Myn earste erfaring mei wiersizzerij by Wongtaisin-timpel

Skreaun troch Ken Ho
Hjoed giene wy nei de Wongtaisin timpel, de bekendste timpel yn Hongkong. De timpel lûkt minsken oan dy’t goadlike help oproppe wolle om dêrtroch harren winsken wier te meitsjen. Sa reisgen wy dêr middeis mei de metro hinne ôf. De hiele dei troch reint it hard. It joech júst in ekstra dimensje fan sfear oan ús ûnderfining yn ‘e Wongtaisin timpel.
DSC_4044.JPG
Obylding: Sushi take-out yn ‘e metro yn it stasjon Prince Edward. Sa stapten wy yn it tuskenstop út om rysrollen te iten
DSC_4066.JPG
Ofbylding: It stasjon Wongtaisin. Sa komme wy it stasjon oan!
DSC_4090.JPG
Ofbylding: Wongtaisin timpel. Dat it hjoed sa hard reiniget, jout in ekstra sfear oan ús ûnderfining

 

Doe’t wy it stasjon Wongtasin oankamen, dat teffens neamd is nei de flakby lizzende Wongtaisin timpel, wie de timpel krekt tichtgien. It wie om 5 oere jûns. Lokkich wiene oare winkels noch iepen. Se befûnen harren allegear binnen in gebou njonken de timpel. Dêre kamen wy net allinnich winkels tsjin dy’t kersen en oare middels ferkochten dêr’t de leauwenden Goaden mei oanbidde koene, sieten der wol wat wiersizzers tuskenyn. Mei Sineeske wiersizzerij wie ik hielendaal net mei bekend, en ik woe mar ris meidwaan oan Sineeske tradysje. Us ûnderfining wie wol ûnferwachte leuk!
DSC_4119.JPG
Ofbylding: In ôfdieling mei winkels dêr’t kersen en oare dingen kocht wurde kinne om gelok te bringen. Tsjin dizze tiid geane se ticht
DSC_4112.JPG
Ofbylding: Winkels dêr’t kersen en oare dingen kocht wurde kinne om gelok te bringen. Tsjin dizze tiid geane se ticht

Sa kamen wy allegear in lytste keamer yn mei in âlde man sittend by in tafel. Rûnom de keamer hongen Sineesk geneeskundige ôfbyldingen dy’t ferskillende wichtige parten fan ‘e holle, de hannen en it lichem sjen lieten. Sa wiene der ek stânbylden fan Sineeske Goaden lykas Gunyam. Wy fregen nei wat foar tsjinst er oanbea en er liet ús syn tsjinstregelng sjen. As begjinner op dit mêd woene wy wat nijs útprobearje.

DSC_4126.JPG
Ofbylding: It proses fan wiersizzerij. Er frege nei de bertedatum fan Dyami en er skreau it op in papier op nei omrekkening nei it Sineeske kalinder mei help fan in boek
DSC_4175.JPG
Ofbylding: It proses fan wiersizzerij. Mei In skyldpodskyld en fiif munten kin de wiersizzerij útfierd wurde
DSC_4138.JPG
Ofbylding: It proses fan wiersizzerij. De âlde man helle de fiif munten dderút
DSC_4142.JPG
Ofbylding: It proses fan wiersizzerij. Sawol de folchoarde as de side fan ‘e munten moatte goed yn ‘e gaten hâlden wurde
DSC_4147.JPG
Ofbylding: It proses fan wiersizzerij. Sa moat in oar boek rieplachte wurde om derefter te kommen wat de folchoarde en de siden fan ‘e fiif munten betsjutte
DSC_4164 (1).JPG
Ofbylding: It proses fan wiersizzerij. It achtste stik is in goede útslach
卜卦 foarsist, sa lei de man út, de ûntjouwing en op mindere mjitte de útkomst fan in beskate barren. Sa giet it faak om jin leafdesbetrekking, jin rinbaan, jin sûnens, jin betrekking mei jin famylje en freonen ensfh. Sa helle er in skyldpodskyld en fiif munten fan in doaske út. Er frege nei de bertedatum fan Dyami en skreau him op in papier op. Ik lies wol op ‘e papier dat er it westerske kalinderstelsel omrekkene nei de Sineeskenien. Sa brûkte er gjin 19 mei, mar syn oanbelangjende Sineeske sifers. Dan die er de fiif munten de skyld yn. Er die syn eagen ticht. Dan begûn er de skyld te skodzjen. Der waard fris lûd heard doe’t de fiif munten gewoan binnen de skyld draaiden. Op it lêst kaam alles ta stilte. De man liet de fiif munten op ‘e tafel falle. Er naam in boek út in kast en blêdde it troch. Er liet my sjen de betsjutting fan de fiif munten. Sa hiet it achtste stik fan alle stikken dy’t hjirfan útkomme koene. Oer it algemien wie it wol in goede útslach. Sa lei it boek út as folget-
a.) As je in berop oan it útoefenjen binne, dan komme je maklik by in hegere posysje.
b.) As je wat ûndernimme, dan sil it je slagje.
c) As je rûzje mei oaren ha, dan lost it him fansels op.
d.) As je syk binne, wurde je gau sûn.
e.)  As je nei jild freegje, dan krije je dat wol.
f.) As je in houlik oan it plannen binne, dan giet it sûnder twifel goed.
g.) As je saken oan it dwaan binne, sille alle transakjes goed ôfrinne.
h.) As je nei harmony en ienheid fan famylje freegje, dan falt je famylje nea út-inoar.
Dizze acht sinnen binne ferklearingen fan ‘t achtste stik, dat út in soart gedicht bestiet. Om’t it gedicht wat te gizenich is, binne der de boppesteande ferklearingen oan tafoege.
Wat ik by wiersizzerij meimakke hie, oertrof myn ferwachting. Dit is wol in leuke ûnderfining dy’t ik mei oaren graach diele wol!
DSC_4184.JPG
Ofbylding: Wongtaisin timpel fan binnen. It reint minder no
DSC_4194.JPG
Ofbylding: De Wongtaisin timpel. Jammerdearlik is it al tichtgien
DSC_4228.JPG
Ofbylding: Wenhûzen njonken it winkelsintrum Wongtaisin

