Hjoed is in tige besûndere dei. As de beskermer fan seelju hat de Seegoadin Tin hau hast oeral in eigen timpel. Minsken geane dernei ta om nei geunst te freegjen. Se wurdt eins krekt lykas ús famyljelid behannele. En wat kin tinkst noch wichtiger wêze as Tin hau syn jierdei? Neat, hear!
Nei it Sineeske sinnemoannekalinder wurdt Tin hau har jierdeisfeest op ‘e trijeëntweintichste dei fan ‘e tredde moanne fierd. Nei omrekkening fynt de feest yn dit jier pleats op njoggentsien april 2017. Stêden yn ‘e Nije Gebieten lykas Chingyi, Taipo, Sikung en Yuenlong organisearje de meast grutskalige feestfiering foar ús leave Beskermgoadin Tin hau. Sa binne wy fanmiddei nei Yuenlong gien, om sa’n wichtige feest mei te meitsjen.
Op ús wei nei Yuenlong, moasten wy earsten lâns ien fan ‘e universiteiten yn Hongkong rinne. Sa kamen wy by de Hongkong Polytechnic University telâne. Dêre seagen wy folle gebouwen, dy’t my tinken diene oan ‘e Ryskuniversiteit Grins (Yn it Hollansk: Rijksuniversiteit Groningen). No wie ik dwaande mei in taalkundekursus op ôfstân mei dy universiteit, om letter it programma oer meartaligens studearje te kinnen. Op 13 septimber 2016 ha Dyami en ik yn Groningen west. Dêre wennen wy in kursus fan ‘t masterprogramma oer meartaligens by. Yn klasse praatte ik mei jonge Friezen. Ik frege nei de útspraak fan it Klaaifrysk en it Wâldfrysk, om’t de Fryske froulju derwei kamen. Sa fielde ik dat eltse Fryske streektaal fan-inoar hiel oars wiene. Dêrnei praatte ik ek mei immen út de Fryske jongerein ferieninging. Sels nûge er ús twaën út om in evenimint by te wenjen. Wat jammer dat wy it doe sa drok hiene dat wy der net oan dielnimme koene! Ik fyn it prachtich dat der noch hieltitden belangstelling ûnder de jongelju foar it Frysk bestiet. Sa moat dit sa trochgean om mear jongerein hjirby te belûken.
Ofbylding: De foargeval fan ‘e Hongkong Polytechnic University
Wat ús reis nei Yuenlong om de jierdeisfeest fan Tin hau te bewûnderjen oangiet, ha wy eins gelok hân. Al like it derop dat de feestfiering rûnom de doarpen flakby it stasjon Yuenlong hast ophâlden hie, duorre de feest eins noch in oere of twa langer yn doarpen fierderôf. Sa rûnen wy likernôch trittich minuten nei in wat ôflein gebied, dêr’t de jierdeifeest noch grutskalich fierd waard.
Ofbylding: It stasjon Hunghom. Fan hjir ôfoan reizgen wy nei it stasjon Yuenlong om dêre de feestfiering fan ‘e Sineeske Seegoadin Tin hau mei te meitsjen
Ofbylding: It stasjon Yuenlong. Sa binne der moaie keunstwurken boppe ús
Ofbylding: Oeral fol moaie fersiering fanwegen de jierdeifeest fan ‘e Sineeske Seegoadin, Tin hau. Mei-iens nei’t wy de metro fan it stasjon Yuenlong útstapt ha, fiele wy al in feestlike sfear om ús hinne oan
Ofbylding: It lange lichem fan ‘e draak yn in doarpje flakby it stasjon Yuenlong. Sa drage alle minsken fan dit doarpje witte klean en pearse broek, om harrensels te ûnderskieden fan oare stammen yn Yuenlong
Ofbylding: Us twaën foar ‘e holle fan ‘e draak.
Ofbylding: moai fersierde útstalling tawijd oan ‘e Seegoadin Tin hau
Ofbylding: It drakendânsjen yn it ferline om de jierdei fan Tin hau te fieren. Wat nostalgysk, sis!
