Skreaun troch Dyami Millarson
Der sei der ien online dat Ken Ho mar better it Dútsk leare koe as it Standertfrysk of de Fryske streektalen. Dêr binne wy it natuerlik net mei iens en wol hjirom: In taal is mear as it oantal minsken dat dy taal prate. Nammentlik is it Frysk ek in kultuer dy’t mei de taal ferbûn is. Do learst in taal dus om de minsken dy’t it prate, net allinne om it oantal minsken dy’t it prate. It soe ek absurd wêze as it oantal it iennichste is dat telt. It giet om de minsken sels, net harren oantal; it giet om har kultuer en skiednis.
De Nederlânske oerheid wol dat bûtenlanners de Hollânske taal leare. Dit is wêrom’t nijkommers it “basisexamen inburgering voor het buitenland” en it “inburgeringsexamen” ôflizze moatte. Ús eigen miening oft dizze eksamens wol goed binne foar’t it gruttere doel om de Hollânske taal oer te bringen op nij minsken, dêr giet it no net om. Wat no belangryk is om oer nei te tinken is dit punt: It Nederlânske folk, foaral har oerheid, fynt de Hollânske taal sa wichtich foar har kultuer en skiednis dat hja ferlangje dat nijkommers dizze taal leare.
Dêrom docht it Frysk der ek ta. It giet net allinne om it oantal. Minsken moatte net te folle op getallen rjochtje wannear’t it om minsken giet. We prate oer unieke individuën en as in groepke fan soks unieke minsken in eigen taal prate, dan is dat bewûnnerensweardich en dan moatte oaren dêr gewoan respekt foar ha. Dit is wat Ken Ho en ik fine om’t wy ynsjogge dat taal mear is as it oantal sprekkers allinne. Krekt om’t wy ús ynteressearje foar ‘e Fryske streektalen, komme wy ta nije ynsjoggen.
It giet net om de kwantiteit, mar it giet om de kwaliteit.