In dei rûnom it stasjon Causewaybay

Skreaun troch Ken Ho

Causewaybay is ferneamd om syn ferskaat oan iten dat dêre oanbean wurdt. Neame je mar Koreansk, Sineesk, Italiaansk of wat foar oar iten dan ek op, dan ha je der kâns op dat je je winske iten yn Causeway Bay fine kinne.

Fanmiddei begûnen wy ús ferkenning fan Hongkong by it stasjon Causeway Bay. In italiaansk restaurant mei de namme Brunch Club Supper spriek ús ynienen oan mei de ynrjochting fan yn fasade. Ien kear dat wy binnenkommen wiene, fûnen wy dat it wol in tige noflike sfear hie. Sa bestelden wy (i) Pasta mei wylde poddenstoel en hinnefleis yn rjemmesaus en (ii) omelet mei rookte salm en parmesaanske tsjiis deryn tegearre mei grouweiten soerdaai. De pasta wie in echte oanrieder, om’t ien dit gerjocht faak bûten Itaalje net priuwe kin. De paste wie fan hege kwaliteit, en griente joech júst in ferfrissend gefoel nei’t ik de pasta mei tsjokke rjemmige saus iet. De saffraa dy’t oan beide einen fan ‘t bord pleatst waard wie foardielich foar ‘t harsens. Yn ferliking wie de omelet minder lekker. De salm wie net fris en Dyami fûn der niks fan, al moast ik tajaan dat de bôle noch knapperich wie sels doe’t it wat ôfkuolle rakke wie. Yn totaal betellen wy 204 HKD (likernôch 24 Jero). Dat soe wol de priis weard wêze, as wy ollegear twa pasta’s besteld hiene.

DSC_3356.JPG
Ofbylding: In italiaansk restaurant, Brunch Clup en Supper. Sa heare wy ek faak minsken lâns dizze strjitte  yn it italiaansk praten
DSC_3363.JPG
Ofbylding: In tige sfearfolle ynrjochting yn ‘e yngong om ús wolkom te hjitten!
DSC_3375.JPG
Ofbylding: De rêstige en sfearfolle ynrjochting fan Brunch club en supper
DSC_3384 (1).JPG
Ofbylding: It typysk italiaanske gerjocht, Pasta mei wylde poddenstoel en hinnefleish yn rjemmesaus. Bûten Itaalje komt ien soks fan hege kwaliteit seldsum tsjin.
DSC_3393.JPG
Ofbylding: Omelet mei rookte salm en parmesaanske tsjiis deryn tegearre mei grouweiten soerdaai. It sjocht der moai út!

Der falt altyd wat te besjen yn ien fan ‘e betsjuttingsfolle gebouwen yn Causewaybay, Times Square. It is in grut winkelsintrum, en hjoed fûn der in útstalling fan in bekende cartoon pleats, Winnie the Pooh. Nei wat leuks sjoen te hawwen, woene wy wat kâlds te drinken. It is ommers altyd waarm yn Hongkong. Sa giene wy nei in mangodrankjewinkel en bestelden it mango pomelo sago drankje. It hold hakke mango, yn stikje snien pomelo, sago, kokonoat-molke, kofjemolke en molke yn. Alles waard mei-inoar mengd en wie foaral swiet en ferfrissend yn in waarm waar.

DSC_3419.JPG
Ofbylding: In útstalling yn Times Square. It giet oer in bekende cartoon, Winnie the Pooh
DSC_3424.JPG
Ofbylding: It mango-pomelo-sago drankje. It mengsel fan mango, pomelo, sago, kokonoat-molke en molke riedt ús ta op ús aventuer yn Causewaybay
DSC_3433.JPG
Ofbylding:”de yskesauto” yn Hongkong.  Sa hjit it ûnder ‘e Hongkongers, dy’t folle werynneringen deroan ha

Wy rûnen eefkes rûn en kamen by in oar bekend gebou yn Causewaybay, the Lee Theatre. Dêre giene wy ek winkeljen om te sjen wat foar produkten se oanbeane. Opfallend wie dat winkels foarkar hiene om Germaanske nammen te brûken. Sa kamen wy in kleanwinkel tsjin dy’t åland hiet. (It betjut teffens in wettergebied. Hjiryn betsjut å gewoan “wetter”.)

