Sha Tin en mear

Hjoed is in gesellige dei fol besûndere ûnderfining. Wy ha fanmiddei yn de trijehûndertjierrige Che Kung timpel west om nei de moedige generaal Che Kung syn beskerming en geunst te freegjen. Dêrnei giene wy de flakby lizzende Hongkong erfguod Museum, dat tentoanstelling hat oer ‘e kultuer en skiednis yn Hongkong. Jûns giene wy nei Sha Tin parkoers op besite, dy’t krekt wedstriden oan it hâlden wiene. Yn in grutte draafbaan yn ‘t iepen lucht bewûnderen wy de hynders en harren riders, dy’t fol oertsjûging elkoar útdagen om de oerwinner te wurden. Op it lêst besochten wy de earste ynternasjonale hotel mei fiif stjerren yn ‘e Nije Gebieten (The New Terrorities yn it Ingelsk, dy’t tegearre mei de Hongkong eilân en Kowloon skiereilân de hiele Hongkong útmakket), Hyatt Regency Hong Kong. Dêre genieten wy de bekende Peking ein yn trije gongen en ek besûndere neigerjochten. In kok stie rjochtop foar ús om de ein stikje foar stikje te snijen. Wat prachtich wie de sfear!

De dei begûn mei ús reis nei de earbiedweardige generaal fan ‘e Song keizerryk, Che Kung. Ear’y wy syn timpel flakby it stasjon Che Kung oankamen, stapten wy yn it stasjon Tai Wai út om wat te iten. Sa hiene wy twa bolletje kâld yske yn sûkelade en koeke omjûn troch hjitte krekt bakte aaientaart. Al is it wol wat te swiet, fielde ik my sawol kâld as hjitte tagelyks yn ‘e mûle. Dêrnei kochten wy in drankje yn ierbei en Sineesk litchi mei skearde iis. It wie tige ferfrissend!

DSC_2786.JPG
Ofbylding: Hjitte aaientaart mei twa bolletje kâlde yske (Sûkelade en koeke)

 

Wy namen der alle tiid foar om Che Kung binnen syn trijehûndert jierrige timpel te bewûnderjen. Ear’y wy syn timpel binnentrapen, stie ik al ûnder ‘e yndruk fan Che Kung syn macht. Syn timpel seach der benammen út as in selsstannige Sineeske stêd yn it ferline, mei alle skaaimerken fan tradysjonele Sineeske arsjitektuer. Dit liet syn taak dúdlik sjen as de beskermer fan Sineeske stêden. Yn syn fjouwerkantige timpel sieten der op trije kanten gebouwen, dy’t my oan it tinken setten oan Sineze oarlogen. Sa hiet it iene gebou it trommelgebou, waans trommel slein wurdt om alle minsken binnen de stêd te informearjen oer oankommende fijannen. Boppedat wiene der folle stânbylden yn Che Kung timpel dy’t oan twae siden foar ‘e yngong fan “Che Kung paleis” stiene. Se liken my op Che Kung syn soldaten, dy’t harren ynsetten oan itselde doel as Che Kung om de stêd feillich te stellen. Op it lêst kamen wy de sitpleats fan Che Kung binnen, de Che Kung Paleis. Krekt yn it midden stie Che Kung, de gigantyske generaal dy’t in swurd yn beide hannen hurd op ‘e grûn drukte. Yn syn gouden harnas waard er útrist, as spriek er tsjin my dat de hiele romte de sines wie, en dat alle minsken ûnder syn beskerming en geunst stiene. Sa sloegen wy de trommel njonken him om him te ynformearjen dat wy oankommen wiene. Fieder draaiden wy de Sineeske gouden wynwein om om nei gelok te freegjen. Oan beide siden binnen de paleis koe men ek de lytsere goaden oanbidden foar rykdom en gelok. Der stie in glêskast dy’t de ferskillende ea brûkte Sineeske wynweinen tentoanstelde. Alle dizze foarwerpen wiene tsjûgen fan it bestean fan Che Kung syn timpel foar trijehûndert jierren. Ik hope dat Che Kung ús noch yn ‘e ferre takomst beskermje soe as ús respektfolle generaal.

