Skreaun troch Dyami Millarson
Der is in tige âlde Germaanske tradysje yn Sweden: de beskermbeam op it buorrelânskip. De Sweedske buorlju leauwe fanâlds dat dizze beam, dy’t se yn harren taal in vårdträd neame, gelok jout. De beskermbeam, dy’t lok jout oan de buorlju en dus it lân fruchtber makket, is faaks in tige âlde beam dêr’t de Sweedske buorlju al generaasjes lang in bysûndere bân mei opboud ha. Dêrom jouwe de buorlju fanâlds offers oan de beskermbeam as bewiis foar harren tankberens. Dizze offers helpe ek tsjin sykte ûnder de minsken en tsjin oar ûngelok. De beskermbeam hat dus in sintrale plak ûnder de tradysjonele buorlju. Dêrom ha Sweden ek faaks efternammen dy’t ús te tinken dogge oan de beskermbeam.