Nei dit spannende besyk nei de wiersizzer, rûnen wy nei it Wongtaisin winkelsintrum. Dêre bewûnderen wy âlderhannen winkels. Sa ha wy in leuke tiid trochbrocht doe’t wy gewoan winkelen. Sa wiene der supermerkten, restauranten fan ferskillende lannen (Taisk, Shanghaisk, Japansk ensfh), musykskoalle, café, medisinenwinkel, kleanwinkels, húsriedswinkel en noch mear oare winkels. Bûten gie it fluch tsjuster, wylst wy ús der noch net hielendaal fan bewust waarden ear’t wy it grutte winkelsintrum ferlieten.

DSC_4224.JPG
Ofbylding: It Wongtaisin winkelsintrum

 

DSC_4275.JPG
Ofbylding: Moaie seekreeften en oare fisk yn in Sineesk restaurant yn ‘t Wongtaisin winkelsintrum
DSC_4290.JPG
Ofbylding: Produkten fan in Sineeske snoepguodwinkel yn ‘t Wongtaisin winkelsintrum

 

DSC_4302.JPG
Ofbylding: Produkten fan in Japanske húsriedwinkel
DSC_4328.JPG
Ofbylding: De moaie juwielen en sieraden yn in juwielwinkel yn ‘t Wongtaisin winkelsintrum

 

DSC_4352.JPG
Ofbylding: De útgong fan ‘t Wongtaisinwinkelsintrum. Oan’t sjen!
Al waard it folslein tsjuster, wie it mar it begjin fan ús feest. Sa hiene wy sin oan neigerjochten. Underwilens kamen wy de Fungtak park oan, dy’t bekend stie om syn wiermeitsjen fan wichtige struktueren út it Sineeske klassike roman, “de reis nei it Westen.” Sa troffen wy de paradys fan ‘e kening fan apen doe’t wy fierder yngiene. It wie in grutte wetterfal. It makke al folle lawaai fan bûten, en it waard hielendaal ferskuorrend doe’t ik yn it midden fan ‘e trije of fjouwer wetterfallen stie.
Mar it wie wol geastlik tige ferfrissend om dêre te wêzen. It like asof myn siel eefkes skjinmakke waard mei it wetter dat om myn hinne foel. Der wie ek in fontein dy’t krystalpaleis hiet. Dat fûn ik net sa besûnder. Op it lêst bewûndere ik in tige hege beam oan ‘e útgong fan ‘e park. Dat die my tinken oan ‘e Germaanske hege beam dy’t alle njoggen wrâlden mei-inoar ferbynt. It hjit Yggdrasil, en stiet as de wrâldbeam bekend. De wrâldbeam is de boarn fan fieding nei ús wrâld, mar ek nei oare wrâlden fan Goaden, elven en dwergen. Ik fielde my tichteby it sintrum fan alle wrâlden doe’t ik tichtby de hege beam yn ‘e park stie.
DSC_4374.JPG
Ofbylding: Fung Tak Park, in park dy’t bekend stiet om syn struktueren út in Sineesk klassyk boek, “De reis nei it Westen”
DSC_4379.JPG
Ofbylding: Wetterfal yn ‘e Fung Tak Park. Dizze pleats hjit de paradys fan ‘e kening fan ‘e apen

