Tillefoangesprek mei in sjoernaliste yn Hongkong op 11 april 2017

Skreaun troch Ken Ho

Us taalprojekt falt yn Hongkong allinnich mar mear op yn ‘e rin fan ‘e tiid. Wy hiene oant no ta twa tillefoangesprekken mei in sjoernaliste dy’t mear witte woe oer ús taalprojekt. Beide gesprekken fûnen jûns pleats.

Op 7 april 2017 hie ik it earste tillefoangesprek mei de sjoernaliste. Dit wie koart en duorre mar fjouwer en halve minuten. Op it lêst sei se mei klam dat dit gjin belofte wie om in ynterview mei ús te dwaan. Doe woe se mar in idee ha oer de Fryske taal en ek myn prestaasje om ús moaie taal yn twa moannen leard te hawwen.

Op 11 april 2017 belde se me alwer en dizze kear hiene wy it wiidweidiger oer myn ûnderfining yn Fryslân yn 2016, myn takomstplan yn Fryslân, en ek Dyami syn ferbliuw yn Hongkong. Benammen woe se mear te kommen witte wat Dyami as doel hie om hjir yn Hongkong foar trije moannen te ferbliuwen. Lykas de foarige kear woe se net de yndruk meitsje dat se echt in ynterview mei ús dwaan woe. Sa woe se mar wat mear ynformaasje fan ús twaën fersammelje om oerwaging te meitsjen.

Hjirbeneden fine je it folsleine ynterview fan hjoed dat likernôch un half oerke duorre is.

F: Fraach (fan har), A: Antwurd (fan my)

F: Kinne je mear fertelle oer je ferbliuw yn Fryslân? En wêr sit eins Fryslân op ‘t kaart?

A: Fryslân is in noardlike provinsje yn Nederlannen. Dêre wurdt it Frysk sprutsen, dat teffens de twadde rykstaal yn ‘e hiele Nederlannen is. Foarich jier yn 2016 ha ik fanôf juni oant septimber west. Dêre learde ik it Frysk yn twa moannen, en ús taalprojekt hie ek folle omtinken fan ‘e Nederlanske media hân. Sa waarden Dyami Millarson, myn freon út Nederlannen, en ik ynterviewe troch kranten (lykas Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant), radio (lykas 3 FM en omrop Fryslân) en tillevyzje (lykas omrop Max foar ‘e programme Tijd voor Max en Hallo Nederlands).

F: Hoe learden je dan it Nederlansk?

A: Ik learde it Nederlansk selsstannich yn Hongkong mei help fan Dyami Millarson fia Skype. Er is tige goed mei útspraak en is teffens redenryk. Sa learde er my it Nederlansk fia live-fideo op Skype. Al praatte er faak yn it Nederlansk en it Ingelsk, hearde er Friezen om him hinne it Frysk praten. Sa waard er ek mei it lûd fan it Frysk bekend. Doe’t ik Dyami syn hûn oankaam, learde er my foaral de útspraak fan it Frysk.

F: Hoe binne jimme yn oanrekken mei-inoar kommen op Skype?

A: It earste kontakt lei ik yn it jier 2012 septimber op mei Dyami Millarson fia Youtube. Doe pleatse hy in fideo derop dêr’t hy oaren de útspraak fan it Latyn learde. Wylst de fideo no al lange tiid fuorthelle is, stie der doedestiidsk Dyami syn gmail addres ûnder. Sa stjoerde ik him in email om myn ynteresse yn it Latyn te melden. Sadwaande ha wy al freonen likernôch fiif jier oanienwei west.

F: Hoesa dat je no safolle belangstelling ha foar ‘e Fryske taal, wylst je oarspronklik ynteresse ha foar it Latyn?

A: Myn ynteresse wie doedestiidsk yn it Ingelsk. Benammen wie ik nei manearen op syk dy’t drege Ingelske wurden ferkearje kin. Sa kam ik faak lange wurde tsjin lykas “procrastination”, “urbanisation” dy’t foar net-memmetaligen dreech te ûnthâlden wêze kinne. Fanwegen de ynfloed dy’t it Frânsk en ek it Latyn op ‘t Ingelsk útoefene hie, wie der wrachtich wurden dy’t ferklearre wurde kinne troch it Latyn. Mar fia en fia kaam ik ta de ynsjoch dat der noch folle Ingelske wurden wiene dy’t by de Latynske taal ûntbrieken. Foaral is der in brekme oan ferklearing foar wurden dy’t te meitsjen mei it deistige libben, lykas “to eat” (ite), “to drink” (drinke) ensfhinne. Sadwaande kaam ik op ‘t spoar fan it Frysk, dat gewoan oan it Ingelsk syn woartel stiet.

F: Wat is no dan je takomstplan nei’t je it Frysk leard ha?