Ofbylding: De nostalgyske tunnel is wol grif in tsjokke oanrieder fan ús. It befynt him lâns Long Ho Road yn YuenlongOfbylding: Minsken yn griene broeken mei gongen. Sa is it tige lawaaich dêre, al jout it júst in gesellige sfear fan ‘e jierdeifeest fan TinhauOfbylding: Folle minsken ûnder in grutte útstallng. Sa is it sa swier dat minsken mei-inoar gearwurkje moatte
Dêre kamen wy sels yn oanrekken mei de Sineeske keunst om foarspelling foar ‘e takomst te dwaan. Sa stie Dyami foar ‘t stânbyld fan Tin Hau yn in timpel yn ‘t doarp dêr’t har berte fierd waard. Hy hold in houtenfles fol lange stikken fêst en begûn it algau te skodzjen. Alle stikken kenden in nummer. Sadree’t ien stik op ‘e grûn foel, waard it wol begripen dat de Goadin al in antwurd jûn hie op syn fraach. Sa kamen wy by de baalje mei de it stikje, en krigen wy ek in giele papier mei fjouwer Sineeske fersen as Tinhaus antwurd op ús fraach. In frou sittende by in baalje lei de betsjutting fan ‘e fersen út, en wy hiene it ek oer Dyami syn ferbliuw yn Hongkong. Wy sette ús taalprojekt troch yn Hongkong om it belang fan taal, kultuer en skiednis oan it ljocht te bringen. It wie dúdlik dat de frou noch nea oer it Frysk noch Fryslân heard. Dit is mar ien fan ‘e folle foarbylden dat minsken yn Hongkong bewuster makke wurde moatte fan it Frysk. It Frysk stiet oan ‘e woartels fan it Ingelsk, en mei kennis yn it Frysk kin men de skiednis fan it Ingelsk better begripe. Sa ha wy de frou en oare tahearders om ús hinne ferteld oer ús taalproject en it Frysk.
Ofbylding: Nei de feestfiering fan ‘e jierdei fan Tin hau, stappe wy in timpel yn ‘eselde doarpje binnen.
Ofbylding: houtenfles fol stikken skodzje. Sa leit it antwurd fan Tinhau op je fraach oan it stik dat derút falt
Ofbylding: Utlis fan it stik dat de Sineeske Seegoadin Tinhau ús jûn hat. Sa leit in Sineeske frou de dreech te begripen fersen út yn it stik mei nummer fjouwerenfyftich.
Jûns moeten wy twa strjittekeunstners út Amerika mei wa’t wy guon dagen lyn flakby de piers fan it stasjon central kennis makke hiene. Sa spile de man (Mattsol) mei fjoerstokken en de frou (shansveista) yoga. Op dy dei hiene wy fjouweren allegeare drok, sa’t wy mei-inoar ôfsprutsen ha om hjoed fierder te praten. Sa leine wy út hoe’t ús taalprojekt no derút seach en se fertelden ús ek oer harren koart ferbliuw fan likernôch twa wiken yn Hongkong. It wie tige gesellich en wy namen ek folle foto’s yn it mooie restaurant. Dyami en ik lústeren graach nei harren ferhaal, en stiene ûnder ‘e yndrok dat wy ús fjouweren ús dream oan it wiermeitsjen wiene. Fryslân, myn dreamlân.
Ofbylding: Froenlike wurknimster by in italiaanske yskewinkel yn it stasjon Central
Ofbylding: de iepen keuken fan Assaggio trattoria italiana. It is al wat let doe’t wy oankomme. Dús binne wy allegear hast de ienige kliïnten yn it restaurant
Ofbylding: Bôlekoer. Guon bôle binne sêft en guon knapperich. Allegear binne se útstekkend
Ofbylding: Salad mei garnaal en oare seefruchten.
Ofbylding: Us pizza fan fjouwer ferskillende tsiis. It docht my wol weromtinken oan ‘e fryske tsjiis op ‘t waadeilân Skylge
Ofbylding: In oare pizza, Fioerentina, mei folle blêden. De basis is tin en knapperich
Ofbylding: Mattsol, in strjittekeunstner út Amerika, dy’t syn spúl sjen lit. Oant no ta hat er al kursus foar fiif jier organisearre om minsken fjoerkeunst te learen.Ofbylding: Us fjouweren! (Fan lofts) Mattsol, shanslevista, Dyami en ik ha in gesellige jûn hân by it italiaanske restaurant