Flakby it gebied Causewaybay leit Happy Valley, dat sa neamd is om’t it ien fan ‘e twa hyndersdraafbanen yn Hongkong is. Inkelde dagen lyn ha wy al yn de hyndersdraafbanen yn Sha Tin west. Dizze kear besochten wy dejinge yn Causewaybay om dy te bewûnderjen. Sa kamen wy stânbylden en figueren bûten de draafbanen tsjin dy’t Hongkong as in stêd fan hyndersriding ôfbyldden. Dit is wol opmerklik, om’t it in Germaanske tradysje is om hynders te riden. Germanen sjogge it as in sûne sport, en no ha de Sinezen yn Hongkong ek oernommen. Jammerdearlik brûke de Sinezen dizze sport om te gokken. Dizze oanstriid is sa sterk dat der hjoed folle Sinezen oanwêzich wiene yn ‘e draafbaan yn Happy Valley, sels doe’t der gjin wedstriid pleatsfûn yn dizze draafbaan. Boppedat rookte hast eltsenien dêre. It wie tige skealik foar it lichem en is wol grif net oan te rieden.

DSC_3456.JPG
Ofbylding: In stânbyld fan in hynderrider.
DSC_3450.JPG
Ofbylding: In fêste útstalling fan hynders. Der stiet op skreaun, “Hongkong as de haadstêd fan hynders” (hjirmei wurdt bedoeld de hynderswedstriden)
DSC_3471.JPG
Ofbylding: In gebou fan The Hong Kong Jockey Club. Dêre fine je ek in museum dat oer ‘e skiednis fan hynderswedstriden fertelt
DSC_3487.JPG
Ofbylding: De yngong fan ‘e Hyndersdraafbanen yn Happy Valley
DSC_3509.JPG
Ofbylding: De grutte Hyndersdraafbanen yn Happy Valley. De iepenbiere tillevyzje lit bylden sjen fan wedstriden yn ‘e hyndersdraafbanen yn Sha Tin, dy’t júst fanmiddeis wedstriden ha. It is live!

It mango drankje wie al op, en wy moasten al skielk op syk nei in oar drankje. Sa kamen wy werom nei Times square. Tsjientallen minsken wachten oan beide siden fan in krusing, en oan in hoeke dernjonken lei in opfallende hoareka, dêr’t sawol hapje as drankjes oanbean. Dêre kamen wy bedrage út, om’t wy mear as gewoanwei betelle hiene foar in drankje. In stap fierder lei al in oare soksoarte hoareka dy’t frisse drankjes ferkocht. In fles sûkerreid wie yn in earste neamde hoareka hast twaris djoerder as yn oare hoareka’s flakby. Al hiene wy wol sin yn sûkerreid, holden wy de priis foar fertocht en kochten wy in kokonoat drankje dat nei alle gedachten tichterby syn normale priis te steanen like. Dat hiene wy ús fersind, al wie de oerbetelling net sa ferskriklik ûnridlik. It wie mar 20 prosint mear as wat it hearde, sa’t it út oare omlizzende hoareka’s bliken die. Yn elts gefal ha wy ús les leard: Mije de Hoareka mei hapjes en drankjes oan ‘e hoeke tichtby Times Square!

Wy giene ek nei Sogo, in bekend gebou mei produkten dy’t faak út Jeropa wei komme. Der wiene mear as tsjien ferdjippingen, en Sogo wie net folle oars as oare winkelsintra yn oare lannen. Sa die it my wol tinken oan Bijenkorf yn Amsterdam wat de sfear oangiet. Drokte, lawaai, en ferkeapers dy’t al te happich nei de klanken harren jild binne, sa’t se faak te entûsiast oerkomme of je erom trúnje om harren produkten te keapjen. Sa learden wy mar de priis fan wat dingen kenne en giene rillegau fuort.

DSC_3550.JPG
Ofbylding: Produkten dy’t we kocht ha by Muji, in Japaanske merk dy’t him op ‘e tredde ferdjipping op Lee Theatre befynt
DSC_3554.JPG
Ofbylding: In kleanwinkel yn Lee Theatre. De namme is in Germaansk wurd en betsjut “wettergebied”

