Skreaun troch Ken Ho
Fanmiddei reinde it tige hurd. Sa bleaune Dyami Millarson en ik middeis allegear thús. Doe’t ik by it fenster stie en nei it lûd fan ‘e drippen harke, kaam it byld my yn ‘e sin fan myn ferbliuw yn Fryslân. Wylst it waar yn it begjin fan myn oankomst yn Fryslân yn juni 2016 wat waarm en fol sinneskyn wie, reinde it like hurd as hjoed yn ‘e lêste moanne fan ús aventuer. Sa die it reinen fan hjoed my tinken oan ús besite nei in Fryske famylje op 20 augustus 2016 yn Ryptsjerk. De moeting wie tige gesellich en ik stie noch hieltitden ûnder ‘t yndruk fan ‘e Fryske gollens. Op dy dei rûnen wy fanút Dyami syn hûs yn it sintrum fan Ljouwert nei nei Ryptsjerk. Al hiene wy al in dei derfoar wat ferkenning dien, hiene wy net yn rekken hâlden dat it de folgjende dei sa hurd reine soe. Sadwaande waarden wy hast dweiltrochwiet doe’t wy úteinlik it hûs fan ‘t Fryske gesin oankamen. Dêre preaune wy de frisse appeltaart dy’t krekt foar ús besite bakt waard mei lekkere appels yn it Fryske gesin syn tún. Fierder hiene wy ek in leuke tiid hân mei in tige freonlike en enerzjike hûn by harren. Op it lêst krige ik sels in fles prúnsjem dy’t troch de famylje makke waard. Wat taastte it my yn ‘t moed! Dit is my noch hieltiden yn ‘t sin en ik bin harren tige tankber foar al dit moaie oantinken.
Jûns begûn it reinen minder hurd te wurden. Sa giene wy nei bûten om jûnsmiel te iten. Ear’t wy it Taiske restaurant oankommen wiene, kochten wy in kâld mangodrankje. Yn it Taiske restaurant bestelden wy in tige grut board mei âlderhannen seefruchten. Sa wiene der garnalen, aaien, skelpen, moksels, inketfisk ensfh. Dan kaam it Taiske sop, Tom Yum Goon, fan boppe skonken nei it board. It seach der prachtich út. De sop wie hjit en soer, sa’t ik der folle ytlust fan krige. Wy bestelden ek in hiele kokonoat en in kokonoatdrankje foar ús allebei. Tegearre mei roti, de yndiaanske bakte knapperige bôle, waard it Taisk iten folmakke.
Ofbylding: It Taiske restaurant, Thai on 5.

Ofbylding: It stuit dat de lekkere soere en hjitte sop Tom Yum Goon yn it board fol seefruchten skonken wurdt. It sjocht der prachtich út, hear!


