Skreaun troch Ken Ho
Wat ús gewoan is, kin wol fernuverjend wêze foar bûtenlanners. Sa kamen wy fanmiddei nei Aberdeen, in stêdsje dat flakby ús hûs is. Dêre foel in Japanske winkel ús ôf, dêr’t de typyske Japanske rysrollen te keap wiene. It hiet “Sushi take out”, sa’t kliïnten de kochte rysrollen, sushi’s, earne hinne meinimme koene. De winkel seach der wol skjin út. Dyami fûn it wol besûnder dat der tige lytste rysrollen wiene mei in bytsje fleis deryn, lykas iel, salm of in bytsje griente, lykas komkommer. Al wiene der sushi’s dy’t al mei-inoar yn harren fiven, seizen of achten yn in kommetsje ferpakte wiene, waarden de kliïnten ek de mooglikens jûn om sels eltse rysrol yn in kommetsje te dwaan. Eltse sushi kostte trije HKD. Hoefolle men de sushi’s keapet, hoefolle men betellet. Dat wie wol wat nijs, om’t wy faak de al ferpakte sushi’s kochten. Sa kochten wy yn totaal njoggen soarten sushi’s, mei elts soart twa yn getol. Se wiene (I) “arkshell” yn it Ingelsk, (ii) brette inketfisk, (iii)Pasiphaeidae, (iv) marinearre hearing, (v) Tilapia, (vi) inketfisk, (vii) Inketfisk mei acht earms, (viii) salm, en (ix) Patinopecten yessoensis. Tegearre mei de japanske beannen (Edamame) en de lytse sushi’s yn ferpakking mei krabfleis deryn, kost alles yn totaal 74 HKD (likernôch 9 Jero)

Mei alle sushi’s giene wy nei in flakby Taiwanske winkel dêr’t kâlde drankjes kocht wurde koene. It hiet Share Tea, in winkel dy’t oeral yn sawol Hongkong as yn Taiwan te finen binne. Inkelde dagen lyn kochten wy ek in drankje dêre yn Taiwan, doe’t wy nei Che Kung Timpel op besite giene. Sa kochten wy de foarige kear kâlde skearde iis mei ierdbeien en Sineeske lychee. No diene wy wol oars en kochten kâlde skearde iis mei Taro en pudding.

De strjitten wiene sa drok dat wy nei in park op in flakby lizzende berch berikke woene. Sa dronken wy de lekkere skearde iis en nommen wy in plastysk sakje fol sushi’s mei doe’t wy de berch klommen. It spriek ús in protte ta dat der net folle minsken yn ‘e park sieten. Sa koene wy fan sawol de stilte as fan ‘e natuer genietsje, dy’t allegear yn ‘e drokke stêden yn Hongkong ûntbrekke. Myn ferlangen nei Fryslân waard allinnich mar grutter!
Yn elts gefal begûn ús feest. Oer it algemien fûn ik de al ferpakte lytse rysrollen lekker. Mei wasabi, de japanske hjitte saus, waard it wol nei in oar nivo fan it genietsjen brocht. De Edamame wie ek wol lekker. Se wiene sûn en koene de stoelgong makkeliker meitsje. Mar ik fûn de achttsjien sushi’s wol wat teloarstellend. Eltse sushi waard ôfsûnderlik ferpakt mei plastysk sakje, wat it iten tige keunstmatich makke. De njoggen soarten fisk wiene ek net fris, beholven iel. Wy hiene der net folle syn oan om alles op te iten, en moasten jammerdearlik de lêste ien of twa sushi’e fuortsmite. Folgjende kear sille we net mear foar sushi’s kieze dy’t elts ferpakt binne troch plastysk sakje!
Doe’t wy fanôf de berch werom delkamen, kochten wy wat fruit by de fruitkreammen. Sa kochten wy (I) twa ponden swarte drúven (31 HKD), (ii) seis lytste appels (10 HKD) en (iii) twa grutte drakenfruit mei read fleis. Al kochten wy faak drakenfruit, hiene wy mar dejinge mei wit fleis preaun. Drakenfruit mei read fleis wiene net allinnich grutter, mar ek soppiger en foljender! Dat ieten wy as ús jûnsmiel en hiene dêrnei gjin honger mear!

Nachts giene wy op syk nei neigerjochten. Sa kamen wy by in winkel yn Ap Lei Cahu dy’t eltse dei fanôf fjouwer oere middeis oant half ien nachts iepen is. Dêre wie in grut ferskaat oan swiete yskes mei âlderhanne fruit te kiezen. Sa hiene wy (I) de bananenboat, en (ii) sûkelade pudding mei koeke-yske yn it midden. De bananenboat waard makke troch trije soarten yskes yn it midden fan in banaan te dwaan. Sa hiene wy yskes yn mango, koeke en sûkelade binnen twa halve lekkere krekt ripe banaan. Mei de sûkelade hagels deromhinne mei swarte, witte, reade en oare klearen, seagen beide neigerjochten tige kleurrike út. Yn totaal kostte alles 63 HKD (likernôch 7 Jero).