DSC_2809.JPG
Ofbylding: It stasjon, Che Kung. Hjir leit de Che Kung timpel flakby
DSC_2837.JPG
Ofbylding: De foarkant fan Che Kung Timpel

 

 

DSC_2889.JPG
Ofbylding: Wynwein draaie, om nei gelok te freegjen
DSC_2913.JPG
Ofbylding: Che Kung oanbidde
DSC_2873.JPG
Ofbylding: Oare Goaden yn Che Kung Timpel, de Rykdomsgoaden. Foar ‘e rykdomsgoaden binne oanwizingen te lêzen hoe’t se oanbean wurde moatte

Op rinôfstân lei de Hongkong erfguod Museum. De rivier dernjonken joech it in oanfoljend noflik gefoel. Yn it museum wiene der ferskillende tentoanstellingen. Earstens besocht wy dejinge oer de beroemde Sineeske Kungfu master Bruce Lee. Oer him hie ik al folle heard. Mar wy fûnen it wol jammer dat der binnen de tentoanstelling gjin foto fan opnommen wurde mocht. In oare romte liet weardfolle foarwerpen fan ‘e foarige Sineeske keizerriken sjen. Ik fûn dat der net genôch foarwerpen  wiene om in dúdlik byld fan ‘e eardere keizeriken te jaan. Yn ferliking wie it Fries Museum yn Ljouwert yn folle dingen better. Dêre learde ik folle mear fan de Fryske kultuer en skiednis kenne. Fan de tentoanstellingsromte, ús mem, bin ik no noch hieltiden ûnder ‘e yndruk. Der wie ommers in grutter ferskaat oan foarwerpen, en dy waarden ek wiidweidiger dokumentearre.

 

 

DSC_2944.JPG
Ofbylding: Tentoanstelling oer Bruce Lee, in tige bekende Sinees om syn feardigens yn Wing Chun

 

Ofbylding: Tentoanstelling oer foarwerpen út foarige keizerriken yn Sina. Einlik binne der net folle te besjen.

Yn eltse gefal fûn ik de tentoanstelling yn ‘e Hongkong erfuod Museum oer ‘e Kantoneeske opera wol ynteressant. Dêre mocht fotografearre wurde. Opfallend is de likenis fan de Kantoneeske klean dy’t akteurs foar ‘e opera drage, op de Germaanskenien. Wat patroan, tekstuer en motief fan ‘e klean oangiet ha de twa kultuer folle gemien mei-inoar. Bûten it museum lei de bewûnderingweardich stânbyld fan Bruce Lee. It kaam ús hommels yn ‘e sin dat Dyami earbied toane koe troch derfoar Wing Chun Kungfu foar te dwaan. Dyami learde Win Chun ommers doe’t er noch jong wie, en er hie grutte belangstelling foar Sineeske Kungfu.

 

DSC_2992.JPG
Ofbylding: Stânbyld fan Bruce Lee bûten it Hongkong erfguod Museum. Dyami docht oan Wing Chun as earbied oan Bruce Lee

Us tredde stap wie de bekende hyngersdraafbaan yn Sha Tin. Besûnder wie dat hjoed der likernôch acht wedstriden fanôf 7:15 jûns organisearre waarden. In oare hyndersdraafbaan yn Hongkong befynt him yn Happy Valley, en de twa draafbanen organisearje ornaris twa wedstriden else wike. Somtiden nimme se moarns pleats (de moarnswedstriden), en somtiden nachts (de nachtswedstriden). Hjoed waarden der nachtswedstriden yn Sha Tin hâlden, wat betsjutte dat der gjin wedstriden wiene yn Happy Valley. Oarspronklik woene wy bus nimme. Al moasten wy te lang wachtsje dat wy úteinlik Taxi nommen ha. Wy wiene op ‘e tiid oankommen, krekt doe’t de earste wedstriid pleatsfûn. De Taxi-sjauffeur ynformearre ús dat der ornaris acht wedstriden nachts organisearre waarden. Sadwaande soe it wol oant alve oere nachts duorje. Om yngong te krijen moasten wy allegear âlde as 18 jier âld wêze. It kostte ek 10 dollar (in bytsje mear as 1 Jero) per persoan. Mar it wie wol grif de muoite waard om by de wedstriden te wêzen. Om de draafbaan hinne sieten der oeral Sinezen. Op it momint dat in wedstriid begûn, seach eltsenien mei belangstelling nei de draafbaan út. Kommentaar waard oanienwei jûn yn ‘e eftergrûn fia de omrop. Op it stuit dat de hyngers mei harren dravers derop de ein trochgiene, stiene al dy taskôgers op fol ferwachting. Wat ik moai fûn, wie de dravers harren dapperns en trochsettingsfermogen om tsjin-inoar te fjochtsjen. Dit is wol typysk Germaansk, om’t de Germaanske kultuer moed en sterkte op priis stelt. Al is it wol spannend om te sjen hoe’t folle Sinezen yn dit sport belangstelling ha, is it wol jammer dat de klam faak op it gokken leit. Ik hoopje dat de keunst fan hyndersriding mear op himsels weardearre wurdt.

