It jûnsiten yn in Tais restaurant

Skreaun troch Ken Ho

Nei in drokke dei woene wy ús mei lekker iten beleane. Wy kamen yn in Tai restaurant te iten. It hiet Erawan Thai Restaurant, en befûn him tichtby myn hûs yn Ap Lei Chau. Dêre koene wy makkelik gerjochten sûnder bargefleis bestelle. Tai-styl noedel mei garnaal, Tai-styl rierbakke rys mei hinnefleis, kokkels mei Tai-styl saus en rierbakke garnaaltaart as gerjochten, en kâlde kokonoat-melk en in kokonoat as drankjes ha we besteld. It Tai-styl iten wie foaral hjit en soer, en it gie útstekkend mei kâlde swiete drankjes. De Tai-styl noedel mei garnaal hie ús perfoarst yn ‘e besnijing mei syn hjite en soere smaak. Rierbakke garnaaltaart wie poerbêst mei de saus. Ik iet gewoan al dy griente derby op. Ik fûn it tige lekker om de kokkels sûnder saus te iten. De reade floeistof binnen de kokkels harren skelp wie al echt smaakfol. Ik sei tsjin in tsjinstnimster dat ik folle fan de kokkels hold. Se andere dat net folle minsken fan harren te genietsjen wisten. De hiele grutte kokonoat syn sap wie ferfrissend. Deselde frou sei dat dy direkt út Tailân wei kaam. Op it lêst krigen wy elts in waarm soet taartsje te iten. En dit alle kostte mar 380 HKD (likenôch 45 jero) foar ús twaen.

Wy geane der wol grif ris hinne om sok lekker iten te werpriuwen!

DSC_1223.JPG

Ofbylding: De frisse kokonoat dy’t direkt út Tailân flein hat.

DSC_1220.JPG

Ofbylding: lekkere kokkels dy’t in besûndere smaak jout.

DSC_1212.JPG

Ofbylding: Hjitte rierbakke garnaaltaart mei tai saus derby. It giet prima mei de griente!

DSC_1195.JPG

Ofbylding: Dyami en it kâlde kokonoat-melk drankje. Wat kâlds kin men net misse yn Tais iten, tinkt hy.

DSC_1202.JPG

Ofbylding: Tai-styl noedel mei garnaal, It Taise gerjocht dat foar folle ytlust soarget.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s