A: Dyami en ik binne no ús ûnderfining yn Fryslân oan it skriuwen. Minsken yn Fryslân ha grutte belangstelling foar myn boek. Dat skriuw ik yn ‘e Fryske taal as earbied oan ‘e moaie werynneringen dy’t ik opdien ha doe’t ik yn Fryslân ferbleau. Boppedat bin ik no in pre-master kursus by de Rijksuniversiteit Groningen oan it folgjen. It is in stúdzje op ôfstân en ik moat in eksamen ôfmeitsje oan ‘e ein mei fan dit jier. It programma dêr’t ik belangstelling yn ha hjit “Multilingualism”. Ik wol benammen minderheidstalen rêden. Sadwaande kies ik dan foar dit programma.

Underwilens ha wy foar ús taalprojekt in webside oprjochte. It hjit OperationX en de link nei ús bloch yn wordpress is https://operationxblog.wordpress.com. Der is ek regelmjittige útdeets op myn persoanlike facebook page, dêr’t ik wichtige opstellen yn ús bloch mei eltsenien diel.

F: Wennet Dyami dan yn ‘eselde provinsje as wêr’t je it programma folgje? 

A: Nee. Dyami wennet yn Ljouwert, Fryslân. Grins (of Groningen yn it Hollansk) is in provinsje dy’t him njonken Fryslân befynt. Al waard der earder in Fryske streektaal sprutsen, dat hjoed de dei weromlutsen wie nei Skiermûntseach, is de provinsje Grins tsjinwurdich jammerdearlik ûnfryske. Ik kies foar de Rijksuniversiteit Groningen gewoan om dy reden dat der gjin universiteit binnen de provinsje Fryslân bestiet.

F: Folget Dyami no ek in oplieding?

A: Ja, Dyami folget no in universtêre oplieding. Dyami studearet no jurisprudinsje by de Iepen Universiteit, dy’t learlingen taliet om thússtúdzje te dwaan. Sa stiet de learlingen frij om eksamen te dwaan. It systeem is folslein oars mei itjinge yn Hongkong. Sadree’t in studint in beskaat oantal kursussen ôfmakke hat, stapt er nei in folgjende kursus oer. De fêste yndieling fan kursussen sa’t it wol yn Hongkong it gefal is, bestiet yn syn Universiteit net. Wichtich om te witten is trouwens dat de Iepen Universiteit in heger oansjen genietet yn Nederlannen. Dat stiet wol yn tsjinstelling mei de Open University yn Hongkong dy’t oer it algemien as minder as oar Universiteiten wat kwaliteit oangiet oansjoen wurdt. De mooglikens dy’t de Iepen Universiteit oanbiedt om thús te studearjen, jout Dyami ek de mooglikens om syn pasje te folgjen, benammen om minderheidstalen te learen en te bestudearjen.

F: Wat is it doel dat Dyami no nei Hongkong ta reisge hat?

A: Dat is foar kulturele útwikseling. By dyami syn hûs en ek yn Fryslân ha ik in protte moaie ûnderfining opdien. Sa kaam ik yn kontakt mei de Fryske taal, kultuer en skiednis. No wol ik myn taalmentor ek in kâns jaan om Hongkong syn kultuer mei te meitsjen en om syn skiednis leare te kennen. It is soart útnûging fan wjerskanten.

F: Praat Dyami no yn it Kantoneesk of it Mandaryn?

A: Mei dizze twa talen kin er him noch net hielendaal rêde, al kin er de lûden fan twa talen goed út-inoar hâlde. Dit is wol in grutte prestaasje, om’t minsken út it westen faak tinke dat alle Sinezen yn it Mandaryn prate. It falt him benammen op hoe’t grut it ferskil it is tusken it Mandaryk en it Kantoneesk. It giet net allinnich om lûden, mar ek wurdenskat. No ferstiet Dyami al ienige wurden yn it Kantoneesk, lykas de opropping ta de jûnsmiel troch myn âlders. Yn ‘e rin fan ‘e tiid sil it him wol slagje.

F: Wat ha jimme west yn Hongkong as ûnderdiel fan syn kulturele útwikseling?

A: Sa ha wy Tin Hau timpel yn Aberdeen, Tin Hau, Sai Kung, Yau Ma Tei besocht. Wy ha ek Hung Shing timpel yn Ap Lei Chau en yn Centraal besocht, al wie de lêste tichtgien doe’t wy oankamen. Somtiden ieten wy yn goedkeape ryssopwinkel en somtiden ieten wy yn djoere restauranten.

F: Oant hokke dei bliuwt Dyami by je yn Hongkong?

A: Er bliuwt by my oant it begjin fan mei fan dit jier.

Op it lêst fertelde de sjoernaliste my dat se ferhalen oan it finen wie oer hoe’t minsken oaren yn Hongkong holpen hiene. Sa drukte se mei klam út dat se noch in oerwaging oan it meitsjen wie of se fierder yngean woe op ús ferhaal. Alles is oant no ta noch net hielendaal dúdlik en der is noch gjin belofte makke.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s