Op it lêst rûnen wy wol wat om in fegetarysk restaurant te finen, Ovocafé. Ovocafe befynt him yn Wanchai, in gebied dat ek flakby Causewaybay sit. Mei likernôch 15 minuten wiene wy dêre al oankommen. Underwilens kamen wy in iepenbiere swimbed tsjin en ek wol in drakenstânbyld. Doe’t wy Ovocafé oankamen, realisearren wy dat it restaurant ûnderdiel útmakke fan in groep winkels dy’t allegear ovo as taheaksel hiene. Sa hiet de iene ovo furniture (húsried), en de oare ovo garden (tún). It gedachtegoed is dat it in libbenstyl fan ‘t ûntspandwêzen befoarderet. Sadwaande makket it ek folle brûk fan planten en blommen, sa’t it op in bosk binnen in drokke stêd liket. Dit docht my wol tinken oan ‘e Fryske siswize fan “tuike tuike oan”. Hjirmei wurdt bedoeld dat nimmen him haastje moat. Om it bêste risseltaat te berikken, moatte dingen njonkenlytsen dien wurde. Boppedat heugt it my ek oan ‘e Fryske leafde foar ‘e natuer. Yn Fryslân ha ik yn folle natuergebieden west. Ik ha folle geniete fan ‘e skjinne lucht en wetter, en it griene bosk. It Fryske gedachtegoed is dêrom folút te sjen yn ‘e gebou dêr’t wy ús jûnsmiel hiene, it Ovo gebou.

DSC_3567.JPG
Ofbylding: De ovowinkels, lykas ovogarden (túm), ovocafé, ovofurniture (húsried) ensfh. yn itselde gebou
DSC_3582.JPG
Ofbylding: De noflike ynrjochting fol planten en sels beammen!

Yn ‘e ovocafé, in fegetarysk restaurant, bestelden wy (I) pompoensop dêr’t alles hakke wie, (ii) Fettuccine (tsjokke noedels) mei poddenstoel yn tsjiis en rjemmige saus, en (iii) Margherita tortilla pizza en (iv) banaan en sûkelade waffel. It wie net te leauwen hoe’t lekker alles wie. De kokken wachten derop dat wy in gerjocht opiten hiene, ear’t se ús mei in oar betsjinnen. Sa ieten wy alles yn syn bêste foarm, krek nei’t se yn ‘e keuken taret makke waard. Opmerklik wie de sfear fol planten en blommen. Der wiene safolle potten fan in ferskaat oan gruttens dat ik op it earste tocht dat ik blommenwinkel binnenkommen wie. Sels joech de organyske papier dêr’t de menukaart út makke waard,in gefoel fan ‘e natuer. Fieder liet it restaurant klanten harren sels betsjinje mei wetter en itensark. Sa koene de klanten sels bepale wat se woene, en ek hoefolle se earne fan ha woene. Der bestie folle frijheid yn it restaurant, en ik fûn it tige noflik om dêre te wêzen.

DSC_3594.JPG
Ofbylding: It drinkwetter en kopkes, dêr’t klanten harrensels mei betsjinje
DSC_3613.JPG
Ofbylding: itensark dat klanten sels meinimme kinne
DSC_3601.JPG
Ofbylding: pompoensop  mei bôle. It is tige sûn en lekker
DSC_3625.JPG
Ofbylding: Fettuccine (tsjokke noedels) mei poddenstoel yn tsjiis en rjemmige saus. It is tige lekker!
DSC_3640.JPG
Ofbylding: Margherita tortilla pizza. It momint that we it út-inoar snije
DSC_3674.JPG
Ofbylding: Banaan en sûkelade waffels. Kâld yske, hjitte sûkelade en waarme waffels binne de bêste kombinaasje
DSC_3726.JPG
Ofbylding: Ovocafé mei syn planten en beammen!

Doe’t wy ús wei thús fûnen, kamen wy in Hung Shing timpel tsjin. Dat hiene wy al yn Ap Lei Chau besocht, en wy wiene bliid om dit nochris te sjen yn Wanchai. Jammerdearlik wie it al tichtgien. Oars hiene wy al kersen opoffere oan Hung Shing, dy’t yn syn libben folle dien hie om stjerrenkunde, ierdrykskunde en oare wittenskippen te befoarderjen ûnder ‘t Sineeske folk. Sa foarútstribjende ophâlding is faker tsjin te kommen by Jeropeanen, dy’t al sûnt minskeheugnis folle dingen útfûn hiene fanwege harren trochsettingsfermogen om nije feardigens op te dwaan. Dit komt troch harren klam op oplieding en kennis. Sadwaande is der folle gemien mei de tinkwizen tusken de eardere offisier fan ‘t Sineeske Ryk Hung Shing, en de Jeropeanen. Oan Hung Shing syn oanstean op kennis moatte wy wol in foarbyld nimme.

DSC_3740.JPG
Ofbylding: Hung Shing timpel  yn Wanchai. Jammerdearlik is it al tichtgien.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s