 

DSC_4393.JPG
Ofbylding: De Krystal Paleis yn ‘e Fung Tak Pak
DSC_4394.JPG
Ofbylding: De fjoerberch yn ‘e Fung Tak Park

 

Nei de bewûndering giene wy nei in neigerjochtswinkel. Ik praatte mei de meiwurkster dêre, dy’t my fertelde dat har winkel ferneamd wie om it produkt lavacake. Nijsgjirrich bestelden wy (i) lavacake mei lychee, roas en ierbeien binnen, en froyo (befersen yochert) en (ii) Reinbôge bananenboat mei froyo, (iii) skierde iis mei lychee en roas. Doe’t wy ús iten oan it wachtsjen wiene, naam ik de sfear fan ‘e winkel yn. Sa hongen op ‘e muorre wat musikale ynstrumenten dy’t kliìnten spylje koene. De stoelen en tafel wiene út hout makke, en wiene moai om te sjen. Bylding fan ‘e natuer en ek blommen fan ferskillende soarten wiene op ‘e muorre te sjen. Ik fielde my noflik en praatte mei de meiwurkster oer ús taalprojekt. Benammen praatte ik oer Fryslân, en de media omtinken dat ús projekt krigen hat. De Fryske taal, kultuer en skiednis steane sintraal yn ús projekt. Se fertelde my dat har winkel ek besocht waard troch minsken út oare lannen. It wie in tige leuk gesprek mei har.
DSC_4413.JPG
Ofbylding: Dream Sweet Taste Sweet, In neigerjocht winkel njonken ‘e Fung Tak Park
DSC_4430.JPG
Ofbylding: De menukaart fan ‘e neigerjochtwinkel, Dream Sweet Taste Sweet
DSC_4421.JPG
Ofbylding: De baalje fan ‘e neigerjochtwinkel, Dream Sweet Taste Sweet
DSC_4443.JPG
Ofbylding: It wachtsjen nei de bestelling!
DSC_4467.JPG
Ofbylding: De ynrjochting fan ‘e neigerjochtwinkel, Dream Sweet Taste Sweet
Earstens krigen wy de skierde iis mei lychee en roas te drinken. Mei yochert derboppe wie it drankje tige rjemmich en sêft. It wie tige gaadlik foar ‘t waarme wier. Dan kaam de lavacake mei yochert yske dernjonken. Sadree’t Dyami de hjitte lavacake iepenmakke, floeide alles fan binnenút nei bûten. Wat moai it wie om te sjen! Mei it kâlde yske joech it hjitte bakje in gefoel dat ik nea meimakke hie. Dit woe ik wol grif nochris priuwe. Sa kaam der algau de reinbôge bananenboat. Der sieten karamel mei banaan, sûkelade en kleurrike hagels en ek ierbeiensaus op ‘e yochert ykes. Ik fûn it in bytsje te swiet, al wie it oer it algemien ek lekker. Op it lêst woene wy wat waarms ite, en bestelden wy dús (iv) Wafels mei eskdoarnsjerp en pearse sjem. Twa wafels leine op in swart bord. Ik koe dúdlik de roke fan ‘e hjitte wafel opgean sjen. De eskdoarnsjerp lei om de waffel hinne,wylst de pearse sjem derop. It wie tige folgjend en joech ús wat waarmte nei al dy kâlde gerjochten!
DSC_4446.JPG
Ofbylding: Skierde iis mei lychee en roas en yochert derboppe. It smaakt tige natuerlik en is rjemmich en ferfrissend!
DSC_4471.JPG
Ofbylding: Lavacake mei lychee, roas en ierbeien oan ‘e iene kant, en froyo (befersen yochert) oan ‘e oare kant. Dit is tige lekker.
DSC_4483.JPG
Ofbylding: Reinbôge bananenboat mei froyo. Dit is in bytsje te swiet
DSC_4516.JPG
Ofbylding: Wafels mei eskdoarnsjerp en pearse sjem. It is waarm en folgjend.

 

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s