Hjoed rûnen wy in berch omheech nei in bekende plak yn Hongkong, de Top (The Peak yn it Ingelsk). Sa begûn ús reis yn ‘e Pok Fu Lam Reservoir. Yn it tsjuster rûnen wy nei boppe. It die my wol tinken oan ‘e tiid doe’t ik yn Fryslân wie, it gefoel fan frijheid dy’t de stilte dêre my joech. Sa klommen wy de berch foar in holf oerke ear’t wy de Top oankamen.
Ofbylding: In kaart dy’t we seagen doe’t wy de berch opklommenOfbylding: De top. It is ús slagge!
Ofbylding: It winkelsintrum op ‘e Top
Op it stuit dat wy it winkelsintrum op de Top ynkamen, kamen wy in winkel tsjin dêr’t sûne tee te keap wie. Sa preaune wy de bessentee dy’t de merk Ressa oan te bieden hie. Ik fertelde oan de winkelier, Albert, it media-omtinken dat ús taalprojekt yn Nederlannen krigen hie. Dat kaam troch de prestaasje dat ik it Frysk yn twa moannen leard hie. It Frysk hat alteast in skiednis fan twatûzend jier, en kin folle wurden út it Ingelsk ferklearje. Foaral is de stúdzje fan it Frysk tige foardielich om de skiednis fan it Ingelsk te begripen. It Frysk stiet ommers tichteby syn woartels en sit yn ‘eselde taalgroep, de Anglo-Fryskenien, as it Ingelsk. Sadwaande foarmet it learen fan it Frysk de boustien om it Ingelsk te learen.
Ofbylding: Bessentee. Sa fertelden wy de winkelier oer ús taalprojekt en ek oer it FryskOfbylding: Utstalling yn ‘e winkelsintrum op ‘e Top
Ofbylding: In Sineeske neigerjochtwinkelOfbylding: âlde tillevyzje mei ôfbyldingen fan in Sineeske bekendheid, Bruce Lee
Doe’t wy rûnom it winkelsintrum rûnen, kamen wy in famke tsjin. Sa hiene wy it oer Dyami syn ferbliuw yn Hongkong en ek it Frysk. De Fryske woartel fan it Ingelsk moat werkend wurde. Sa namen wy ek in foto tegearre mei har.
Ofbylding: In famke by de ûtstalling. Wy hiene it oer ús taalprojekt en ek oer ‘e Fryske taalOfbylding: De útstalling fan foto’s yn ‘t winkelsintrum
Opfallend wie it útsjoch fanût it winkelsintrum nei ûnderen. It wie hjoed net sa wazich as oare dagen. Sa krigen wy ek folle te sjen.
Ofbylding: Roltreppen nei de ferjipping mei it útsjoch fanút it winkelsintrum nei ûnderen
Dêrnei giene wy nei in restaurant op syk. Sa kamen wy nei in Amerikaansk restaurant om garnalen te iten. It hiet Bubba Gump Shrimp Co. Dêre waard wat lûde musyk yn ‘e eftergrûn. Sa bestelden wy in gerjocht dat in oarrieder fan it restaurant wie. It bestie út garnalen dy’t yn fjouwer ferskillende manearen taret waarden. Se wiene frituere, en beneden de frituere garnalen sieten ek patat. Fan in tige besûnder gerjocht is der jammerdearlik gjin sprake, al die it my wol tinken oan ‘e Nederlanske patat dy’t ik ea yn Ljouwert by in fiskwinkel preaun hie. Sa wie de Nederlanske fryt tsjokker en foljender as de Franskenien of de Amerikaanskenien. Oan ‘e trije soarten saus dy’t mei de garnalen op ús tafel kamen, hiene wy net safolle sin. Yn elts gefal hiene wy wat meimakke mei de Amerikaanske kultuer.
Ofbylding: It Amerikaanske restaurant, Bubba Gump Schrimp Co
Ofbylding: Amerikaanske sfear
Ofbylding: De Amerikaanske ynrjochting fan Bubba Gump Schrimp Co op ‘e TopOfbylding: De Amerikaanske ynrjochting fan Bubba Gump Schrimp Co op ‘e TopOfbylding: In oanrieder fan ‘t restaurant, de himmel fan garnalen. Jammerdearlik fûnen wy it net sa besûnder
Op ‘e lêst kamen wy nei in neigerjochtwinkel dêr’t we earder west hiene. Yn Fryslân iet ik hast else dei yskes. Foaral hold ik fan ‘t biologyske yske. Sa kochten wy thûs yn Fryslân faak yskesbakjes. Se waammers flúch opmakke. Yn ‘e neigerjochtwinkel bestelden wy (i) watermeloen yn sago en (ii) yske yn koeke mei kokonoat-molke. De earste wie net sa besûnder, al wie de lêste wol lekker.
Ofbylding: Watermeloen mei Sago. It kin noch wat frisser wurde!