Hier knippe leare

Skreaun troch Ken Ho 

Hjoed op 3 april 2017 lear ik hier knippe. Dat ha ik nea dien. Lokkich ha ik Dyami as partner dêr’t ik op oefene kin. Fanmiddei kochten wy earstens in skier en in hierspeld. Doe’t wy thús kamen, giene wy streekrjocht nei de badkeamer. Dyami makke syn hier wiet mei wetter, en die in doek om him hinne.  Dêrtroch wurdt it ôfknipte hier net oan syn klean plakt. Fieder droeg ik in stoel de badkeamer yn, sa’t dyami derop sitte koe.

Om’t dit myn earste kear wie om hier te knippen, liet dyami my sjen hoe’t ik dat dwaan moast. Hy die in kaam troch syn hier hinne glydzjen, oan’t de ein fan it hier op ‘e râne fan ‘e kaam siet. “Hjir moatst knippe” sei dyami, dy’t tagelyks de hierknipper opnaam en de út de kaam hingjende hiereinen hjirmei ôfknipte. “Boppedat moatst mar hieltiden wer allinnich in bytsje ôfknippe.” foegde hy deroan ta. “one inch, dús!” Wy begûnen mei ‘e foarholle. Ik moast derfoar soargje dat it hier by beide siden elkoar werspegele. Oars soe it frjemd útsjen. Al frege ik him altiden nei advys hoe’t it derút seach nei in bytsje ôfknipt te hawwen, hie ik hieltiden mear selsfertrouwen. Nei it foarholle giene wy troch nei de rjochteside. In oare technik waard brûkt. Foar foarholle die ik de kaam fan boppe nei ûnderen, al moast ik krek it omkearde dwaan foar ‘e siden en de efterholle. Ik waard fluchtiger en it knippen kaam my fansels oer. Dan kaam my hommels un fraach op, nammentlik wêrom’t ik mar in bytsje, nammentlik “an inch” knippe moat? Dyami sei dat de hiereinen de measte skea opfange. Hy die myn hannen op twa plekken op syn holle lizzen, de iene dy’t noch net fersoarge waard, en de oare wol. In dúdlik ferskil foel my op. Benammen wie it hier waans einen ôfknipt waard sêfter. “Ornaris litte wy ús hier knippe ienris yn twa wiken.” sei Dyami. Gjin wûnder dat it hierknippen in libbensfeardigens is yn it Westen is. Neidot ik alle kanten harren hier ôfknipt hie, naam ik dyami syn beard yn behanneling. Dit naam my de measte tiid yn beslach, om’t dêre de hierknipper it tichtst mei de hûd yn oanrekken kaam. Ik moast hiel foarsichtich wêze. Lokkich ha ik dyami net skansearre en dit wie my al slagge yn ‘e earste kear. Ik ha tige grutsk op mysels west.

It hiele hierknippen duorre in oarholve oer. It wie tige gesellich. Op it lêst stie dyami op fan syn stoel, die hy syn doek yn ‘t loft waaien om ‘e hiereinen derút falle te litten. Ik makke de badkeamer skjin troch stof te sûgjen. Ik ha der folle fan leard en ik fiel my tige blii mei myn prestaasje. Dit is myn earste kear om hier te knippen dy’t ik nea ferjitte sil.

DSC_1257.JPG
De ferpakking fan ‘e skier dy’t magy die oan Dyami syn hier. It kostte mar 12 HKD! (likernôch 1 Jero)

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s