Dûrian – de kening fan fruit (6-4-2017)

Skreaun troch Ken Ho

Fanjûn preaune wy wat typysks fan Hongkong is. Sa kamen wy in ryssopwinkel binnen . As drankje bestelden wy sojamolke, en as gerjochten radyskeek en rysrol yn garnaal. De sojamolk wie sterk yn smaak, sûnder te swiet te wêzen. De radyskeek wie stevich en foljend. De rysrol hie wat mear tsjokkere garnalen ha kinne om him smaakfoller te meitsjen. Alles kostte mar 49 HKD (likernôch 6 Jero) yn totaal.

DSC_3159.JPG
Ofbylding: In smaakfolle, stevige radyscake yn soyasaus
DSC_3162 (1).JPG
Ofbylding: Rysrol mei garnaal yn sojasaus
DSC_3164.JPG
Ofbylding: Lekker ite!

Dêrnei giene wy nei fruitkreammen om fruit te keapjen. Opfallend wiene de dûriannen, dy’t harren mei-inoar gearheapen njonken de muorre. Op in bord stie fermeld dat eltse pûn 20 HKD kostte. Wy fregen nei de lytste dûrian, dy’t mar 74 HKD kostte. In jonge wurker fan ‘e fruitkream liet ús sjen hoe’t er de dûrian iepnmeitsje soe. Neidat de dûrian oan fiif siden iepenhakke waarden, namen wy it yn in read sakje thús. Ik seach der fol entûsiasme nei út.

DSC_3177.JPG
Ofbylding: Fruitkreammen ferkenne!
DSC_3181.JPG
Ofbylding: Us dûrian iepenhakje

Dit is myn earste kear om dûrian te priuwen. De dûrian rûkte sa sterk, dat it rillegau de hiele wenkeamer yn ús hûs mei syn rook folle. Nei de jûnsmiel thús begûn ús feest. Ik learde fan Dyami Dûrian ite. Der wiene tsjokke brúne sieden mei giel fleis deromhinnen yn eltse side dy’t earder iepenhakke wie. Se wiene tige sûn, en joegen ek folle enerzjy. Ik hie der folle fan geniete, en woe it foljende kear nochris priuwe. Eltse dei is der altyd wat nijs te dwaan!

DSC_3195.JPG
Ofbylding: De sieden mei giel fleish deromhinne binnen de dûrian

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s