Us plan foar ‘e takomst

 

Skreaun troch Ken Ho

Dyami Millarson en ik dogge hieltiden nije aktiviteiten foar ús taalprojekt Operation X om op fernijende wize it belang fan taal, kultuer en skiednis oan it ljocht te bringen.

Wannear ik weromkom nei Fryslân wol ik myn sprutsen Aastersk oefenje, it Skiermûnteagersk leare en it Hylpersk leare. Ik wol minsken fan Skiermûnteach kenne leare om mysels it Skiermûnteagersk oan te learen.Ik hoopje dat der minsken fan Skiermûnteach al  mei my kontakt op nimme kinne (kenho811@gmail.com).

Ik wol my hjirnei op ‘e Noardfryske talen rjochtsje dy’t sprutsen wurde yn Dútslân en Denemarken. Dizze wurde troch inkeld sa’n 10,000 minsken yn totaal sprutsen. Folle Noardfryske talen binne tige bedrige en guon binne al útstoarn. As wy ús net ynsette, dan sil itselde barre mei de Fryske talen yn Fryslân: it Klaaifrysk, it Aastersk, it Skiermûnteagersk, en it Hylpersk.

Folle Noardfryske talen binne tige bedrige en guon binne al útstoarn. As wy ús net ynsette, dan sil itselde barre mei de Fryske talen yn Fryslân: it Klaaifrysk, it Aastersk, it Skiermûnteagersk, en it Hylpersk.

Ik wol teffens it Wangereagersk skriuwe leare en sprekke leare. Ik hoopje dat it my slagget. It Wangereagersk is in tige behâldende Fryske eilântaal dy’t ris yn Dútslân sprutsen waard, en foarige ieu útstoarn is. Ik hoopje it Wangereagersk nij libben yn te blazen.

Momenteel oerweage wy om noch nei Taiwan en Tailân te reizgjen foar ús projekt. Us projekt wurdt ynternasjonaal. Dyami wol werom nei Sina komme om troch te gean mei ús ûndersyk yn Azië. Hooplik kin hy dit al dizze simmer dwaan. Ik wol werom komme nei Fryslân foar ús ûndersyk yn Jeropa. Wy binne fan plan om úteinlik nei Dútslân en Denemarken te reizgjen om dêre it Frysk te ûndersykjen.

 

 

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s