Skreaun troch Ken Ho
Taisk iten is sûn. Foaral as wy it meardere kearen preaun ha, is dizze konklúsje nammerste dúdliker. In grut ferskaat oan griente wurdt ornaris brûkt. Net allinnich jout dit in natuerlike smaak oan it iten, hâldt it iten dêrtroch ek folle fitaminen en mineralenyn dy’t ornaris ûntbrekt by typysk Sineesk iten. Sa krije ik altyd in tekoart oan izer yn it Sineeske iten, wylst it Taiske iten júst de nedige fiedingsstof opsmyt.Boppedat fergrutteret it hjitte Taiske iten myn ytlust. Al dizze foardielen makken it Taiske iten sa besûnder foar my.
Sa kamen wy hieltiden wer by Erawan Taisk Restaurant.Wy bestelden (i) Rierbakke messkie mei Taisk-styl griente, (ii)rierbakke Pile-inketfisk mei hakke knyflok en piper, (iii) Rierbakke glêsnoedel mei Sukiyaki saus mei hinnefleis en (iv) kokonoat-molke mei tsjendol. Alles wie tige foljend en kostte mar 267 HKD (likernôch 32 Jero).




Dêrnei kamen wy by de Aberdeen Tyfoanskûlpleats foar skippen. No parkearje dêre ek moaie yachten njonken de âlde tradysjonele Sineeske skippen. Opfallend wiene der folle bedriuwen foar skippenbouwerij. Jachten koene der ek klearmakke wurde. Dit die my wol tinken oan ‘e noflike jachthaven yn Hylpen dy’t folle minsken oan him oanlûke mei goed útriste foarsjenningen. De Ysselmear dêr’t Hylpen him direkt by oanslút is skjin en moai. Der is eins folle dêr’t Hylpers harren grusk op fiele moatte. It heugt my noch hieltiden oan myn noflike ûnderfining yn Hylpen. De Hylperske taal, kultuer en skiednis meitsje in grutte yndruk op my. Dizze moatte altyd ynstânbliuwe en hjir wol ik wol grif oan bydrage.



Nachts wie it sa waarm as om 25 graden Celsius hinne. Wy giene nei bûten om yskes te iten. Sa kochten wy in nij merk dat wy nea preaun hie. Binnen ‘e yskes wie der floeibere molke, wylst derbûten de yskes troch mango saus omjûn waarden. Sadree’t ik it iet, floeide de molke fan binnenút. It kaam my as in fernuvering, en ik ha der folle fan geniete. Mar it wie ûs in bytsje te swiet, en soe better wurde as it net sa swiet west hie.
