Skreaun troch Dyami Millarson
Froeger fûn ik it wol aardich om Wat & Hoe taalgidsen te keapjen, mar ik ha der einliks nea brûk fan makke. Ik lies der wol graach yn foar de aardichheid mar mear ek net. It joech my in soart fakânsjegefoel. Wannear ik my net sa lekker fielde, dan koe ik gewoan in Wat & Hoe taalgids derby pakke en deryn lêze lykas it in roman wie. Natuerlik hold ik doedestiids al safolle fan taal dat ik gewoan yn myn dreamen ferdwine koe tusken al dy frjemde sinnen en wurden. It gie my om it gefoel.
Asto echt in taal leare wolst lykas it Frysk of Sweedsk of Dútsk, dan ried ik Wat & Hoe taalgidsen net oan. Dy binne gewoan foar it fakânsjegefoel. It binne loftige boekjes, mar ik fyn se net sa praktysk om in frjemde taal te learen. It is better om bygelyks gewoan tillevyzje te sjen mei ûndertiteling yn de taal fan dyn foarkar. Ik sjoch faaks Koreäanske drama’s mei ûndertiteling yn frjemde talen. Do kinst ek ienfâldige boeken lêze of Wikipedy-artikels lêze yn de taal dy’tsto leare wolst. Dan kinst natuerlik ek noch de Bibel, De Lytse Prins of in oar fertaald wurk lêze dêrmei’tsto goed bekind bist.