seach hy werom nei de kompjuter. It is my net te leauwen dat der immen is dy’t sa’n grutte en ûnredlike foaroardielen koesteret tsjin ‘e Westerske kultuer. En dizze foaroardielen hie hy útere doe’t myn freonen út Nederlannen derby siet. Lokkich hie hy neat yn it Ingelsk sein, want oars soe ik tige lilk wurde as hy myn taalmentor foar myn eagen misliedige. Ik besocht my eefkes te kalmearjen, al hie ik dêrnei gewoan gjin sin yn wat djipgeand gesprek dan ek mei dy dokter. Ik woe allinnich sa hurd as mooglik fuortgean nei myn doktersguod op te heljen.

Behalven foaroardielen tsjin ‘e Westerske kultuer, leit myn lilkens der eins noch oan, dat de dokter gjin ûnderskie makke tusken goede oalje en minne oalje. En dizze kennis hie ik allinnich troch, doe’t ik de earste kear yn Fryslân hearing en lekkerbek preau.

Sûnt ik myn sykte te witten kommen bin, lies ik faak wat ynformaasje oer myn oandwaaning. Dêrtroch wol ik ek myn eigen oanpak fine om myn genetyske sykte te genezen. Wat ûnder familiêre hypercholesterolemy ferstien is, is faak in tefolle oan LDL, in soart aaiwit (lippoprotein yn it Ingelsk) dat him derút kipt troch in lege tichtens (“Low density” yn it Ingelsk”). Fandinne dat it Low density Lippid hjit, dús LDL. Sa’t myn bloedopname hieltyd wer bliken docht, ha ik altyd in te hege hoemannichte oan LDL. Mar LDL wurdt jústje nei mei Golesterol út de lever ferbûn te wurden gefaarlik, om’t de kombinaasje oan it ôfslúten fan bloedfetten bydrage kin. As de wichtige bloedfetten blokearre reitsje, dan kin men oan ferstoaring en trochbloeding fan ‘e hersenen of it hert lije. Dit is wol grif libbensgefaarlik. Sadwaande wurdt der folle omtinken jûn oan LDL.

Mar njonken LDL besteane der eins noch twa oare leden dy’t fan de Golestrol-famylje ûnderdiel útmeitsje, HDH en TG. Jammerdearlik krije se gjin genôch omtinken dat harren takomt. Dat komt troch dat HDH (“High density Lippoprotein) faak as “goede Golestrol” oansjoen wurdt, om’t se gjin negative gefolgen lykas LDL ha. Mar no is it wol út ûndersyk bliken dien, dat de ferhâlding tusken TG (Triglyceride yn it Ingelsk) HDL net te heech wêze moat, d.w.z. de TG/ HDL-C rasjo. It wurdt sein dat in TG/ HDL-C rasjo boppe it oantal fjouwer trochslachjaand is om de kâns fan in mooglike  fettenblokaazje yn it hert (“coronary artery disease” yn it Ingelsk) te bepalen.

Foarhinne doe’t ik noch myn dokters harren advys stie, besteedde ik folle omtinken oan allinnich LDL. LDL is foaral te finen yn fleis, foaral it kippenhûd en it bargefet. Om’t der oeral yn Hongkong bargefleis te iten is, is it eins dreech om it te mijen, wat Dyami ûnder syn ferbliuw ek opfallen is. Sadwaande iet ik gewoanwei net folle fleis, wat derby draach dat ik butengewoan slank. Sûnt myn sykte ûntdutsen waard, iet ik folle minder fleis as foarhinne. Hieltiden wer as ik my yn it sikehûs weage, waard myn ûndergewicht konstatearre. Benammen is myn BMI (Body-Mass Index yn it Ingelsk, in rasjo dy’t te berekkenjen is troch je gewicht mei je lengte yn meter fjouwerkanten te ferdielen) wat leger as de ûndergrins fan wat as normaal oansjoen wurdt (18.5). Sadwaande bin ik ûndergewicht. Mar tagelyks yt ik folle rys, in boarn fan koalhydraat, dy’t myn TG omheechbringt. No’t ik it belang wit om it TG/ HDL-C rasjo leech hâlde te moatten, begin ik fiskoalje te slikken, dy’t in folle omega-3 befettet dy’t TG/ HDL-C rasjo tsjingean kin. Koarts, omega-3 yn fisk syn oalje is tige wichtich om TG ûnder kontroale te krijen. Yn it gefal fan hypercholesterolemy, moat der net allinnich oan LDL omtinken wêze, mar ek oan TG en it TG/HDL-C rasjo.

Dizze kennis ha ik te tanksje oan myn ûnderfining yn Fryslân. Doe’t ik sawol op it waadeilân Skylge en yn in fiskwinkel yn Ljouwert de smaakfolle hearing en Lekkerbek ûntduts, kaam ik te realisearjen dat er soksoart iten bestiet dat net allinnich lekker is, mar ek tige sûn is. It is net sa dat ik yn Hongkong gjin fisk preaun hie, mar earder dat fisk yn Hongkong djoer is, sadat we it net faak ite. Boppedat is it soart fisk hjir wol oars, en smaakt minder goed fanwegen in fersmoarge see. Dús fernuvere ik my doe’t ik de frisse fisk preau. Wat wie ik lokkich om se priuwe te kinnen!

Dat guon dokters yn Hongkong koartssichtich binne, is gjin nijs. Faaks soe ik ek sa wêze as ik net ien kear yn it West bleaun ha. Benammen is der yn Jeropa folle dingen mei te meisjen, wat minsken ta besûndere kennis en ynsjoch kommen lit. Dokters yn it Westen binne ommers freonliker en goller, en se witte ek mear as harren Sineeske tsjinhingers. Der moatte minsken yn it Westen grutsk op wêze, om’t se jimmeroan sa beskieden binne sels mei harren kennis en freonligens.

  • Te rieplachtsjen:

Doc’s Opinion, “The Triglyceride/HDL Cholesterol Ratio” (Yn it Ingelsk)

http://www.docsopinion.com/2014/07/17/triglyceride-hdl-ratio/

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s