 

DSC_3001.JPG
Ofbylding: De kaart fan Sha Tin Hyndersdraafbaan

 

Ofbylding: In restaurant yn in grutte saal fan Sha Tin Hyndersdraafbaan

DSC_3016.JPG
Ofbylding:  De sportpart yn ‘t iepen lucht
DSC_3067.JPG
Ofbylding: In figuer yn in saal yn ‘e Sha Tin Hyndersdraafbaan dy’t gokkers gelok en rykdom tawinsket

Om 8:30 kamen wy in restaurant by de earste fiif stjerren hotel yn de Nije Gebieten (The New Terrorities yn it Ingelsk) oan om jûnsmiel te iten. It wie Hyatt Regency Hong Kong. Mei taksi stapten wy út by de yngong fan ‘e hotel, dêr’t in freonlike portier ús wolkom hiet. Hyatt Regency Hong Kong hat in restaurant dat bekend stiet om syn Peking ein, dy’t we fannacht graach priuwe woene. Yn ‘t foar hie ik it restaurant, Sha Tin 18, al beld om Peking ein reservearje te litten. De ynrjochting wie prachtich. Sadree’t wy Sha Tin 18 binnenkamen, kaam de keuken al yn ‘t sicht. Wy bestelden al de trije gongen dy’t Peking ein brûkten, namment rysrollen, rierbakke rys en sop. Nei de bestelling kaam in kok mei koarten foar ús te stean mei in moai brette Peking ein. Er snie de ein stikje foar stikje, en lei se del op trije borden dernjonken. De iene hold de hûd yn, de oare boarstfleis, en de lêste bienfleis. In frou lei ús ek út hoe’t wy se yn ‘e rysrollen dwaan moasten tegearre mei komkommer, knyfloksaus, rauwe sipel en oare yngrediïnten. Ik fûn dit tige lekker. Wylst de fleis en rysrollen sêft wiene, wiene de komkommer en rauwe sipel tige knapperich. It fleis smaakte ek minder fettich yn ‘e rysrollen. Alles giet útstekkend mei-inoar. De twadde gong is rierbakte rys mei hakke einfleis. Der kaam ek grutte stikjes slaad by, sa’t wy de rys deryn diene om se gear te iten. Dat fûn ik net sa besûnder. De poarsje rys wie ein te lyts en de smaak fan ‘e rys wie te swak om goed mei de slaad gean te kinnen. Koarts, de smaak wie te ienfâldich en waard hast drûch. De tredde gang wie einsop mei Sineeske koal en Tofu. De sop wie noch smaakleazer as de rys mei slaad. Nei dizze trije gongen woene wy mar wat sterks bestelle, yskes. Ik probearre de Sineeske Wynsûkelade, wylst Dyami Hua Diao, in yksje makke út konservearre plúm. Ik fûn mines tige lekker. Wyn en sûkelade wiene sa troch-inoar dien, dat se mei-inoar ferienige waarden. Wynsûkelade is no myn favoryt wurden!

 

DSC_3098.JPG
Ofbylding: De fenster by de yngong fan Sha Tin 18, it restaurant yn Hyatt Regency Hong Kong dat bekend stiet om syn Peking ein
DSC_3105.JPG
Ofbylding: De ynrjocht fan Sha Tin 18. It seach der moai út!
DSC_3121.JPG
Ofbylding: De earste gong fan Peking ein. Rysrollen yn ‘e Sineesk steambakje en bybehearende yngrediïnten.

 

DSC_3125.JPG
Ofbylding: De earste gong fan Peking ein. De kok dy’t Peking ein yn trije poarsjes snijdt foar (i) de hûd, (ii) it boarstfleis en (iii) it bienfleis

Yn ferliking mei L’atelier de Joël Robuchon binne it iten en de tsjinst yn Sha Tin 18 minder oantreklik. Wat yn ús ûnderfining yn Sha Tin 18 ûntbriek, wie kontakt mei de minsken om ús hinne. It like dat de obers it somtiden sa drok hiene dat se net mei ús langere tiid sprekke woene. Sadree’t se antwurd jûn hiene oer myn fraach lykas hoe’t der fan de trije gongen geniete wurde koe, giene se fuort. Dúdlik leit de sterke kant fan L’atelier de Joël Robuchon oan de folle ynteressante gesprekken dy’t de obers mei de klanten fiere koene. Mar yn elts gefal betellen wy mar 642.40 HKD (likernôch 77 Jero) foar ús twaen foar ‘e trije gongen mei Peking ein en twa yskes. Dit wie wol wat goede priis!

DSC_3147.JPG
Ofbylding: Bûten it restaurant Sha Tin 18. Alles is moai fersierd.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s